Duncan IV MacDuff, greve fan Fife

Ut Wikipedy
Donald IV MacDuff fan Fife
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 1289
berteplak Fife (Skotlân)
stjerdatum 1353
stjerplak Fife? (Skotlân)
dynasty Hûs MacDuff
etnisiteit Skotsk
Normandysk
Ingelsk
greve fan Fife
amtsperioade 12891353
foargonger Duncan III
opfolger Isabella
beskermhear fan Skotlân
amtsperioade 13?? – 13??

Donald IV MacDuff, greve fan Fife (Skotsk-Gaelysk: Donnchadh a Fìobha; Fife (Skotlân), 1289 – dêre?, 1353) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Ek moat er in skoftke beskermhear fan Skotlân (oftewol regint) west hawwe, mar wannear, dat is net oerlevere. Duncan MacDuff wie de op ien nei lêste Gaelyske hearsker oer de krite Fife; mei syn dochter Isabella stoar de line fan 'e MacDuff-greven yn 1371 út.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Duncan waard ein 1289 berne, itselde jiers dat syn heit Duncan III fermoarde waard. Hy urf sadwaande syn greefskip al as poppe. Syn mem wie Jehanna fan Clare, in dochter fan 'e Ingelske ealman Gilbert fan Clare, 6e greve fan Hertford. Hoewol't de MacDuff-greven fan Fife tradisjoneel it rjocht hiene om by de kroaning fan 'e keningen fan Skotlân de kroan op 'e holle fan 'e monarch te pleatsen, moast Duncan fanwegen syn jonkheid by de kroaning fan Jan fan Balliol, yn 1292, syn plak ôfstean oan 'e ridder Jan fan St. John. Yn 1306, ûnder de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, miste er ek de kroaning fan Robert I fan Skotlân, om't er doedestiden fêstholden waard yn Ingelân. By dy gelegenheid easke syn âldere suster Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan, it rjocht op en set de kening de kroan op 'e plasse. Dêrfoar waard hja neitiid straft doe't hja yn Ingelske hannen foel en fjouwer jier lang yn 'e iepen loft yn in koai op it binnenplak fan it Kastiel fan Berwick finzen holden waard.

Folwoeksen libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't der ûnder histoarisy twifel bestiet oangeande de fraach oft Duncan MacDuff kening Robert I yn 't earstoan wol wier stipe, is it ûntsjinstriidber dat er him nei de Ingelske nederlaach yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314, ûnder it bestjoer fan it Hûs Bruce deljoech. Yn 1315 died er ôfstân fan syn oant dy tiid ta lienfrije greefskip yn it foardiel fan 'e Skotske Kroan, yn ruil wêrfoar't er it fan Robert I yn lien wer weromkrige. Om't Duncan syn frou tsjin dy tiid noch yn Ingelske finzenskip ferbleau en hy dus net wis wêze koe oft er noch wettige bern krije soe, liet er by dy gelegenheid ek fêstlizze dat yn it gefal fan syn bernleas ferstjerren it greefskip Fife net ferfalle soe oan 'e Skotske Kroan, mar dat it dan yn lien jûn wurde soe oan Alan II, greve fan Menteith.

Yn 1320 wie Duncan MacDuff ien fan 'e 51 foaroansteande eallju dy't de Ferklearring fan Arbroath ûndertekenen, wêrmei't Skotlân nei de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch formeel syn selsstannigens weromnaam. Duncan wie yn 1328 ek oanwêzich by de ûnderhannelings dy't laten ta de Frede fan Edinburch-Northampton, it formele fredesferdrach mei Ingelân. Oan it begjin fan 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch focht Duncan op 11 augustus 1332 mei yn 'e Slach by Dupplin Moor, dêr't er kriichsfinzen nommen waard troch de Ingelsen. Neitiid liet er him oerhelje om op 24 septimber 1332, tegearre mei Willem fan St. Clair, biskop fan Dunkeld, de troch de Ingelsen stipe troanpretendint Edwert fan Balliol ta kening fan Skotlân te kroanjen. Dy kroaning waard lykwols troch gjinien yn Skotlân erkend, en nei syn frijlitting fermoedsoene Duncan him mei de Skotske autoriteiten. Op 19 july 1333 focht er oan 'e Skotske kant mei yn 'e Slach by Halidon Hill, dêr't er op 'e nij troch de Ingelsen kriichsfinzen nommen waard. Duncan MacDuff stoar yn 1353, yn 'e âlderdom fan 64 jier.

Houlik en neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1306 troude Duncan mei Marije fan Monthermer, in pakesizzer fan 'e Ingelske kening Edwert I. Ut dat houlik waard inkeld in dochter berne, Isabella, dy't neitiid Duncan syn erfdochter waard. Mei har stoar yn 1371 it laach fan 'e Gaelyske MacDuff-greven fan Fife út.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.