Springe nei ynhâld

Domtsjerke fan Volterra

Ut Wikipedy
Marije-Himmelfeartkatedraal

Cattedrale di Santa Maria Assunta

Lokaasje
lân Itaalje
plakVolterra
adresPiazza San Giovanni
koördinaten43°24' N 10°51' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipRoomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdomLucca
wijd oanMarije-Himelfeart
Arsjitektuer
boujier12e iuw
boustylromaansk
Webside
Side bisdom
Kaart
Domtsjerke fan Volterra (Itaalje)
Domtsjerke fan Volterra

De domtsjerke fan Volterra of de Marije-Himelfeartkatedraal (Italjaansk: Cattedrale di Santa Maria Assunta) is in tsjerke yn 'e Toskaanske stêd Volterra, Itaalje. It is de katedraal fan it bisdom Volterra en it hat de status fan in basilica minor. De katedraal is in romaansk gebou, dat oan it begjin fan 'e 12e iuw boud waard.

Op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke stie al sûnt de 9e iuw in oan Marije wijd tsjerkegebou. It hjoeddeiske gebou waard foar it measte werboud nei in ferneatigjende ierdskodding om 1117 hinne. Paus Kalikstus II konsakrearre de tsjerke yn 1120.

Ynterieur.

Yn 'e 13e iuw fûn in grutte útwreiding en ferbouwing plak; de gevel yn Pisaansk-romaanske styl wurdt taskreaun oan Nikolaas fan Pisa. It dwersskip en it koer binne foar it measte 14e-iuwsk.

Biskop Guido Serguidi liet tusken 1580 en 1585 it ynterieur en fral it ryk bewurke en fergulde kassettenplafond oer it skip en de krusing útfiere, neffens in ûntwerp fan Capriani en mei byldhouwurk fan Pavolini. Dat wie in foarse yngreep neffens de liturgyske fernijingen fan 'e Tridentynske tiid, doe't de Tridentynske misse troch Pius V standerdisearre waard.

Yn'e jierren 1842-1843 fûn in grutte restauraasje plak. De katedraal krige yn 'e 20e iuw fan paus Pius XII de status fan basilyk.

De domtsjerke hat in plattegrûn fan in Latynsk krús mei in skip en twa sydskippen. It skip wurdt droegen troch 22 pylders mei kapitelen. De pylders datearje fan 'e restauraasje yn 1842-1834 en imitearje rôze granyt. De flier hat wikseljende moarmerpatroanen.

It meast opfallend yn 'e tsjerke is it grutte kasettenplafond mei foarstellings út it libben fan Marije en de patroanhilligen fan Volterra, Sint-Ottaviano en Sint-Justinus.

  • It heechalter is fral 19e-iuwsk en hat moarmeren siboarium mei ingelen fan Mino da Fiesole út 1471.
  • De houten koerbank út 'e ein fan 'e 14e iuw mei biskopssit is yn goatyske styl.
Reliëf preeksstoel.
  • De preekstoel is oan 'e ein fan 'e 16e iuw op 'e nij boud en fersierd mei 12e-iuwske reliëfs.
  • Yn 'e Krúsôfnamekapel is in byldegroep fan fiif houten bylden út 1228 fan in keunstner út Volterra.
  • Twa terrakotta-groepen yn 'e Kapel fan Us-Leaffrou fan Smerten fan 'e Berte fan Kristus en de Oanbidding (15e iuw.) binne nei alle gedachten út it atellier fan Giovanni Della Robbia ôfkomstich.
  • Fierder in grut tal 17e-iuwske skilderijen yn 'e kapellen en grêfmonuminten (û.o. Mario Maffei, Francesco Gaetano Incontri).

Yn 'e Sint-Ottavianokapel wurde de reliken fan Sint-Ottaviano bewarre yn in moarmeren sarkofaach út de earste helte fan 'e 16e iuw. De sarkofaach waard set as tank foar syn help by it beëinigjen fan in pestepidemy. It byldhouwurk is fan Raffaello di Andrea Cioli.

De reliken fan 'e 12e iuwske biskop Sint-Ugo wurde bewarre yn in moarmeren sarkofaach yn 'e Ugokapel.

De measte relykhâlders binne mei oare objekten foar in part oerbrocht nei it biskoplike museum.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: