Dwerchearn
| Dwerchearn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Hieraaetus pennatus | ||||||||||||
| (Gmelin, 1788) | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel wintergast trekfûgel |
De dwerchearn (Hieraaetus pennatus, synonym: Aquila pennata) is in fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is 46 oant 52 sentimeter lang en hat in spanwiidte fan 110 oant 135 sentimeter, wat sawat it formaat fan in mûzefalk is. Yn 'e flecht lykje de wjukken lykwols folle rjochthoekiger en hawwe se dúdlike "fingers" (slachpinnen) oan 'e úteinen lykas by de gruttere earnen.

De dwerchearn is tige fariabel fan kleur en hat in ljochte en in donkere foarm. De measte fûgels fertsjintwurdigje de ljochte foarm. De ûnderkant fan 'e romp en de foarste helte fan 'e wjukken (de wjukdekfearren) binne hiel ljocht, fariearjend fan krêmwyt oant ljochtgriis. De slachpinnen binne donkergriis oant swart. De kop en de rêch binne ljochtbrún en op 'e skouders sitte faak twa opfallende ljochte, hast wite plakken.
De donkere foarm is fan ûnder hast hielendal donker en de romp en de wjukdekfearren binne donkerbrún oant readbrún. Der rint in noch donkerder brede bân oer de midden fan 'e wjukken. Opfallend is dat de fingers oan 'e úteinen faak wer wat ljochter lykje. Fan boppe is dizze foarm hast folslein donkerbrún lykas de gewoane mûzefalk, mar dan mei in folslein befearre "broek" oan 'e poaten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dwerchearnen komme foar yn Súd- en East-Europa. Bûten Europa libje se yn Lyts-Aazje en fierder nei West- en Sintraal-Aazje oant yn Mongoalje en West-Sina. It is foar it grutste part in trekfûgel dy't winterdeis nei it suden lûkt, rjochting Afrika besuden de Sahara of it Yndyske subkontinent. Yn Súd-Afrika libbet in aparte populaasje dy't dêr it hiele jier troch bliuwt (stânfûgels).
It leefgebiet bestiet út mingde leaf- en dinnebosken dy't grinzgje oan grutte iepen flakten, yn heuvellânskippen en bergen. Se libje oant 2000 meter op 'e Balkan, 2700 meter yn Noard-Afrika en sels oant 3000 meter yn it Himalayaberchtme.
Foarkommen yn West-Europa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn West- en Noard-Jeropa is de dwerchearn in swalker. Yn 1995 hat foar it earst in pearke bret yn Dútslân. Yn Nederlân wurdt de dwerchearn sûnt 1992 hast alle jierren waarnommen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dwerchearn wurdt ûnderferdield yn fjouwer erkende ûndersoarten:
- Hieraaetus pennatus harterti (Sushkin, 1906) – komt foar yn Sintraal-Aazje, fan Kazachstan oant Mongoalje en East-Sina.
- Hieraaetus pennatus milvoides (Jerdon, 1939) – komt foar yn it Yndyske subkontinent en omlizzende gebieten.
- Hieraaetus pennatus minisculus (Clancey, 1980) – in aparte populaasje fan stânfûgels dy't foarkomt yn Súd-Afrika.
- Hieraaetus pennatus pennatus (Gmelin, 1788) – de nominaatfoarm; briedt yn Súd-Europa, Noard-Afrika en West-Aazje en oerwinteret benammen yn Afrika besuden de Sahara.
De ferskillen tusken de ûndersoarten ha fral mei de grutte en de fersprieding te meitsjen. Yn it gefal fan 'e Súdafrikaanske ûndersoare spilet ek it trekgedrach in rol. Alle ûndersoarten ha sawol in ljochte as in donkere foarm. Dat is in genetyske fariaasje dy't by alle populaasjes foarkomt.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dwerchearn yt fûgels en lytse sûchdieren. De proaien wurde yn in tige rappe dûkflecht fanút de loft grepen.
Ein april of begjin maaie leit it wyfke meastentiids twa aaien. De aaien binne wyt fan kleur mei wat ljochtbrune of grize plakken. It brieden duorret 37 oant 40 dagen. It wyfke nimt it grutste part fan it brieden foar har rekken en it mantsje jaget op 'e proaien en bringt it iten nei it nêst ta. As de jongen út it aai komme, bliuwt it wyfke de earste pear wiken op it nêst om de piken waarm te hâlden en te fuorjen mei it iten dat it mantsje bringt. Nei likernôch 50 oant 54 dagen (ein july of begjin augustus) fleane de jonge fûgels út. Hja wurde dêrnei noch twa oant trije wiken troch de âlden fuorre.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De dwerchearn hat in grut ferspriedingsgebiet en dêrtroch is de kâns op útstjerren hiel lyts. De Europeeske populaasje wurdt op 23.300 oant 30.300 pearkes rûsd, wat op 46.600 oant 60.500 folwoeksen fûgels delkomt (BirdLife International). Rûchwei foarmet Europa 31% fan it totale ferspriedingsgebiet. Op basis dêrfan wurdt útgien fan in totale wrâldpopulaasje fan 150.000 oant 195.000 folwoeksen fûgels, al is der fierder ûndersyk nedich. De Noardafrikaanske populaasje wurdt rûsd op likernôch 10.000 pearkes (20.000 folwoeksen fûgels).
Oannommen wurdt dat de trend fan 'e populaasje stabyl is. De IUCN kategorisearret de dwerchearn dêrom as net bedrige (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Dwerchearn
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Tailân
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
