Springe nei ynhâld

Duncan McNaughton

Ut Wikipedy
Duncan McNaughton
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDuncan Anderson McNaughton
nasjonaliteit Kanadeesk
bertedatum7 desimber 1910
berteplakCornwall
stjerdatum15 jannewaris 1998
stjerplakAustin flagge fan de Feriene Steaten
etnisiteit Skotsk
sportive ynformaasje
sportAtletyk
ûnderdielHeechspringe
O.S.Los Angeles 1932
debút1930
karriêre-ein1933
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932

Duncan Anderson McNaughton (Cornwall, Ontario, 7 desimber 1910 - Austin, Feriene Steaten, 15 jannewaris 1998) wie in Kanadeesk heechspringer.

Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Mei noch trije oare dielnimmers kaam er út op 1.97 meter. Yn de beslissende ronde slagge gjin fan de dielnimmers deryn om 2.00 of 1.99 meter heech te springen, mar yn tsjinstelling ta de oaren slagge McNaughton deryn om syn prestaasje fan 1,97 meter te werheljen en waard yn Los Angeles Olympysk kampioen.

Yn 1933 studearre er ôf as geolooch en hold er op mei de wedstriidsport. Yn 1935 helle er in master oan it California Institute of Technology. Yn'e Twadde Wrâldkriich tsjinne er by de Keninklike Kanadeeske loftmacht (RCAF). Nei de kriich promovearre er yn de geology oan de University of Southern California en wie dêr ek assistint-professor yn de geology. McNaughton holp letter by it yn gong setten fan ûndersyk nei oalje en gas yn it Amadeus Basin yn sintraal Austraalje en Palm Valley in delling yn noardlik Austraalje.
Duncan McNaughton ferstoar op 15 jannewaris 1998, yn 'e âldens fan 87 jier

Boarnen, noaten en/as referinsjes: