Springe nei ynhâld

Drimmelen (gemeente)

Ut Wikipedy
Drimmelen
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Brabân
Haadplak Made
Oerflak 119,43 km²[1]
  •  dêrfan lân 95,05 km²
  •  dêrfan wetter 24,38 km²
Ynwennertal 28.208 (1 jannewaris 2024)
Befolkingstichtens 297 ynw./km²
Ferkearsier(en)
Netnûmer(s) 0162, 0168, 076
Postkoade(s) 4844,4845,4920-4927
drimmelen.nl

Drimmelen is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente grinzget yn it noardeasten oan 'e gemeente Altena en leit tichteby Geertruidenberg en de rivier de Amer. Grutte stêden yn 'e omkriten binne Oosterhout en Breda.

De gemeente hat 28.208 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 119,20 km², wêrfan 22,60 km² wetter.

De gemeente Drimmelen ûntstie yn 1997 troch de gearfoeging fan 'e gemeenten Made en Drimmelen, Terheijden en Hooge en Lage Zwaluwe. Yn it earstoan hjitte de gemeente Made, mar yn 1998 krige de gemeente de namme Drimmelen. It gemeentehûs stiet noch jimmeroan yn Made.

Doarpen en buorskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente bestiet út de folgjende doarpen:

  • Made
  • Drimmelen
  • Terheijden
  • Wagenberg
  • Lage Zwaluwe
  • Hooge Zwaluwe

Fierder binne der de buorskippen: Blauwe Sluis, Helkant, Oud-Drimmelen, Binnen Moerdijk, Gaete, Steelhoven, Plukmade en Stuivezand.

De Biisbosk is ien fan 'e grutste natoergebieten yn Nederlân. It is in unyk swietwettertijgebiet mei in netwurk fan kreken, reidfjilden en eilantsjes. It gebiet is tige geskikt foar kuierjen, farren, kanoën en om fûgels te spotten. Fanút Drimmelen kin de Biisbosk mei in rûnfeart of selsstannich mei in kano of boat besocht wurde.

De Worp is in 13 hektare grut natoergebiet westlik fan Drimmelen, dat diel útmakket fan it gruttere lângoed De Koekoek (100 hektare). It gebiet bestiet út bosk en iepen polderlânskip mei karakteristike eleminten lykas âlde dykjes, terpen, houtwâlen en turfgatten. It is eigendom fan Steatsboskbehear.

  • Op it Biesbosch Museumeiland komme minsken yn 'e kunde mei it swietwettertijgebiet nei de Sint-Elisabethsfloed fan 1421.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Gemeenten yn Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Flagge fan de provinsje Noard-Brabân
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert
· · Berjocht bewurkje