Nijkaledoanyske fruchtdo
| Nijkaledoanyske fruchtdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Drepanoptila holosericea | ||||||||||||
| Temminck, 1809 | ||||||||||||
De Nijkaledoanyske fruchtdo (Drepanoptila holosericea) is in fûgelsoarte út 'e famylje dowen (Columbidae). It is de iennige soarte yn it skaai Nijkaledoanyske fruchtdowen (Drepanoptila).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 32 oant 35 sm lange fûgel is in middelgrutte do. De rêch en de kop binne grien. It kin is wyteftich. De wjukken binne grien mei wite bannen. Oer it boarst rint in twakleurige boarstbân, wyt boppe en swart ûnder. Boppe de boarstbân is it boarst grien, ûnder de boarstbân is de fûgel felgiel.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is endemysk foar it eilân Nij-Kaledoanje yn 'e Stille Súdsee, in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk, dêr't er faak yn fochtige boskgebieten fan 400 oant 600 m hichte waarnommen wurdt. De soarte wurdt ek súdlik fan Nij-Kaledoanje op hiel Île des Pins waarnommen, mar net op 'e Loyaliteitseilannen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut undersyk (1993) hat bliken dien dat de hiele populaasje út likernôch 100.000-140.000 fûgels bestiet. Der is hjir en dêr sprake fan jacht, mar is it net bekend hokker effekten dat hat op 'e populaasje. De fûgel liket him relatyf goed oan te passen oan in degradearre habitat. Der wurdt lykwols fanút gien dat de fûgel stadichoan yn oantallen ôfnimt, mar net sa fluch dat de soarte as bedrige beskôge wurdt. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
