Springe nei ynhâld

Donald de Marcas

Ut Wikipedy
Donald de Marcas
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 juny 1933
berteplak Leien
stoarn 24 maart 2023
stjerplak Huizen
wurkpaad
wurksum as Harkspulakteur, omropper/presintator, sjonger, kabaretier, nijslêzer
jierren aktyf 1953 - 2023
offisjele webside
IMDB-profyl

Donald de Marcas (Leien, 29 juny 1933Huizen, 24 maart 2023) wie in Nederlânske harkspulakteur, omropper/presintator, sjonger, kabaretier en nijslêzer.

De Marcas by de opname fan de fjirde searje Sprong in het heelal, 17 maart 2013

De Marcas waard grutbroch yn Leiden, yn in Joadsk gesin dat de Twadde Wrâldoarloch oerlibbe. Yn de oarlochsperioade wie er 2,5 jier lang ûnderdûkt, sûnder syn âlden. De fioellessen dy't er folge fan 1939 -1942 moast er dêrom ôfbrekke. Nei de oarloch ferruile er de fioele foar de piano, fan 1946 -1950. Dêrneist foltôge er de HBS-A yn 1952 en gied er Nederlânsk studearjen oan de Universiteit fan Leiden fan 1952 oant 1956, mar makke dy stúdzje net ôf.

Under syn stúdzje wie er ek aktyf by it Leids Studenten Zangkoor ûnder lieding fan Felix de Nobel. Omdat er selsstannich troch de tiid komme woe wie er as wurkstudint fan 1954 oant 1956 korrektor by Nieuwe Rotterdamse Courant, Algemeen Dagblad, De Maasbode en Rijn en Gouwe yn Rotterdam. Nei syn stúdzje begûn syn radiokarriêre.

De Marcas wie sûnt 1966 troud mei Sonja Bernd't, ûnder mear sjongster fan ynternasjonale folksliedsjes en Israelysk en Jiddysk repertoire, mei wa't er ek geregeld optrede. Hy hie ek in eigen sjongkarriêre.

Op 24 maart 2023 ferstoar De Marcas, tegearre mei syn frou Sonja. Se besleaten tegearre út it libben te stappen.

De Marcas syn radiokarriêre begûn by AVRO's Minjon -de Miniatuer Jeugd Omrop Nederlân- dêr't er fan de oprjochting yn 1953 oant 1965 lid fan wie.
Yn 1957 organisearre de NRU (Nederlandse Radio Unie) in oplieding foar jonge (harkspul)akteurs ûnder lieding fan Rolien Numan en Georgette Rejewski dêr't De Marcas op ynskreau. Al nei koarte tiid krige er in kontrakt oanbean by de harkspulkearn fan de NRU. Hy bleau dêr yn fêste tsjinst oant 1966. Dêrnei gie er fierder as freelancer en hy spile hûnderten rollen, wêrfan't der yn alle gefallen 561 achterhelle binne. Syn rol fan hûsfeint Charlie yn de lêste twa searjes fan Paul Vlaanderen, útstjoerd troch de AVRO, is faaks wol de bekendste. Bekend dêrfan is syn útspraak Okidokie!

Hy wie tusken 1966 en 1982 ek radio-omropper, presintator, ferteller en kabaretier foar ferskate omroppen.

  • Radio-omropper bij KRO, RNWO, NOS, VARA en IKOR (letter IKON)
  • Presintator fan KRO's Djinn tegearre mei Martha Doyle (1965-1975)
  • Presintator Zondagochtend Promenadeconcerten (VARA)
  • Presintator Concerten uit Studio 1 (KRO)
  • Presintator fan radiodokumintêres by de ferskillende stjoerders
  • Ferteller/presintator/akteur by skoalradio-útstjoeringen fan de KRO, NCRV, AVRO en VARA
  • Tinus de Ezel yn de kleuterprogrammasearje Kaboutertijd (1968-1980) (TROS)
  • Kabaretier yn ûnder mear de radiokabaretprogramma's fan Jan de Cler (KRO)

Yn de sechstiger jierren spriek er as stimakteur de rol yn fan Kuifke, fjouwer aventoeren fan elk fjirtjin minuten útjûn op grammofoanplaat troch De Gruijter/Trexop: Cokes in voorraad, De geheimzinnige ster, De juwelen van Bianca Castafiore en De schat van Scharlaken Rackham. De Marcas is op dy plaat te hearren njonken akteurs as Joop Doderer, Piet Ekel, Gerard Cox en de bruorren Lutz. Ek liende er syn stim oan mearkes-grammofoanplaten. Fierder spile De Marcas de haadrol fan Bram yn de harkspulsearje Het Verloren Feest neist akteurs as Ger Smit, Trudy Libosan, Ad Hoeymans en Jeanne Verstraete (1978, KRO)

Fan 1982 oant syn pinsjoen yn 1998 wie Donald de Marcas yn fêste tsjinst fan de omrop, diskear as nijslêzer. Hy wie alle dagen de stim fan de "Radionijs-tsjinst, fersoarge troch it ANP". Op 19 maaie 2009 lies er tegearre mei Arend Langenberg (1949–2012) noch ien kear it nijs by Radio Veronica, de ôfsluting fan in lange rige grapkes op dy stjoerder oer in ûnderstelde rivaliteit tusken Arend Langenberg en De Marcas.

Sûnt 1984 waard er ek geregeld frege foar it foarlêzen fan gedichten by (deade-)betinkingen. De Marcas spile noch lang nei syn pensjoen yn harkspullen. Bygelyks hied er in rol yn de searje Sprong yn it hielal - De terugkeer van Mars, dy't yn jannewaris 2014 by de KRO útstjoerd waard fia Radio 5 Nostalgia en Radio 1.

Donald de Marcas yn syn tún

Njonken syn radiowurk wie De Marcas te hearren by de neisyngronisaasje fan pop-, teken- en live-actionfilms. Hy die de stimkes yn bernesearjes, lykas Muskie yn de searje Brigadier Dog (99 ôfleverings) tegearre mei akteurs Aart Staartjes en Coen Flink, De Minimolen, Graaf Dukula, Five Feathers Falls en Japie Krekel yn de Nederlânske ferzjes fan Disney’s Pinokkio en Vrij en Vrolijk. Ek foarseach er tal fan dokumintêres fan voice-over-kommentaar.

Donald de Marcas folge fan 1961 oant 1963 sjonglessen by sjongpedagoge Bep Ogterop. Hy makke yn 1965-1966 goed 50 programma's mei ynternasjonale folkslietsjes begelaat troch Joop Stokkermans foar de NCRV-radio, en dêrnei alderhande folkslietjesprogramma’s mei orkest by de KRO en ferskes foar bern by de AVRO, VARA en TROS.
Dêrneist hied er fan 1960 ôf eigen middeis- en jûnfoljende programma’s yn it lân mei kabaretferskes en koarte ferhalen, wêrby't er himsels op de piano begelate, faak tegearre mei syn frou, de sjongeres Sonja Bernd't. As sjonger/akteur wie er ferbûn oan de groep Studio Laren fan Marijke Ferguson dêr't er fan 1967 oant 1984 teksten foardroech en ferskes song út de midsiuwen en renêssânse en meiwurke oan konserten en muzykteäterprogramma's foar radio, telefyzje, grammofoanplaten en festivals yn ûnder oare Nederlân, België, Frankryk, Italië, Singapore, Yndonezië en Israel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: