Durk I
| Durk I fan Fryslân Durk fan Kinmerlân | ||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| Libben | ||||||||
|
||||||||
| houlik | ||||||||
|
||||||||
| Greve fan West-Frisia | ||||||||
|
||||||||
| Gerulfingen |
Durk I fan Fryslân (Thidericus Fresonie, ek wol Diderik neamd; likernôch 875 - 923 of 939) wie in Fryske greve út de earste helte fan de 10e iuw.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Durk bestjoerde nei de dea fan syn heit Gerulf it goa greefskip Kinmerlân en it gebiet oan de mûning fan de Ryn yn West-Frisia.
Fan greve Durk is allinnich bekend dat er syn macht fierder útwreide hat yn West-Frisia. Yn 922 krige er fan de Frânske kening Karel de Ienfâldige nije besittingen tawiisd by Egmond, dêr't er letter in abdij stiften hat, de Abdij fan Egmond.
Betiizjende boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kin wêze dat der ferskillende greven west ha mei de namme Durk en dat dy nammen dan gearfoege binne ta Durk I. Dat is goed mooglik, om't yn dy tiid nea oer in Durk de safolste praat waard, mar gewoan oer greve Durk. De skiednis fan de earste greve fan West-Frisia (Hollân) is net earder as 1290 foar it earst troch Melis Stoke opskreaun. De skriuwer brûkte teksten dy’t troch muontsen fan de Abdij fan Egmond kamen. Omdat de muontsen pas ûnder it regear fan Durk II de nonnen ferfongen moat men derfan út gean dat de ynformaasje op dy (no fergiene) dokuminten, troch oerlevering ûntstien is.
Neffens in Akte datearre op 922/ 923 soe Durk I nei in regearperioade fan 40 jier ferstoarn wêze. Dat soe betsjutte dat er Gerulf yn 882 opfolge hawwe soe. It stiet lykwols fêst dat Gerulf yn 889 noch in goed yn eigendom krige. Gerulf is nei alle gedachten yn 895 of 896 ferstoarn.
Durk I bis (rûn 89? - 939)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fêst stiet dat Durk II yn 988 ferstoarn is. As Durk II syn heit al yn 923 opfolge, dan soe dat betsjutte dat er net minder as 65 jier oan it regear stien hat. Dat is net sa hiele mooglik. Dêrom gean histoarisy dêr fan út dat der noch in Durk west hat mei de namme Durk I bis. Der is gjin boarne fan dy Durk dy’t dat befêstigje kin. D.J. Henstra oppenearre lykwols, troch in berekkening, dat it mooglik is dat Durk II wol wis de soan fan Durk I is, en dat dy de soan fan Gerulf is.[1]
Durk I soe troud wêze mei Gerberga fan Hamalân. Mooglik wie hy yn 939 belutsen by de Loataringske Opstân tsjin de Dútske kening Otto I. Hy soe dan by dy opstân yn de slach by Andernach begjin oktober 939 sneuvele wêze moatte.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Durk boaske (yn 928?) Gerberga (Geva), dochter fan Meginhard IV fan Hamalân, soan fan Everhard Saxo (y't yn 898 fermoarde waard troch Durk syn broer Waltger![2]), en opfolger fan syn heit as greve fan Hamalân en hartoch fan Fryslân. Meginhard wie lid fan de delegaasje fan Hindrik de Fûgelder by dy syn moeting mei Karel de Ienfâldige yn 921. Durk en Geva hiene in soann, Durk II, opfolger fan syn heit as greve fan it westen fan Fryslân. Durk I moat ek in soan Gerulf (II) hân hawwe, dy't as jongfeint deade waard foar it ferstjerren fan syn heit. Der wurdt oannommen dat er de âldere broer fan Durk II wie.[3]
Durk en Gerberga binne alletwa yn de abdij fan Egmond begroeven.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Literatuer
Noaten
|