Springe nei ynhâld

Dora van der Groen

Ut Wikipedy
Dora van der Groen
akteur
Dora van der Groen mei Romain Deconinck yn Het Dwaallicht (1973)
Dora van der Groen mei Romain Deconinck yn Het Dwaallicht (1973)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Belgysk
berne10 maart 1927
berteplakAntwerpen
stoarn8 novimber 2015
stjerplakGeel
jierren aktyf1945-2003
offisjele webside
IMDb-profyl
TMDB-profyl

Dora van der Groen (Antwerpen, 10 maart 1927 – Geel, 8 novimber 2015) wie in Flaamske aktrise. Se wurke ek as toanielpedagoge en as toanielregisseuze. [1]

Van der Groen begûn as aktrise by de Antwerpse Koninklijke Nederlandse Schouwburg en letter spile se by de Brusselse Koninklijke Vlaamse Schouwburg. Fan 1978 ôf wie se artistyk lieder fan de toanielôfdieling fan it Koninklijk Vlaamsk Muziekkonservatorium yn Antwerpen, oant dy ôfdieling gearfoege waard mei de Studio Herman Teirlinck.

Se ferskynde tusken 1945 en 2003 yn goed 120 films en tillefyzjesearjes. Se spile Vrouw Coene yn Wij, Heren van Zichem en hie de haadrol, njonken Kees Brusse, yn 'e film Dokter Pulder zaait papavers út 1975, dy't ynskreaun waard foar it 26e Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn.

Se wie troud mei de akteur Tone Brulin en letter mei Wies Andersen. Ut it earste houlik hie se twa soannen. Ut it twadde waard de regisseur Brick de Bois berne. .[2] Yn 2009 waard hja beneamd ta kommandeur yn de Kroonorde fan België.

Se brocht har lettere jierren troch yn in fersoargingshûs en ferstoar yn 2015 yn de âldens fan 88 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: