Drage (Noard-Fryslân)
Appearance
| Drage / Draage | ||
| Lokaasje fan 'e gemeente Drage (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Amt | Nordsee-Treene | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 673 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 16,33 km² | |
| Befolkingsticht. | 41 ynw./km² | |
| Hichte | 4 m | |
| Oar | ||
| Postkoade | 25878 | |
| Offisjele webside | ||
| drage-nf.eu | ||
| Kaart | ||
Drage (Noardfrysk: Draage)is in doarp en gemeente yn 'e Kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Nordsee-Treene en hat 673 ynwenners (2024).
De hjoeddeiske gemeente Drage waard offisjeel oprjochte op 1 desimber 1934.
Troch it gemeentegebiet rint de rivier de Eider. Tusken 1934 en 1936 waard de slús Norfeld boud. De slús is in stoarmfloedkearing, mar hâldt as dat nedich is ek wetter fêst, sadat it skipferkear yn 'e Binneneider altiten mooglik bliuwt. Bûten de slús is de Eider in tijrivier.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De slús Norfeld.
- Monumint oan 'e Westerstraße.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
