Donna Summer

Ut Wikipedy
’’Donna Summer yn 2009’’

Donna Summer, skûlnamme fan LaDonna Adrian Gaines (Boston, 31 desimber 1948 - Key West, 17 maaie 2012) wie in Amerikaansk sjongeresse, songwriter en artyst.

Diskoleginde Donna Summer is hjoed yn de âldens fan 63 jier oan longkanker ferstoarn. De Amerikaanske sjongeres LaDonna Adrian Gaines bedarre as jongfaam yn Dútslân en troude mei de Eastenrykske akteur Helmuth Sommer. Hja bruts yn de jierren santich earst troch yn Nederlân, dat doetiids foar de popmuzyk as trendsetterslân gou, nei optredens yn de telefyzjeshow fan Sjef van Oekel (Dolf Brouwers); sjoch filmke hjirûnder. Yn de santiger jierren woeks frou Summer wrâldwiid út ta de Keninginne fan de Disko, benammen troch de hit Love To Love You Baby, dêr’t hja foar dy tiid sa ûnhuer yn kroane dat it nûmer ynearsten yn de Feriene Steaten net útbrocht wurde mocht. Nei in psychyske ynstoarting yn 1979 ferhelle se har begjin jierren tachtich wer. Hja bleau warber yn de muzyk en hie sawol yn de jierren ’80 as ’90 noch hits. Nei in stilte fan 17 jier ferskynde der yn 2008 wer in album. Yn 2010 skoarde Summer sels noch wer in hit mei To Paris With Love.