Dokkum

Ut Wikipedy
De ferzje fan 21 feb 2019 om 16.27 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Tekst by foto oars)
Dokkum
Flagge fan Dokkum Wapen fan Dokkum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Dokkum
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2016) 12.615
Webstee Webstee Dokkum
de himrik fan Dokkum
Dokkum eartiids
Satellytfoto fan Dokkum
Syl yn it Grutdjip
Winkelstrjitte Dokkum
Yn Dokkum
Dizze side giet oer de stêd Dokkum. Foar it eardere gemeente, sjoch: Dokkum (gemeente).

Dokkum is de noardlikste en eastlikste fan de Fryske stêden. It is it haadplak fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2019 wie Dokkum it haadplak fan 'e gemeente Dongeradiel, en foarôfgeande oan 'e grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 wie it it haadplak fan 'e gemeente Dokkum. Yn Dokkum wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk praat. De stêd is ûntstien op twa terpen.

Skiednis

Foar de oarsprong fan de namme Dokkum binne ferskate ferklearrings. Guon tinke in kombinaasje en gearlûking fan de Fryske manljusnamme 'Docko' dy't hjir in hiem hân hawwe soe. Oaren assosjearje Dokkum mei 'Tockingen', dat is in 'delsetting oan in tocht of stream'.

Om Dokkum hinne binne terpen mei prehistoaryske grêven, dat dy omkriten hawwe in lange skiednis fan bewenning. Yn de beskriuwing fan Bonifatius troch Willibald fan Mainz skreaun om 766 wurdt de namme fan Dokkum net fermelde. De twa generaasjes letter op skrift stelde Vita oer Bonifatius, neamd it ûnderwilens op de grêfhichte ûntstiene beafeartsoarde Dokkum wol "in loco qui Dockinga dictur". [1] Oare farianten binne ûnder mear 'Villa Nocdac' en 'Dockynchirica'.

Op it plak dêr't Bonifatius deadien wêze soe, waard om 760 hinne in oan him wijde tsjerke stifte dêr't Liudger en Willehad ek oan ferbûn west hawwe. De delsetting op in terp ûntwikkele him frijwat hurd troch syn geunstige lizzing oan in krusing fan in lânwei mei in see-earm. Ien fan de greeflike tollen kaam dêr te lizzen en de hartoggen fan Brunswyk joegen Dokkum rjocht fan muntslach yn de 11e iuw. Dizze munten binne werom fûn yn de Skandinavyske- en Baltyske lannen en sels op Yslân en yn de Ural oan ta. Yn de folle midsiuwen ûntjoech Dokkum him mei syn ynternasjonale hannelsbetrekkingen en merkefunksje ta in ûnôfhinklik plak, los fan de gritenij Dongeradiel. Yn 1298 krige Dokkum nei Starum, Harns en Drylts as fjirde stêd fan Fryslân stedsrjochten.

Earder, yn 1214, preke Olivier fan Keulen yn Dokkum de krústocht, dêr't dan ek Dokkumers oan meidien hawwe. Dy skiednis wurdt troch in heale moanne op it wapen fan Dokkum yn oantinken hâlden.

Yn de Grutte Fryske Oarloch giet it Alliearde leger yn ûnder lieding fan Fokko Ukena op Dokkum oan (1418). Nei inkele skermutselingen mei de Skieringer ferdigeners jouwe dy har oer en is de stêd oermastere. Dokkum wurdt brânskatte en de stêd militêr ûtskeakele.

It ierst bekende stedssegel fan Dokkum waard yn 1491 makke. It segel hat in ôfbyld fan de parochytsjerke wijd oan Sint Martinus. Inkelde tsientallen jierren fierder yn de tiid wie Dokkum waakst ta in mienskip fan sa'n 1400 minsken [2][3]

Yn de Tachtichjierrige Oarloch tsjin Spanje wie Dokkum in wichtige pion yn de striid. Yn 1572 wie de stêd inkele oeren yn hannen fan de Geuzen. Dokkum waard dêrfoar swier bestraft mei de Dokkumer Fury. Nei 1579, doe't Dokkum him oansleat by de Uny fan Utert begûn in tiidrek fan rêst.

Yn eardere jierren hie de stêd in iepen ferbining mei de see, it Dokkumer Grutdjip. Yn 1597 fêstige de Fryske Admiraliteit him yn Dokkum. Fan hjirút waarden alderlei saken foar de befeiliging fan de hannelsfeart en oarlochfiering mei Spanje op see regele. Dokkum wie fan grut strategysk belang, wat ek bliken die út de oanlis fan de stedswâlen yn de jierren 1581-1582.

Dochs bleau de Admiraliteit net lang yn Dokkum. Troch it tichtslykjen fan it Grutdjip moasten se yn 1644 it kantoar nei Harns ferpleatse. Yn 1729 waard de iepen ferbining mei de Lauwerssee definityf ôfsluten troch de oanlis fan de Dokkumer Nije Silen. Dy syl ferfong teffens de âlde 16e-iuwske seeslûs ûnder de Syl. Dokkum ûntjoech him hieltyd mear ta in op it lân oriïntearre stêd.
Troch de hege kosten fan de oanlis fan de Strobosser Trekfeart yn de jierren 1654 - 1656 gie Dokkum fallyt. Dokkum stie en stiet yn de lokaale tradysje bekend as "Earm Dokkum".

Besuden Dokkum is in boarne, dy't troch oerlevering yn ferbân brocht wurdt mei (de dea fan) de Frankyske misjonaris Bonifatius yn 754 en dêrtroch in roomsk-katolyk beafeartsoarde wurden is.

Yn Dokkum begûn Fedde Sonnema syn distillearderij en likeurstokerij, tsjintwurdich noch altyd bekend fan Sonnema Bearenburch. It âlde fabrykje stiet noch altyd yn Dokkum. It pleintsje foar it eardere fabryk is nei Sonnema Sonnemapleintje neamd.

Yn de njoggentjinde iuw ûntstie in tanimmend romtegebrek yn Dokkum. Dit kaam troch de fêstingwâlen dy't groei nei bûten behinderen, yn it skoatsfjild fan de kanonnen op de bastions mocht nammentlik net boud wurde. Alle nijbou waard yn de binnenstêd opproppe, wat late ta it ferlies fan in soad histoaryske gebouwen. Gelokkich waard de binnenstêd fan Dokkum - as ien fan de earste plakken yn Nederlân - yn 1974 útroppen ta beskerme stedsgesicht. (Sjoch ek: Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân).

Foar de Twadde Wrâldoarloch stoppe der ek in trein yn Dokkum, it Dokkumer Lokaeltsje. De passasierstsjinst is al yn 1936 opheft, it frachtferfier earst healwei de santiger jierren, mar dochs is by mannich Dokkumer it Dokkumer lokaaltsje in bekend ding. Sa is der in kroech yn Dokkum mei de namme "Dokkumer lokaaltsje", en kinne in protte Dokkumers it liet oer it treintsje. Yn 2008 wiene der plannen foar it opnij oanlizzen fan dizze ferbining, mar dy giene net troch.

Oant 1984 wie Dokkum ek in selsstannige gemeente. Troch in gearfoeging mei de gemeenten West- en East-Dongeradiel ûntstie de gemeente Dongeradiel. By de gemeentlike weryndieling dy't per 1 jannewaris 2019 trochfierd waard, kaam Dokkum as haadplak by de nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân te hearren.

Dokkum (754-2004) 1250 jier

Omdat 754 de earste kear yn de skiednis is dat Dokkum neamd wurdt, is dat as stiftingsjier fan Dokkum keazen. Yn 2004 wie dat 1250 jier lyn, en fanwege dat jubileum wie 2004 foar Dokkum in jier fan feestlikheden. Under oaren mei de fjouwerjierlikse stêdsfeesten waard dat jier ekstra grut útpakt. Ek ferskynde in standertwurk oer de skiednis fan Dokkum: Skiednis fan Dokkum, hert fan noardlik Eastergoa.

It besjen wurdich

Stedhûs fan Dokkum

Ein 20e iuw is der in soad restaurearre yn Dokkum. Mei jild fan de Jeropeeske Uny is de binnenstêd opnij fluorre en binne der ferskate keunstwurken oanbrocht. Ek partikulier is der in soad oan de stêd opknapt. Foarbylden dêrfan binne de Kofjebrânerij, dêr't no in restaurant yn sit en trepgevelhûs 'De Gouden Hân' oan de Fleismerk. Dokkumer spesjaliteit is Dockumer kofje.

Waach

Dokkumer waach

De Waach is boud yn 1754, presys 1000 jier nei de stifting fan Dokkum. It gebou hat 4 ioanyske pilasters mei byldhoude stedswapens en in klokkoepel.

Op de gevel stiet noch altyd de tekst waekt en weeght. Dat yn ferbân mei de twaliddige funksje dy't it earder hie. Alderearst waard dêr de suvel woegen en as twadde wiene dêr soldaten legere.

Tsjintwurdich sit der in restaurant yn de waach.

Tsjerken

Stedswâlen

Der binne fiif stedswâlen om Dokkum boud. Dizze stedswâlen steane bekend as bolwurken. Om dizze bolwurken lei wetter. De ienichste yngongen om yn Dokkum te kommen wienen fjouwer poarten: Hanspoarte, Healemoannepoarte, Wâldpoarte en de Ealsumerpoarte. Om 21.55 waarden klokken let as warskôging dat de poarten ticht giene. Minsken bûten Dokkum hienen dan noch fiif minuten de tiid om der yn te kommen. De bolwurken binne noch altyd goed te sjen omdat se noch yntakt binne. Ek no noch wurde om 21.55 yn Dokkum de klokken let om dy tradysje yn eare te hâlden. Op de bolwurken steane ek de mûnen Seldenrêst en De Hoop.

Wettertoer

Wettertoer fan Dokkum

De wettertoer fan Dokkum (1957) is ien fan de twa Fryske weropboumonuminten dy't yn 2007 troch de Rykstsjinst foar Archeology, Kultuerlânskip en Monuminten op de list fan ryksmonuminten út de weropbouperioade komd is.

Arsjitekt fan de toer is de Ljouwerter Jo Vegter. Boppe-yn de 37 meter hege toer soe destiids in restaurant komme mar dat is der nea fan kaam.

Eveneminten

Mienskip

Ferienings

  • Fryslân Teater - toaniel

Ferbinings

Dokkum hie yn it ferline in iepen ferbining nei see troch it Dokkumer Djip. Yn 1596 waard dêr dan ek de Fryske Admiraliteit oprjochte. Mar om 1645 hinne gie de Admiraliteit nei Harns, en Dokkum rûn tebek wat de seefeart oanbelanget, oant yn 1729 in dyk tsjin it gefaar fan de Lauwerssee oanlein waard dy't Dokkum hielendal fan de see ôfsluten.

Fan 1645 oant 1656 is de Strobosser Trekfeart groeven yn opdracht fan de stêd Dokkum om de ferbining mei Grins te ferbetterjen. Troch de hege kosten kaam Dokkum yn grutte finansjele problemen.

Tusken 1901 en 1936 hie Dokkum ek in ferbining mei Ljouwert oer it spoar. It stasjon fan it saneamde Dokkumer Lokaeltsje lei doedestiids tusken Dokkum en Ealsum. Ferskeidene strjittenammen ferwize noch nei dy tiid, sa as de Stasjonswei, Stasjonsstrjitte en By 't Stasjon. Wat westliker leit no it busstasjon dêr't de bussen ôfsette nei Ljouwert, Drachten en Bûtenpost.

Yndieling

Yn it sintrum fan Dokkum is de âlde binnenstêd, binnen de Bolwurken.

Dokkum hat him yn de 20e iuw oan alle siden bûten de bolwurken útwreide. Der binne tal fan wenwiken bykaam:

  • Fonteinslânnen (besuden de binnenstêd )
  • Jantsjessee polder (súdkant)
  • Koailannen (súd-eastkant)
  • It Fûgellân (eastkant)
  • Weeshúslannen (noardkant)
  • Huoddemakkerspolder (súdwestkant)
  • Wâldhoarne (westkant)

Fierders binne der ek noch twa yndustryterreinen:

De Trije Terpen (nijbouwyk)

De Trije Terpen

Súdwestlik fan Dokkum wurdt de nijbouwyk De Trije Terpen oanlein. Dy wyk krijt 220 nijbouwwenten. Yn de wyk komt in farieard wenningoanbod. De wyk sil yn trije fazes boud wurde. Yn 'e midden komt in wyksintrum. De wyk grinzet oan Suderskâns (Zuiderschans), in winkel- en bedriuwegebiet, en de Wâldhorne (Woudhorne).

Underwiis en Sûnenssoarch

Foarbylden fan ûnderwiis- en sûnenssoarchynstellingen yn Dokkum binne:

Berne yn Dokkum

Strjitten

Alle strjitten yn Dokkum.

Sjoch ek

Bouwurken

Bylden

Alve Stêden fan de provinsje Fryslân

Boalsert · Dokkum · Drylts · Frjentsjer · Harns · Hylpen · Ljouwert · Sleat · Snits · Starum · Warkum

wizigje

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 308.
  2. Dijkstra, J., 2003: Archeologisch onderzoek aan de Koningstraat te Dokkum. ADCrapport 204, Bunschoten.
  3. [1]