Douwe Petrus van Steenwijk
Douwe Petrus van Steenwijk (Holwert, 25 jannewaris 1784 - Ommen, 16 maart 1867) wie in Nederlânske dokter en skriuwer.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Steenwijk waard yn 1784 yn Holwert berne as soan fan de predikant Petrus van Steenwijk en Lutske Riemersma. Hy studearre teology en medisinen oan de universiteit fan Grins. Hy rekke yn de ûnderwâl en siet mear as ien kear fêst. Nei it fergees besykjen fan de famylje om him te helpen om syn brea te fertsjinjen as medikus, sjirurgyn en froedmaster waard er yn 1824 yn Ommerskâns, in koloanje fan de Maatschappij van Weldadigheid, pleatst. Hy wurke him dêr op fan kolonist ta sike-oppasser en waard ynskeakele by de sûnenssoarch as assistint hielmaster yn de koloanje Ommerskâns. Hy trede ek geregeldwei op as genêshear foar de gestichten fan dy maatskippij en hie ûnder oare pasjinten mei rûde op 'e noed. Fan 1829 oant 1833 wie Van Steenwijk offisjeel hiel- en froedmaster yn it gesticht Feanhuzen mei in jiersalaris fan ƒ 700. Yn 1829 troude er mei de 19-jierrige Adriana Brauckman fan Rotterdam. Nei har ferstjerren yn 1833 rekke Steenwijk oan 'e drank en waard er ûntslein omdat er al syn hawwen en hâlden, ynklusyf syn boeken en ynstruminten ferkocht hie om oan drank te kommen. Meardere kearen holp er yn beskonken tastân as froedmaster by in befalling. Yn 1838 waard er as bidler wer yn Ommerskâns set.
Hy ferstoar yn 1867 yn de âldens fan 83 jier yn Ommen.
Syn boek " De Vagebond " waard yn 1846 yn twa dielen publisearre. Yn syn ynlieding fan diel I skreau er: "Ik heb den Vagebond willen teekenen, gelijk ik hem gekend heb, in alle zijne misdadigheid, en mijne bedoeling hiermede was om aan te wijzen, hoezeer de mensch, wanneer hij eenmaal van het regte spoor is afgedwaald, allengkens op het pad van ondeugd en zedeloosheid voortholt, en met elke schrede zijn gewis verderf te gemoet treedt".
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De vagebond, twa dielen, Tiel, 1846.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|