Donatus fan Reims
| Donatus fan Reims | ||
| Donatus fan Reims op it skilderij 'Madonna mei kanunnik Joris van der Paele' (1436) fan Jan van Eyck | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| bertenamme | Donatianus | |
| nasjonaliteit | Romeinske Ryk | |
| bertedatum | 4e iuw | |
| berteplak | Rome | |
| stjerdatum | 390 | |
| stjerplak | Reims | |
| Biskop fan Reims | ||
| amtsperioade | 360–390 | |
| foargonger | Maternianus | |
| opfolger | Finsintius | |
| hillichferklearring | ||
| hillich ferkl. | Tradisjoneel | |
| fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| hjeldei | 14 oktober | |
| hillichdom | Sint-Salvatorkatedraal (Brugge) | |
| attributen | Tsjil mei fiif baarnende kearsen, krússtêf, miter | |
| patroan fan | Bisdom en katedraal fan Brugge, stêd Brugge, stêd Reims, beskermer fan 'e lannen oan 'e see | |
Dizze side giet oer Donatus fan Reims. Foar Donatus fan Münstereifel, sjoch: Donatus fan Münstereifel.
Sint-Donatus (Rome, 4e iuw – 390) wie de sânde biskop fan Reims en beklaaide dat amt tritich jier lang (360–390). Hy is de patroanhillige fan 'e katedraal en it bisdom Brugge en fan 'e stêd Reims (Frankryk). Syn nammedei falt op 14 oktober, de dei dat de Flamingen him ferearje as beskermer fan 'e lannen oan 'e see.
Reliken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De bonken fan Donatus, dy't in natuerlike dea stoar, waarden oarspronklik begroeven yn Corbie (tichteby Amiens) yn Frankryk. Letter waarden se oerbrocht nei Torhout yn Belgje.
Yn 'e 9e iuw joech Karel de Keale de reliken oan greve Boudewyn I fan Flaanderen. Dy brocht se yn 863 oer nei syn kastiel yn Brugge. De oarspronklik oan Marije wijde boarchkapel waard doe fergrutte en de Sint-Donatustsjerke neamd. Sûnt dy tiid is Donatus ek de patroanhillige fan 'e stêd Brugge. Ek yn Zeebrugge is in tsjerke dy't oan 'e hillige wijd is.
By de oprjochting fan it nije bisdom Brugge yn 1559 waard Donatus ek de patroanhillige fan it nije bisdom. Nei de Frânske Revolúsje (1806) en de ferkeap en ferneatiging fan 'e Sint-Donatuskatedraal (1799), waarden de reliken fan Sint-Donatus yn in nije relikwyskryn lein yn 'e hjoeddeiske katedraal, de Sint-Salvatorkatedraal.
Ikonografy en leginde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de tradisjonele leginde foel Donatus op jonge leeftyd yn it wetter. Hy koe rêden wurde meidat syn âlden in weintsjil mei baarnende kearsen op it wetter leinen, dat krekt stilhâlde op it plak dêr't it bern yn it wetter sakke wie.[1] In oare, mear fantastyske fariant fan dit ferhaal wol hawwe dat paus Dionysius in tsjil mei fiif kearsen nei him ta smiten hawwe soe om him út de Tiber te rêden, wêrby't de kearsen op wûnderlike wize trochbaarnden. Fanwegen dizze legindes wurdt Sint-Donatus yn 'e kristlike keunst faak ôfbylde mei in tsjil dêr't fiif kearsen op brâne.
In ferneamde ôfbylding fan 'e hillige is te finen op it skilderij Madonna mei kanunnik Joris van der Paele (1436) fan Jan van Eyck, dêr't er as patroanhillige fan 'e doetiidske Sint-Donatuskatedraal yn Brugge stiet.
In oar bekend keunstwurk, in paniel dat yn opdracht fan Jean Carondelet foar de Sint-Donatustsjerke yn Brugge makke waard, toant de hillige yn syn weardichheid as de sânde biskop fan Reims. Hy is dêrop ôfbylde yn in ryk borduere gewaad mei in miter op 'e holle en in krússtêf (yn stee fan in kromstêf) yn 'e rjochterhân.
Feestdei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De feestdei fan Sint-Donatus is op 14 oktober. As de feestdei gearfalt mei in snein, hat dy allinnich yn 'e katedraal fan Brugge foarrang op 'e sneinsliturgy. Op oare plakken yn it bisdom wurdt de feestdei net op 'e sneinen fierd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
