Springe nei ynhâld

Domtsjerke fan Meissen

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Meißen
bouwurk
Westlik toerfront
Westlik toerfront
lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Saksen
plak Meißen
adres Domplatz
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 1260-1410; foltôging tuorren 1903-1909
boustyl Gotyk
offisjele webside
Side fan domtsjerke

De Domtsjerke fan Meissen (Dútsk: Dom zu Meißen) is in protestantske katedraal yn Meissen yn ít Dútske bûnslân Saksen. De tsjerke waard wijd oan Sint-Jehannes en Sint-Donatus en is in suver foarbyld fan Dútske gotyk. Yn de tsjerke is ien fan de rykste tsjerkeynvintarissen fan Saksen oanwêzich. Tagelyk mei de Albrechtsboarch foarmet de domtsjerke in tige moai stedsbyld fan Meissen, dat op de Burgberg boppe de âlde binnenstêd útriizget.

Yn 968 stifte kening Otto I it bisdom Meissen. Oant 1581 wie de katedraal de sit fan de roomsk-katolike biskoppen fan Meissen. Dêrnei waard de domtsjerke in protestantsk gebou. Hjoeddedei is de tsjerke de sit fan de biskop fan de protestantsk-lutherske tsjerke fan Saksen. It katolike bisdom Dresden-Meissen hat sûnt 1980 de katedraal yn Dresden.

De 13e-iuwske bylden fan de stifters

De foargonger fan de hjoeddeiske domtsjerke ûntstie út in ienfâldige kapel dy't yn de jierren 1006-1073 ferfongen waard troch in romaanske katedraal mei fjouwer tuorren. Dy tsjerke waard de katedraal fan it bisdom Meißen. Om 1260 hinne waard útein set mei de bou fan de trijeskippige dom as in goatyske halletsjerke. It iergoatyske koer en de kleastergong fan dy tsjerke koene yn 1268 yn gebrûk nommen wurde. Dêrnei folgen de Marije Magdalenakapel yn 1280 oan de súdeastkant fan it koer, de achtsidige twa ferdjippings tellende Jehanneskapel yn 1291 yn de hoeke fan de súdlike transeptearm en it skip en de kapittelseal yn 1297. De foltôging fan it tsjerkeskip wie net earder as yn 1410. Mar trije jier letter (1413) waard de westlike gevel mei de twa sûnt 1315 boude tuorren troch bliksemynslach ferneatige. Sûnt hie de domtsjerke noch mar ien toer, de saneamde Höckrige-toer oan de eastlike kant, dy't yn 1909 renovearre waard.

De twa 81 meter hege tuorren oan de westlike gevel waarden pas tusken 1903 en 1909 neffens in neogoatysk ûntwerp fan de arsjiteket Carl Schäfer út Karlsruhe boud. Oan it projekt gyng in fûle striid foarôf mei ferneamde Dútske keunsthistoarisi lykas Cornelius Gurlitt en Georg Dehio, dy't poer op de neogoatyske foltôging tsjin wiene. Yntusken wurde de neogoatyske tuorren as in libbene en goede oanfolling op it midsiuwske bouwurk wurdearre.

Markgreve Freark de Striidbere boude oan de westkant fan de katedraal yn 1425 de Foarstenkapel (Fürstenkapelle) as nij mausoleum foar de leden fan it Hûs Wettin. Dêrmei waard it âlde westlike portaal ynboud en in binnenportaal. De Foarstenkapel hat in ryk dekorearre netferwulft út de jierren 1443-1446. De markgreve fûn yn de kapel sels ek syn lêste rêstplak; syn brûnzen tombe waard nei alle gedachten troch de izerjitterij Vischer út Neurenberch makke. Yn de dom binne noch 164 oare grêfmonuminten.

Kleastergong en Joariskapel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kleastergong út 1470-1471 hat keunstsinnige diamantferwulft. Tusken 1470 en 1476 liet Arnold fan Westfalen in tredde ferdjipping op de dom sette. De sakristy ûnstie yn 1503. Yn de om 1530 oanboude letgoatyske Joariskapel (Georgskapelle) waarden hartoch George en syn frou Barbara byset. Wolf Caspar fan Klengel brocht yn 1677 it stúkwurk yn de kapel oan.

Ynterieur
Retabel fan Lucas Cranach de Alde yn de grêfkapel fan Joaris mei it Burd

Yn de muorre fan it koer steane stiennen bylden fan de stifters en de patroanhilligen fan de tsjerke. Se binne om 1260 hinne makke yn it atelier fan de Naumburger Domtsjerke. Te sjen binne bylden fan de stifters keizer Otto I, dy't fan 936 oant 973 hearske, en syn frou Adelheid fan Boergonje. Dêrnjonken binne ek bylden fan de patroanhilligen fan de tsjerke, Jehannes en Donatus, de biskop fan Arezzo. Fan belang binne ek de bylden fan Marije mei bern en dy fan de diaken Stefanus yn de Jehanneskapel.

It doksaal yn de tsjerke datearret fan 1260.

Ea hie de katedraal tsientallen alters, mar de measte alters binne nei de ynfiering fan de reformaasje ferwidere. Tsjintwurdich binne der noch trije alters. It letgoatyske heechalter stamt út it begjin fan de 16e iuw, it koerstuolte út 1529 en de sânstiennen preekstoel út 1591. Lukas Cranach de Alde makke yn 1526 of 1540 de panelen fan it alter foar it koerhek foar it doksaal. Sintraal stiet de Krusiging wylst de fleugels de fynst fan it Wiere Krús útbyldzje. In krúsifiks en de alterkandlers fan porslein binne yn Meissen makke troch Johann Joachim Kändler.

It oargel fan de domstjerke waard yn 1972 troch de firma Hermann Eule út Bautzen boud.

  • Lingte fan it skip: 97,30 meter
  • Hichte middenskip: 17,80 meter
  • Hichte toer: 81 meter

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side