Springe nei ynhâld

Drompelside

Ut Wikipedy

In drompelside is in webside yn 'e foarm fan in digitaal portaal, dêr't de lêzers wei op de normale siden fan in webstee útkomme.

De kinne ferskate eftergrûnen wêze foar drompelsizen. Bygelyks:

  • In webstee kin in bysûndere side hawwe om't net eltsenien op it webstee mei. Dat kin om reden fan feiligens wêze, of neffens de wet;
  • Der kinne ferskate ferzjes fan in webstee wêze, op grûn fan de taal, of fan it part fan de wrâld;
  • Sûnder it streekrjocht te sizzen kinne twa webstees deselde tagongsside diele, dat it wiere webstee noch keazen wurde moat;
  • De drompelside kin in adres hawwe nei de usansje fan, bygelys, it lân, mar wat ôfwykt fan it adres dat de lêzer úteins brûke moat.

In foarbyld is Wikimedia Nederlân, wat in adres Wikimedia.nl hat, mar wat ek in drompelside foar harren wichtigste tapassing hat: Wikipedia.nl, mei in .nl adres, wylst Wikipedia.org ornaris oars opboud is.