Springe nei ynhâld

Domrémy-la-Pucelle

Ut Wikipedy
Domrémy-la-Pucelle
Bertehûs fan Jeanne d’Arc
Bertehûs fan Jeanne d’Arc
Emblemen
Bestjoer
LânFrankryk
RegioGrutte Easten
DepartemintFogezen
Sifers
Ynwennertal102 (2023)[1]
Oerflak8,99 km²
Befolkingsticht.11,35 ynw./km²
Hichte268-407 m
Oar
Postkoade88630
Kaart
Domrémy-la-Pucelle (Frankryk)
Domrémy-la-Pucelle
Kaart
Bertehûs fan Jeanne d’Arc
Lokaasje gemeente Domrémy-la-Pucelle yn it departemint Fogezen

Domrémy-la-Pucelle is in plak en gemeente yn it Frânske departemint Vosges (Fogezen). It doarpke leit oan 'e rivier de Maas; tichteby it doarp mûnet de Vair yn 'e Maas.

Westlik fan 'e buorren, noch op 'e himrik, leit in lytse beboske hichte fan 407 m, mei de namme Bosk Domrémy. De hichte oersjocht it oanswettende doarpke Les Roises.

Domrémy-la-Pucelle is ferneamd om't Jeanne d'Arc dêr berne waard. Har bertehûs is der noch en krige al yn 1840 de status fan monumint. It hûs is no part fan it museum. Eartiids hjitte it doarp Domrémy; "la Pucelle" is der oan taheakke omdat it de bynamme fan Jeanne d'Arc is, la pucelle d'Orléans (de faam fan Orléans).

Oardel kilometer besuden it doarp, op in hichte by it Bois Chenu, waard fan 1881 ôf de basilyk Sainte-Jeanne-d'Arc boud. De basilyk stiet op it plak dêr't Jeanne de stimmen fan hilligen hearde, dy't har oprôpen om Frankryk fan 'e Ingelsken (Godons) te befrijen.

Befolkingsûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier1962196819751982199019992007
Ynwennertal210225222199182167154
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. City Populataion