Springe nei ynhâld

Duffeilannen

Ut Wikipedy
Duffeilannen
geografy
ûnderdiel fan Santa Cruz-eilannen
lân Salomonseilannen
koördinaten 9°48'S 167°6'E
algemien
ynwennertal 500-600 ynwenners
sifers
oerflak 14
heechste punt 365 m
kaart
Duffeilannen (Salomonseilannen)
Duffeilannen

De Duffeilannen foarmje in lytse eilannegroep yn 'e súdlike Stille Oseaan. Se binne ûnderdiel fan 'e provinsje Temotu, de meast eastlike provinsje fan 'e Salomonseilannen. It grutste eilân is Taumako en de Duffeilannen wurde ek wol Taumako-eilannen neamd.

De eilannen binne ferneamd nei it skip fan 'e Britske kaptein James Wilson, dy't yn 1797 de eilannen ûntduts en se neamde nei syn skip, de Duff. Dat skip waard brûkt troch de London Missionary Society foar misjonêre reizen yn 'e Stille Oseaan.

De Duffeilannen binne mei tropysk reinwâld oerdutsen en hawwe in rike biodiversiteit. De eilannen lizze yn 'e Koraaltrijehoek, in gebiet yn 'e westlike Stille Oseaan dat bekend stiet om syn útsûnderlike rike wetterwrâld.

De eilannen besteane út:

  • it haadeilân Taumako mei Tahua, Tohua, en Tatumotu;
  • de Basseilannen Lua, Kaa en Loreva;
  • de Treasurers-eilannen op it noardlike ein Tuleki (Nula), Elingi (Obelisk Island), Te Aku (Te Ako), Lakao en Ulaka.
De Maunge Nefe, in tepukei-sylskip fan Taumako yn it Ethnologisches Museum fan Berlyn.

De ynwenners fan 'e Duffeilannen prate Vaeakau-Taumako, in taal dy't besibbe is oan 'e Polynezyske talen. Dat is bysûnder want de measte bewennes fan 'e Salomonseilannen prate in Melanezyske taal. De eilannegroep leit frijwat isolearre, de minsken libje dêr selstannich en ha in tradisjonele libbenswize. Se ha in rike tradysje fan seefarren en bouwe tradisjonele sylskippen, dy't tepukei neamd wurde. It ambacht wurdt fan generaasje op generaasje trochjûn.

It ynwennertal fan 'e Duffeilannen mei sa'n 500 minsken is lyts. It grutste part fan 'e befolking wennet op Taumako; de oare eilantsjes binne faak net bewenne of wurde allinnich foar in lyts skoft bewenne.

De measte minsken binne Anglikaansk. It tradisjonele leauwe fan 'e minsken spilet ek noch altiten in rol, fral by seremoanjes en kulturele aktiviteiten.

De befolking libbet fan lytskalige lânbou (ferbou fan tropysk gewaaks), fiskerij en ruilhannel.

In toeristyske ynfrastruktuer op de Duffeilannen is ôfwêzich, it eilannen ha gjin hotels, diken, fleanfjild, elektrisiteit of oare foarsjennings foar toeristen. De eilannen lizze ôfsidich en binne net maklik tagonklik. Om dêr hinne te gean is in soad planning en ynset nedich.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Islands of the Solomon Islands fan Wikimedia Commons.