Springe nei ynhâld

Dom fan Naumburg

Ut Wikipedy
Dom fan Naumburg
Naumburger Dom
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Saksen-Anhalt
plak Naumburg
koördinaten 51° 9' N 11° 48' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Evangelyske Tsjerke yn Dútslân
patroanhillige Petrus en Paulus
Arsjitektuer
boujier sûnt de 11e iuw-13e iuw
boustyl gotyk
Webside
www.naumburger-dom
Kaart
Dom fan Naumburg (Saksen-Anhalt)
Dom fan Naumburg


Dom fan Naumburg
UNESCO-wrâlderfgoed
UNESCO folchnûmer 1470
kritearia (i)(ii)
ynskriuwing 2018 (sitting 42)
gebiet 1,82 ha
buffersône 56,98 ha
UNESCO-wrâlderfgoedlist

De Petrus- en Paulusdom yn 'e Dútske stêd Naumburg wie de katedraal fan it eardere bisdom Naumburg. De dom heart ta de meast wichtige letromaanske gebouwen fan Saksen-Anhalt. De domtsjerke waard foar in grut part yn 'e 13e iuw boud. Sûnt 2018 is de dom UNESCO-wrâlderfgoed.

Nei de reformaasje waard mei Nikolaas fan Amsdorf yn 1542 foar it earst yn it lân in protestantske biskop beneamd. Nei de dea fan 'e lêste biskop Julius von Pflug yn 1564 waard it bisdom opheft en foel it bisdom ta oan it foarstedom Saksen. De tsjerke bleau as parochytsjerke fan 'e protestantske domgemeente. Hjoed-de-dei wurdt de domtsjerke troch in stifting beheard.

Ierromaanske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei't yn 1028 de biskopssit fan Zeitz nei Naumburg ferhûze, waard yn 'e maitiid fan 1029 fuort east fan 'e hjoeddeiske tsjerke útein set mei de bou fan in ierromaanske katedraal. Om it jier 1044 hinne folge de wijing fan 'e nijbou, dy't lykas de tsjerke fan Zeitz opdroegen waard oan 'e apostels Petrus en Paulus. By opgravingen waarden fûneminten fan dy earste ierromaanske tsjerke ûnder de hjoeddeiske dom fûn. It wie in trijeskippige, krúsfoarmige basilyk en lytser as de hjoeddeiske tsjerke.

Letromaanske tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e jierren 1210-1242 waard de tsjerke ûnder biskop Engelhard (1207–1242) yn letromaanske styl werboud. Nei't der ynearsten mei it skip útein set waard, ferleine se it wurk letter nei it easten om fan dêrwei stadichoan nei it westen te bouwen. De nije tsjerke wie in oerwulfte basilyk mei bundelpylders en in eastlik koer, in eastlik dwersskip en in krypt. Neffens in 18e-iuwske boarne wie de wijing op 29 juny 1242.

Goatyske bou fan it westlik koer en de keunstwurken fan 'e Master fan Naumburg

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plattegrûn.

Nei alle gedachten op oantrunen fan merkgreve Hindrik III fan Meissen waard tusken 1245 en 1250 in iergoatysk westlik koer boud. Der waard ek in begjin makke mei de earste frijsteande ferdjipping fan 'e noardwestlike toer. It westike koer waard fan in doksaal fan it tsjerkeskip skaat. Dat doksaal mei foarstellingen fan it lijen fan Kristus waard makke troch de saneamde Master fan Naumberg en heart ta in hichtepunt fan dy fierders ûnbekende byldhouwer, útsein dat der earder wurk yn Metz, Mainz en nei alle gedachten ek yn Amiens en Noyon. Benammen de krusigingsgroep oan it portaal tsjut op in grutte keunstsinnigens en frommens.

Yn it koer steane de bylden fan 'e stifters fan 'e tsjerke op in plak dêr't oars altiten de bylden fan hilligen steane. Nei alle gedachten binne se in ferfanging fan 'e grêfmonuminten fan 'e stifters, dy't by de bou fan 'e letromaanske tsjerke opjûn wurde moasten. Wrâldferneamd binne de bylden fan merkgreve Ekhard II fan Meissen en syn frou Uta fan Ballenstedt oan 'e noardkant fan it koer en syn broer Hermann en syn frou Reglindis oan 'e súdkant dêrfan. Doe't dy bylden makke waarden, wiene hja al likernôch 200 jier dea en se waarden yn 'e âlde romaanske tsjerke begroeven. Hja wiene lykwols net de iennige stifters fan 'e Naumburger tsjerke. De biskop fan Naumburg, Diderik II fan Meissen, neamde yn in brief fan 1249 alle alve nammen fan 'e út trije generaasjes besteande stifters: Hermannus marchio, Regelyndis marchionissa, Eckehardus marchio, Uta marchionissa, Syzzo comes, Conradus comes, Wilhelmus comes, Gepa comitissa, Berchta comitissa, Theodoricus comes, Gerburch comitissa. En yn 'e Naumburger stjerregisters wurde nochris trije stifters neamd: Timo fan Kistritzz, greve Dietmar en grevinne Adelheid.

Fan it noardeasten nei it súdeasten steande de bylden fan 'e folgjende persoanen:

Stiftersbylden fan Ekkehard en Uta.
  • Koenrad
  • Adelheid I fan Gernrode
  • Ekhard II en Uta
  • Thimo fan Kistritz
  • Willem fan Camburg
  • Sizzo fan Kevernburg
  • Greve Dietmar
  • Herman I en Reglindis
  • Diderik fan Brehna en syn frou Gerburg
Twa apen oan it skaken.

Yn 'e earste helte fan 'e 12e iuw waard de romaanske apsis ferfongen troch in heechgoatysk eastkoer. Op 'e steunberen fan it koer steane de grutte, letter restaurearre bylden fan 'e patroanhilligen fan 'e tsjerke mei wetterspijers. In grutte wearde ha de brânskildere ramen, dy't foar in part noch út de boutiid fan it koer datearje mei foarstellings fan 'e ferstannige en sleauwe fammen, de deugden en de profeten. In nuveraardichheid binne de twa aapkes oan it skaken op in kapiteel oan 'e noardlike muorre fan it eastlike koer. Ramen út de 15e iuw byldzje it lijen fan Kristus, it libben fan Marije en apostels en profeten út.

Doksaal.

It halledoksaal, it âldste foarbyld yn syn soarte, waard om 1230 hinne boud by 'e letromaanske nijbou. Yn it doksaal is in 19e-iuwsk alter. Troch twa lytse poarten yn it doksaal liede steile treppen nei it koer. Dêr stiet ek in troch de Master fan Naumburg makke grêfmonumint fan biskop Diderik II en in alter mei in Madonna út 1567. Under de krusing en it eastlike koer is in trijeskippige krypte mei krúsferwulften.

Loftôfbyld fan 'e dom mei kleastergebouwen.

De boppeste ferdjippingen fan 'e noardwestlike toer waarden yn 'e 14e en 15e iuw boud. Mooglik wie de brân fan 1532 de oarsaak dat de boppeste dielen fan 'e eastlike tuorren fernijd en met letgoatysk maaswurk fersierd waarden.

Lettere feroaringen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In nei alle gedachten oanstutsen brân yn 1532 soarge foar in soad skea. It fjoer ferneatige de dakken, grutte dielen fan 'e ynrjochting en dielen fan 'e muorren. It duorre oant de 19e iuw dat de skea wer foar in part wersteld wie. Om 1715 hinne krigen de eastlike tuorren yn stee fan 'e oarspronklik achtsidige tintedakken barokke lantearnen.

Mei in restauraasje fan 1874-1878 waarden de rike barokke feroaringen yn 'e tsjerke weromdraaid. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw waard de fjirde, súdwestlike toer fan 'e tsjerke boud. Beide tuorren krigen in neogoatyske spits.

Tusken 1960 en 1968 waard in yngreven restauraasje útfierd. Dêrnjonken waarden der ek opgravingen dien. Nei 1989 binne alle dakken fan 'e tsjerke en de Trijekeningenkapel fernijd.

Marijeretabel.

Fan 'e ynrjochting fan 'e domtsjerke is û.o. troch de brân fan 1532, de Sweedske besetting en de barokke feroarings net in soad bewarre bleaun. Njonken de earder neamde ynrjochting is fierder it neamen wurdich:

  • de preekstoel út 1466;
  • in letgoatysk retabel út likernôch 1520 fan Marije mei Bern en de hilligen Barbara en Katarina;
  • it Hieronymusalter fan 1350;
  • in byld fan Elisabeth fan Tueringen yn 'e koepel fan 'e noardwestlike toer;
  • de koerbanken, wêrfan't de âldste dielen 12e-iuwsk binne;
  • grêfmonuminten út de 14e oant 18e iuw.
Sacra Conversazione
Michael Triegel (2022)

500 jier nei de reformaasje makke de Dútske keunstner Michael Triegel yn opdracht fan 'e protestantske gemeente tusken 2020 en 2022 in nij middenpaneel as ferfanging foar it by de byldestoarm fan 1541 ferneatige middenpaneel fan Lucas Cranach en in predella. Lykas it eartiidske paneel fan Cranach is in foarstelling fan Marije te sjen, mar dan mei moderne details. Sa binne û.o. ek de protestantske teolooch en fersetsman Dietrich Bonhoeffer, in man mei in reade baseball-pet en boartsjende bern ek op it paneel te sjen. Op 'e efterkant fan it middenpaneel hat Triegel de ferrizene Kristus ôfbylde en op 'e efterkant fan 'e predella dêrûnder de wynsels dy't Jezus by syn opstanning efterliet. De 16e-iuwske sydpanelen binne nei it fernielen fan it oarspronklike paneel bewarre bleaun en opslein en nei de foltôging oan it wurk fan Michael Triegel oan it nije middenpaneel befêstige. Allinne al yn 'e earste moannen nei de wijing troch de lânsbiskop Friedrich Kramer yn 2022 besochten mear as 70.000 minsken de tsjerke om it nije retabel te besjen.

Oargel en klokken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De firma Eule boude yn 1983 in oargel mei 28 registers op twa manualen en pedaal. De dom hat fjouwer histoaryske klokken. De âldste klok is yn 1502 troch Geart fan Wou getten.

Kleastergong.

De klausuergebouwen en de kleastergong leine eartiids noard fan 'e tsjerke. Dielen fan 'e eastlike fleugel fan it kleaster waarden yn 'e jierren 1961-1965 opgroeven. Oan 'e noardkant binne noch bouresten te sjen fan 'e letromaanske bou fan it kleaster, dat nei alle gedachten yn 'e 18e iuw ôfbrutsen waard. Oan 'e súdkant is noch in kleastergong mei klausuergebouwen. De kleastergong datearret fan 'e 13e iuw en wurdt troch de Marijetsjerke en de Trijekeningenkapel út 1416 ûnderbrutsen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Naumburger Domm