Domtsjerke fan Grosseto

Ut Wikipedy
Domtsjerke fan Grosseto

Duomo di Grosseto

bouwurk
lokaasje
lân Itaalje
regio Toskane
plak Grosseto
adres Piazza San Lorenzo, 16123 Genova
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boustyl Romaanske arsjitektuer

De Domtsjerke fan Grosseto (Italjaansk: Duomo di Grosseto, Cattedrale di San Lorenzo) is de roomsk-katolike katedraal fan it bisdom Grosseto yn Toskane, Itaalje. De domtsjerke is wijd oan Sint-Laurentius.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de bou fan de hjoeddeiske tsjerke waard tsjin it ein fan de 13e iuw begûn ûnder lieding fan de arsjitekt Sozzo Rustichini út Siena. De nijbou ferfong de âldere Santa Maria Assunta-tsjerke. Fanwegen it útbrekken fan kriich mei Siena moast it wurk foar in skoft dellein wurde. Yn 1340 sette de bou wer útein.

Dêrnei ûndergyng de tsjerke feroarings neffens de moade fan de renêssânse en barok. Yn 1840-1865 folge in ferbouwing yn in neo-styl. De gevel fan wyt, read en swart moarmer waard tusken 1840 en 1845 útfierd. Dekorative eleminten fan it oarspronklike gebou, lykas de symboalen fan de evangelisten, krigen op 'e nij in plak oan de gevel.

Fan it oarspronklike gebou bleau de súdlike kant bewarre. It wurk fan it ryk bewurke portaal, de finsters en it byld fan de patroanhillige wurdt taskreaun oan learlingen fan Giovani d’Agostino (1310-1348), dy't oan de katedraal fan Siena wurke.

It grûnplan hat in latynsk krús mei in transept en apsis. It ynterieur is ferdield yn in skip mei twa sydskippen dy't troch krúsfoarmige pylders fan inoar skieden wurde. Belangrike keunstwurken yn de katedraal binne in bewurke doopfont fan Antonio Ghini út 1470-1474 en it skilderij fan it Madonna delle Grazie-alter fan Matteo di Giovanni (1470).

De campanile (klokketoer) stiet oan de noardlike kant fan de tsjerke en waard yn 1402 foltôge en restaurearre yn 1911. De trep yn de toer datearret fan 1611.

Romeinske pylder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De pylder mei it korintyske kapiteel by de rjochterhoeke fan de gevel datearret út de romeinske tiid enwaard yn 'e midsiuwen brûkt foar it bekend meitsjen fan saken y't de hiele stêd oangyngen.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan it bedriuw Mascioni stamt út 1959 en hie oarspronklik twa manualen. By de restauraasje fan it oargel yn 2004 waarden de registers ferdield oer trije manualen. It lûdsmateriaal is ferdield oer trije plakken: oan wjerskanten fan it koer en yn in ferhege nis rjochts njonken it presbitearium.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Italjaansktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: it:Duomo di Grosseto