Dwerchgriltsje
| Dwerchgriltsje | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Calidris minutilla | ||||||||||||
| Vieillot, 1819 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It dwerchgriltsje (Calidris minutilla) is in steltrinner en de lytste soarte yn 'e famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae). De fûgel briedt yn it noarden fan Noard-Amearika en oerwinteret fan it suden fan 'e Feriene Steaten oant yn it suden fan Súd-Amearika. Yn Jeropa wurdt de fûgel mar komselden waarnommen, al binne der waarnimmings bekend. De soarte nimt yn oantal ôf, mar de populaasje wurdt noch altyd as 'net bedrige' beskôge.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dwerchgriltsje is, sa't de namme al seit, in tige lytse gril. De fûgel is mar 13 oant 14,5 sm lang en hat in rûn lichem, relatyf koarte wjukken, middelgrutte poaten en in licht nei ûnderen bûge snaffel mei in tinne punt. De soarte is fan alle oare tige lytse steltrinners (útsein it Eastaziatyske langteangriltsje) te ûnderskieden troch de ljochte poaten (grien- of gieleftich) en it ûntbrekken fan in wjukpunt-projeksje (de wjuk komt net foarby de sturt). Oars as by it langteangriltsje is de boarsttekening tichter, diziger en bruner, binne de teannen koarter, is de foarholle ljochter, binne de snaffel en de team donker en is de eachstreek minder ûntwikkele.
Yn it simmerkleed hat it dwerchgriltsje in rêch mei readbrune rânen; winterdeis is de fûgel griis mei in skobbich uterlik. Jonge fûgels binne dúdliker en mear rustbrún tekene. Yn 'e flecht is de foar in soad lytse steltrinners typyske wite stút mei in swarte middenstreek te sjen.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dwerchgriltsje is in trekfûgel dy't briedt op de eastlike Aleoeten, yn Alaska, arktysk Kanada en Nij-Fûnlân. De fûgel oerwinteret fan 'e kustgebieten yn it suden fan 'e Feriene Steaten oant yn it suden fan Súd-Amearika. Eastlike briedfûgels fleane nei alle gedachten yn ien kear troch fan Nij-Ingelân nei de oerwinteringsgebieten yn it noardeasten fan Súd-Amearika, in ôfstân fan 3.000 oant 4.000 kilometer.
De fûgel is in dwaalgast yn Jeropa, mei bygelyks mear as 40 waarnimmings yn Grut-Brittanje. De meast besibbe soarten binne – nettsjinsteande de oerienkomst mei it langteangriltsje – de readkielgril (Calidris ruficollis) en de bonapartegril (Calidris fuscicollis) .
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It dwerchgriltsje briedt op 'e tûndra en yn boreale bosken oer de noardlikste dielen fan Noard-Amearika, yn kustgebieten, sompen en greiden. Yn it súdlikste diel fan it ferspriedingsgebiet, yn Nova Scotia en Britsk-Kolumbia, briede se ek yn dunen. Op 'e trek hâldt de fûgel him op by de kust, sawol op waadflakten as rotsige stikken, mar ek yn it binnenlân by fochtige greiden, oan iggen fa marren en sleatten. Yn 'e oerwinteringsgebieten wurde se yn mangrovebosken, sompen, tijgebieten, lagunen en by marren, dammen en rivieren sjoen.
De fûgel yt benammen ynsekten en oare wringeleaze bisten, lykas kreefteftigen, seeluzen, slakken, wetterflieën, miggen en krobben. It mantsje begjint mei it bouwen fan it nêst troch in flak plakje op 'e grûn te meitsjen. It wyfke beklaait it nêst mei wat deade begroeiïng en hja leit dêr trije oant fjouwer aaien yn, dy't troch beide âlden yn 19 oant 23 dagen útbret wurde; it wyfke sit nachts te brieden en it mantsje it grutste part fan 'e dei.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dwerchgriltsje is in tige algemiene steltrinner mei in populaasje dy't rûsd wurdt op fiif oant 15 miljoen folwoeksen fûgels. De oantallen rinne lykwols tebek, sa bot dat de soarte sûnt 2024 troch de IUCN as "gefoelich" (Near Threatened) klassifisearre wurdt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Gril
- Lânseigen fauna yn Anguilla
- Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda
- Lânseigen fauna yn Arûba
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn Barbados
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bermuda
- Lânseigen fauna yn Bonêre
- Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius
- Lânseigen fauna yn Saba
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Kurasau
- Lânseigen fauna yn Dominika
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Grenada
- Lânseigen fauna yn Gûadelûp
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Jamaika
- Lânseigen fauna yn Martinyk
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Montserrat
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Sint-Marten
- Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy
- Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis
- Lânseigen fauna yn Sint-Lusia
- Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon
- Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen
- Lânseigen fauna yn de Galapagoseilannen
- Lânseigen fauna yn Alaska

