Berchmuskaatdo
| Berchmuskaatdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ducula badia | ||||||||||||
| Raffles, 1822 | ||||||||||||
De berchmuskaatdo (Ducula badia) is in fûgel yn it skaai muskaatdowen (Ducula) út de famylje dowen (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 43 oant 51 sm grutte fûgel is meast griis mei in wynreade tint, in grize kop en in konstrastearjende wite kiel. De boppedielen en wjukken binne kastanjebrún mar de boppeste dielen dêr kinne doffer wêze. De ûnderkant fan 'e wjukken binne laaigriis en de sturt is swarteftich mei in grize horizontale bân. De sturt is relatyf lang.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet yn Aazje en bestiet út trije ûndersoarten:
- Ducula badia insignis: komt foar yn 'e sintrale en eastlike Himalaya.
- Ducula badia griseicapilla: komt foar fan noardeastlike Yndia oant súdwestlik en súdlik Sina, Yndosina en Birma.
- Ducula badia: komt fan Maleizje oant Sumatra, Borneo en westlik Java foar.
De soarte wurdt yn subtropysk en tropyske bosk fan seenivo oant hichten fan 2300 m waarnommen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurdt tocht dat de oantallen fan 'e soarte ôfnimme. De fûgel hat lykwols in grut ferspriedingsgebiet. De IUCN kategorisearret de fûgel as net bedrige op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Muskaatdo
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Brûnei
- Lânseigen fauna yn Fjetnam
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Yndoneezje
- Lânseigen fauna yn Kambodja
- Lânseigen fauna yn Laos
- Lânseigen fauna yn Maleizje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Tailân
