Donskoi-kleaster (Starotsjerkasskaja)

Ut Wikipedy
Donskoi-kleaster

Донской монастырь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Rostov
plak Starotsjerkasskaja
koördinaten 47° 14' N 40° 02' E
bysûnderheden
type bouwurk kleaster
offisjele webside
donmonastyr.ru

It Donskoi-kleaster fan Us Leaffrou fan de Don (Russysk: Старочеркасский монастырь в честь Донской иконы Божией Матери) is in otterdoks kleaster yn de kozakkedelsetting Starotsjerkasskaja yn de oblast Rostov, Ruslân. It kleaster waard stifte yn 1994 op de lokaasje fan it eardere Efremov Kleaster, dat fan 1837 oant 1927 bestie en ferwoastge waard troch it Sovjet-rezjym.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fertutearze katolikon fan it kleaster yn dejierren 1930-1940

De katolikon fan it kleaster waard tusken 1756 en 1761 boud yn opdracht fan de ataman (kozakkelieder) Stefan Efremov as syn hûstsjerke. Eastlik fan de tsjerke lizze de grêven fan de famylje Efremov.

De famylje Efremov frege yn desimber 1831 oan de biskop om tastimming foar it stiftsjen fan in kleaster foar nonnen by de tsjerke. Foar dit doel joech de famylje in grut part fan harren grûn en famyljekapitaal oan it bisdom. Inkelde jierren letter waard de tastimming offisjeel en op 12 septimber 1837 fûn de iepening fan it kleaster plak.

De reliken fan it kleaster waarden tidens de Russyske Boargeroarloch mei nei it bûtenlân nommen. Yn juny 1924 naam de oerheid it beslút om yn it kleaster in weeshûs ûnder te bringen. It kleaster waard sletten en de bewenners waarden ferdreaun. Hast alle kleastergebouwen gyngen ferlern en de ea sa ryke tsjerke waard fan alle wearde en dekoraasje ûntdien.

Op 5 oktober 1994 waard it kleaster nij libben ynblaasd. De muontsen setten harren ynearsten nei wenjen yn in gewoan hûs en hja soargen foar de restauraasje fan de Don-tsjerke, makken it lân wer oan en de grêven wer yn oarder.[1][2]

Reliken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1995 joegen de kozakken fan it doarp Gnilovskaja it kleaster in grut ikoan fan Us Leaffrou fan de Don. It ikoan krigen tydlik in plak yn de Opstanningskatedraal foar salang't de restauraasje fan de kleastertsjerke noch duorre. Dêrnei waard de ikoan plechtich nei de Tsjerke fan Us Leaffrou fan de Don oerbrocht.

Lofts fan it koar fan de tsjerke is in ikoan fan Dmitri fan Rostov. Yn it ikoan is in relyk fan de otterdokse hillige ferarbeide.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: