Springe nei ynhâld

Dolkstekdo

Ut Wikipedy
dolkstekdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaidolkstekdowen (Gallicolumba)
soarte
Gallicolumba luzonica
Scopoli, 1786
IUCN-status: net bedrige

De dolkstekdo (Gallicolumba luzonica) is in fûgelsoarte yn it skaai dolkstekdowen (Gallicolumba), dy't allinnich op 'e Filipinen foarkomt. Fan 'e sân soarten yn it skaai is de gewoane dolkstekdo it minst seldsum. De Filipynske namme fan 'e soarte is Punalada.

Tekening fan John Gould.

Dolkstekdowen binne middelgrutte dowen en wurde likernôch 25,5 sm lang. De sân soarten fan it skaai lykje in soad op inoar, mar binne troch harren kleuren fan in oar te ûnderskieden. It is in knobske fûgel mei in koarte sturt. In opfallend skaaimerk fan alle dolkstekdowen is it reade plak op harren wite boarst, dy't de fûgel de namme jout. Under is de fûgel ek wyt wylst it part by de sturt brúnoranje is. De foarholle is ljochtgriis en de rest fan it kopke, de rêch en de wjukken binne griis. Oer de wjukken rinne twa swarte bannen en de punten fan 'e wjukken binne ek swart. Fanwegen de irisearjende fearren kinne se by beskaat ljocht grien, blau of pears lykje. De snaffel is swart en de poatsjes binne brúnpears.

Der binne trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

  • Gallicolumba luzonica griseolateralis (Noard-Luzon)
  • Gallicolumba luzonica luzonica (Sintraal- en Súd-Luzon en Polillo)
  • Gallicolumba luzonica rubiventris (Catanduanes)

De soarte libbet op 'e grûn fan oerwâlden en bosken en op paden yn dy bosken oant in hichte fan sawat 1000 m.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De dolkstekdo siket op 'e grûn nei sied, beien en keverlarven. Se bouwe it nêst likernôch oardel meter boppe de grûn en in lechsel bestiet út twa aaikes.

De soarte wurdt bedrige troch de yllegale houtkap, it omsetten fan biotoop yn lânbougrûn, mynbou en yllegale hannel yn fûgels. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel as hast bedrige (NT). De wrâldpopulaasje wurdt tusken 5.000 en 25.000 folwoeksen fûgels rûsd (rûzing 2024).) It is in fûgel dy't op 'e grûn libbet en net graach fleant. Dat betsjut dat by ferlies fan geskikt biotoop der mear kâns is op isolaasje fan 'e populaasje, om't se mar lytse stikjes fleane. Der wurdt oannommen dat yn 'e measte lytsere reservaten op Luzon mei in heech risko op fierdere degradaasje fan it gebiet net mear 250 fûgels libje, sadat de fûgels op termyn dêr ferdwine. Dolkstekdowen komme yn tige lege oantallen foar op Polillo en op Catanduanes en der bestiet in grutte kâns dat de fûgels dêr yn 'e takomst útstjerre.

Fûgels yn finzenskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze soarte wurdt in soad hâlden en fokt yn finzenskip, mar de genetyske suverens fan finzen populaasjes is ûnbekend en it is mooglik dat de meardere ûndersoarten mei-inoar krúst binne.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: