Dokkum (gemeente)

Ut Wikipedy
Dokkum
flagge wapen

Wapen fan Dokkum
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Dokkum
grutste plak Dokkum
ynwennertal 12.071 (1981)[1]
befolkingstichtens 1.221,8 / km²
oerflak 9,88 km²[2]
tal stêden 1
tal doarpen 0
skiednis
oprjochte 1298
opheft 1984
opgien yn Dongeradiel
no part fan Noardeast-Fryslân
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
Dizze side giet oer de eardere gemeente Dokkum. Foar de stêd, sjoch: Dokkum.

Dokkum wie foarhinne in gemeente yn Fryslân dy't inkeld de stêd Dokkum besloech. De gemeente Dokkum hie op 1 jannewaris 1980 in befolking fan 12.071 minsken,[1] en besloech in oerflak fan 9,88 km².[2]

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Dokkum lei yn it noardeasten fan Fryslân ynklamme tusken trije folle gruttere buorgemeenten. Yn it noardwesten grinzge it oan West-Dongeradiel, yn it noardeasten oan East-Dongeradiel en yn it suden oan Dantumadiel. Yn totaal hie de gemeente in oerflak fan 9,88 km².[2]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It jier 1298, doe't Dokkum stedsrjochten krige, kin sjoen wurde as it begjin fan it gemeentlik bestjoer. Oars as by de measte oare Fryske stêden it gefal wie, hie Dokkum gjin klokslach en einige it domein fan 'e gemeente fuort bûten de stedswâlen. Yn 1925 waarden dielen fan 'e oangrinzgjende gemeenten East-Dongeradiel en West-Dongeradiel anneksearre om romte te krijen foar de útwreiding fan 'e stêd.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 waard de gemeente Dokkum opheft, om yn 'e mande mei East- en West-Dongeradiel op te gean yn 'e nije gemeente Dongeradiel. Op 1 jannewaris 2019 gie Dongerdiel mei de buorgemeenten Ferwerderadiel en Kollumerlân en Nijkrúslân op syn beurt op yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 jannewaris 1980 hie de gemeente Dokkum in befolking fan 12.071 minsken.[1] De befolkingstichtens bedroech doe 1.221,8 minsken de km².

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 26% fan 'e befolking fan Dokkum herfoarme, 44% grifformeard en 5% roomsk. Fierders bestie 14% fan 'e ynwenners út ateïsten en agnosten.[1]

Wat de polityk oangie, wie it CDA yn Dokkum fierwei de grutste partij. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 58,1% fan 'e stimmen; de PvdA 22,2%; de VVD 7,5%; de FNP 3,0%; en D66 2,3%.[1]

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan 'e gemeente Dokkum 36,8% wurksum yn 'e yndustry en 57,4% yn 'e tsjinstesektor.[1] It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 7,9% en foar froulju 8,3%.[3]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 14.
  2. 2,0 2,1 2,2 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 630.
  3. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 15.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten

eardere gemeenten

Aenjewier (1851–1934)
Baarderadiel (1851–1984)
Barradiel (1851–1984)
It Bilt (1851–2018)
Boalsert (1455–2011)
Boarnsterhim (1984–2014)
Doanjewerstâl (1851–1984)
Dokkum (1298–1984)
Dongeradiel (1984–2019)
Drylts (1268–1984)

East-Dongeradiel (1851–1984)
Ferwerderadiel (1851–2019)
Frjentsjer (1374–1984)
(âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984)
(nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018)
Gaasterlân (1851–1984)
Gaasterlân-Sleat (1984–2014)
Haskerlân (1851–1984)
Hylpen (1372–1984)
Himmelumer Aldefurd (1851–1984)

Hinnaarderadiel (1851–1984)
Idaerderadiel (1851–1984)
Kollumerlân (1851–2019)
Lemsterlân (1851–2014)
Littenseradiel (1984–2018)
Ljouwerteradiel (1851–2018)
Menameradiel (1851–2018)
Nijefurd (1984–2011)
Raerderhim (1851–1984)
Skarsterlân (1984–2014)

Skoatterlân (1851–1934)
Sleat (1426–1984)
Snits (1292–2011)
Starum (1061–1984)
Utingeradiel (1851–1984)
Warkum (1399–1984)
West-Dongeradiel (1851–1984)
(âld) Wymbritseradiel (1851–1984)
(nij) Wymbritseradiel (1984–2011)
Wûnseradiel (1851–1984)


wizigje