Dwerchgrûndoke
| Dwerchgrûndoke | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Columbina minuta | ||||||||||||
| Linnaeus, 1766 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It dwerchgrûndoke (Columbina minuta) is in fûgelsoarte yn it skaai lytse grûndowen (Columbina) út de famylje dowen (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel wurdt 15 sm lang en is trochstrings wat lytser as de oare soarten yn it skaai. It is sels ien fan 'e lytse dowen wat gewicht oanbelanget. De kleur fan 'e fearren is te ferlykjen mei dy fan 'e moskdoke, mar hy mist de swarte plakken oan 'e kanten fan 'e nekke en op it boarst.
It fearrekleed op 'e kop en nekke is blaugriis. It boppeliif is dof griisbrún. De wjukken binne wat reader. It ûnderliif is ljocht wynread. De snaffel is swart. De poatsjes binne rôzich. De ferskillen tusken mantsjes en wyfkes binne lyts.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dwerchgrûndokes komme yn Midden- en Súd-Amearika foar. Der wurde fjouwer ûndersoarten erkend:
Columbina minuta interrupta: fan súdlik Meksiko oant Belize, Gûatemala en Nikaragûa. Columbina minuta elaeodes: fan Kosta Rika oant it westlike diel fan Sintraal-Kolombia. Columbina minuta minuta: fan eastlik Kolombia en Fenezuëla oer de Guyana's oant súdlik Brazylje en noardeastlik Argentynje. Columbina minuta mazilia: súdwestlik Ekwador en noardwestlik Perû.
Dwerchgrûndokes ha in foarkar foar in drûch lânskip, lykas savannes en tropysk en subtropysk gerslân mei strûken of swier degradearre bosken. Se binne yn 'e regel te finen yn leechlân, minder op heuvels en selden oant 2.100 m hichte.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Oerdeis bliuwt de dwerchdo op 'e grûn en rint ynstee fan te fleanen. Nachts sliept er lykwols yn beammen. Syn dieet bestiet út sied. It briedseizoen hinget fan it gebiet ôf dêr't er libbet. Yn Fenezuëla bygelyks briedt it doke it hiele jier troch. De pyk fan it briedseizoen is lykwols fan april oant novimber. It nêst is kwetsber en wurdt op 'e grûn of leech yn strewelleguod boud. In lechsel bestiet út twa wite aaikes. De ynkubaasjetiid is 13 oant 14 dagen. De jongen kinne nei 12 oant 14 dagen útfleane.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje waard yn 2016 tusken 0,5 oant 5 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige (KCn 2020) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Lytse grûndo
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Belize
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn El Salvador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Gûatemala
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Hondoeras
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Nikaragûa
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
