Dwerchearnen
| Dwerchearnen | ||
| De (gewoane) dwerchearn (Hieraaetus pennatus) is de typesoarte fan it skaai. | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
| famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
| skaai: | dwerchearnen (Hieraaetus) | |
| Kaup, 1844 | ||
De dwerchearnen (Hieraaetus) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It skaai bestiet hjoed-de-dei út fiif libbene soarten en ien ferneamde útstoarne soarte. It skaai hat in grutte fersprieding en komt foar yn Europa, Afrika, Aazje en Oseaanje.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas de namme seit, heart in grut part fan 'e soarten fan it skaai ta de lytsere earnen. Dochs binne it krêftige rôffûgels mei in stevige bou. Se hawwe relatyf lange, smelle wjukken en in rjochthoekige sturt, wermei't in rappe flecht mooglik is. Harren poaten binne oant de teannen ta befearre. De ferskillende soarten fariearje sterker yn grutte as by de measte oare earneskaaien; de útstoarne Haastearn fan Nij-Seelân wie sels de grutste earn dy't, foar sa fier bekend is, ea libbe hat.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dwerchearnen wurde yn ferskillende soarten lânskippen oantroffen, fan tichte bosken en savannes oant iepen dellingen en bercheftige gebieten. Hja jeie faak fanút de loft wei mei in flugge dûkflucht, mar ek fanút in sitplak yn in beam. Harren proai bestiet foar it meastepart út lytse oant middelgrutte fûgels, hagedissen en lytse sûchdieren (lykas kninen en kjifdieren). It binne trekfûgels (lykas de gewoane dwerchearn dy't yn Afrika oerwintert) of stânfûgels, ôfhinklik fan 'e regio dêr't se briede.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer de systematyk fan it skaai Hieraaetus hat lange tiid diskusje west en is nau ferweve mei it skaai Aquila. Nei grutskalich DNA-ûndersyk yn it begjin fan 'e 21e iuw is de yndieling drastysk feroare. In oantal soarten (lykas de haukearn (Aquila fasciata) en de Wahlbergearn) binne hinne en wer ferhûze tusken dizze twa skaaien om derfoar te soargjen dat de groepen monofiletysk binne. De measte wittenskiplike autoriteiten oardielje hjoed-de-dei dat dizze seis soarten de kearn fan it skaai foarmje.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | IUCN-status |
|---|---|---|---|---|
| Ayreshaukearn | Hieraaetus ayresii | Afrika besuden de Sahara | net bedrige[1] | |
| Australyske dwerchearn | Hieraaetus morphnoides | Austraalje | net bedrige[2] | |
| Dwerchearn | Hieraaetus pennatus | Súd-Europa, Noard-Afrika en Sintraal-Aazje; oerwinteret yn Afrika en Yndia | net bedrige[3] | |
| Haastearn | Hieraaetus moorei † | Nij-Seelân | útstoarn[4] | |
| Papoeadwerchearn | Hieraaetus weiskei | Nij-Guineä | net bedrige[5] | |
| Wahlbergearn | Hieraaetus wahlbergi | Afrika besuden de Sahara | net bedrige[6] |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
