Springe nei ynhâld

Dirk Philips

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Durk Philips)
Dirk Philips
persoanlike bysûnderheden
berne1504
berteplakLjouwert
stoarn1568
stjerplakEmden
wurkpaad
berop/amtTeolooch
aktyf asAnabaptistysk âlderling

Dirk Philips (Ljouwert, 1504 - Emden, 1568) wie, tegearre mei syn broer Obbe Philips, ien fan 'e earste lieders fan 'e Nederlânske en Noard-Dútske Anabaptistyske beweging. Tegearre mei syn broer en Minne Simens waard Dirk Philips ien fan 'e mei-oprjochters fan 'e minnisten. Hy wie ien fan de wichtichste lieders dy't de doperske beweging yn de noardlike Nederlannen yn rêstiger farwetter brocht nei it mislearjen fan it Munsterske ryk fan Jan Matthijs en Jan fan Leien.

Dirk Philips wie de soan fan in katolyk preester en kaam fia syn âldere broer Obbe ûnder ynfloed fan de preek fan it tûzenjierrich ryk troch Melchior Hoffman. Om 1534 hinne waard er doopt en al koart dêrnei, yn 1535, oansteld as âldste. Oars as in soad oare dopersen beskôgen Obbe en Durk de komst fan it tûzenjierrich ryk as in geastlik en net as in wrâldlik barren. Sy wiisden it geweld ôf wêrmei't Jan Matthijs en Jan fan Leien dit ryk konkreet yn Munster stal jaan woene. Nei de ûndergong fan it Munsterske ryk waarden se twongen om te flechtsjen en laten se in reizgjend bestean. Durk wurke yn dy snuorje in soad op mei de pastoar Menno Simons dy't troch syn broer doopt wie, en dy't doe de wichtichste lieder fan `e dopersken waard. Om 1545 hinne kaam Durk út it skaad fan Menno en waard er ien fan de wichtichste bestriders fan it spiritualisme yn doperske rûnten. Hy polemisearre yn godstsjinstpetearen en boeken ûnder oare tsjin Adam Pastor en Sebastiaan Franck.

Yn Dirk Philips syn eigen opfettingen binne lykwols ek spiritualistyske trekken te finen, bygelyks yn syn fyzje op de sakraminten doop en jûnsmiel dy't er as symboalen beskôge dy't ferwiisden nei in geastlike werklikheid en net as genedemiddels. Hy fette syn ûnderskate teologyske en etyske skriften yn 1564 gear yn Enchiridion, in boek dat lange tiid in soad gesach hie ûnder konservative minnisten, lykas de Alde Flamingen en ek noch altyd by de amish.

Durk wie stranger as Menno en wie yn 1554 op it konvint fan Wismar belutsen by it strafber meitsjen mei de ban fan de 'bûtentrou', it boaskjen mei in net-doperske partner, en it mijen fan it houlik, it ferbod op omgong mei in troch de ban troffen man. Syn meiwurking yn 1565 oan it beslút om de âldste Leenaert Bouwens (1515-1582), dy't noch strikter de tsjerklike tucht tapasse woe as hysels, tydlik út it amt te setten late ta in splitsing fan de menisten yn de Lege Lannen yn Fryske en Flaamske gemeenten. It gefolch wie dat de hardliner Dirk Philips dêrtroch yn it kamp fan de mear skaplike Flamingen telâne kaam. Hoewol't er stribbe nei in sa suver mooglike gemeente, wiisde er de gedachte dat de gemeente folmakke wêze moast ôf.

Sûnt 1550 wenne er foaral yn Danzig, dêr't doe al in protte Nederlânske Minnisten wiene.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • A. de Groot Dirk Philips, yn: Biografisch Lexicon voor de Geschiedenis van het Nederlandse Protestantisme 4 (Kampen: Kok, 1998), s. 119-121.
  • Nanne van der Zijpp, Dirk Philips, yn: Global Anabaptist Mennonite Encyclopaedia Online (1956)