Springe nei ynhâld

Dunc Gray

Ut Wikipedy
Dunc Gray
sporter
Dunc Gray (sittend, 3e fan rjochts), Olympysk Stadion, Los Angeles yn 1932
Dunc Gray (sittend, 3e fan rjochts), Olympysk Stadion, Los Angeles yn 1932
persoanlike bysûnderheden
echte nammeEdgar Laurence Gray
nasjonaliteit Australysk
bertedatum17 july 1906
berteplakGoulburn (Nij-Súd-Wales)
stjerdatum30 augustus 1996
stjerplakKiama (Nij-Súd-Wales)
sportive ynformaasje
sportBaanhurdfytsen
ûnderdielTiidrit,
Sprint
O.S.Amsterdam 1928,
Los Angeles 1932,
Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1932
Brûns grut brûns 1x Olympyske Spullen 1928

Edgar Laurence (Dunc) Gray, (Goulburn (Nij-Súd-Wales), 17 july 1906 - Kiama (Nij-Súd-Wales), 30 augustus 1996) wie in Australysk baanhurdfytser.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op de tiidrit yn in Olympysk rekôr fan 1:13.0 nei't er fjouwer jier earder yn Amsterdam in brûnzen medalje wûn hie op itselde ûnderdiel. Yn 1936 yn Berlyn wie er de Australyske flaggedrager by de iepeningsseremoanje. De velodroom dêr't de baanwedstriden yn Sydney yn 2000 hâlden waarden, is nei him ferneamd.
Dunc Gray ferstoar op 30 augustus 1996 yn 'e âldens fan 90 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: