Draketegels

Draketegels is in spul foar ien persoan mei itselde materiaal as Majong; dêrom wurdt it ek wol Majong Solitêr neamd. Der is lykwols gjin ferbân oars as dat it deselde stienen brûkt.
Draketegels ferget dat de spiler de stientsjes yn in pyramide-foarm opstelt. Faak wurdt it spultsje troch in kompûter oanbean. It kin lykwols ek mei fysike stientsjes dien wurde, at dy mar niet te bok binne.
It spul is no om twa deselde stienen, dêr't de boppekant sichber fan binne en dêr't in lange sydkant frij fan is, tegearre fuort te heljen. De spiler kin dêr mei trochgean salang't der stientsje binne dy't oan dy betingsten foldogge. Faak docht bliken dat der in stuit komt dêr't der net mear stientsjes binne dy't fuortspile wurde kinne; at dat sa is hat de spiler ferlern. Soks is hast net foar te kommen, om't net alle stienen oan it begjin fan it spul sichtber binne. At de spiler lykwols gâns de tafel leechspylje kin, dan wint de spiler.