Doke Schmidt

Ut Wikipedy

Doke Schmidt (It Hearrenfean, 7 april 1992) is in Nederlânsk fuotballer dy’t meast as ferdigener spilet. Hy debutearre yn it 2011-2012 yn de Earedifyzje by SK It Hearrenfean.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doke Schmidt begûn mei it fuotbaljen by Fuotbalferiening Heerenveense Boys en gie yn 2003 nei de fuotbalskoalle fan SK It Hearrenfean. By de profclub trochrûn hy alle jeugdalvetallen. Yn it seizoen 2010/2011 starte er yn de A1, mar yn de winterstop waard er trochskood nei de beloften.

Yn de tarieding op it seizoen 2011/2012 waard Schmidt mei twa oare beloften belutsen by it earste alvetal. Nei twa wiken hienen de talinten wer oanslute sillen by Jong SK It Hearrenfean. Mar haadtrener Ron Jans hâlde Schmidt langer by it flaggeskip. Dit resultearre ûnder oaren yn it profdebút fan Schmidt, yn de kompetysjewedstriid tsjin N.E.C., dêr’t er yn de njoggentichste minút Filip Đuričić ferfong. De wedstriid dêrnei makke Schmidt tsjin Ajax syn basisdebút fanwegen in blessuere fan Daryl Janmaat. Yn de útwedstriid tsjin Feyenoord kaam Schmidt de definsje te fersterkjen nei de gielreade kaart fan Ramon Zomer. De ynfalbeurt duorre net lang, meidat er nei fjouwer minuten wer ynrukke mocht nei in grouwélige oanslach op in tsjinstanner. Dit kaam him op in ûntsetting fan fjouwer wedstriden te stean, ien dêrfan mei betingsten.

It Hearrenfean ferhierde him yn it seizoen 2013/14 oan Go Ahead Eagles, dêr't er dat jiers syn earste doelpunt yn de Earedifyzje makke. Nei't er weromkaam by It Hearrenfean, spile er yn 2014/15 yn 22 kompetysjewedstriden foar de klup. op 4 april 2015 krige er út by NAC Breda in blessuere oan 'e ankel, dêr't er foar it gânse seizoen 2015/15 net troch spylje koe.

Fan 2019 ôf spilet er by SC Cambuur.

Karriêrestatistiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje
2011/12 SK It Hearrenfean 1 0 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2012/13 SK It Hearrenfean 17 0 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2013/14 Go Ahead Eagles 27 2 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2014/15 SK It Hearrenfean 22 0 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2015/16 SK It Hearrenfean 0 0 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2016/17 SK It Hearrenfean 13 1 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2017/18 SK It Hearrenfean 14 0 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2018/19 SK It Hearrenfean 13 0 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2019/20 SC Cambuur 15 0 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2020/21 SC Cambuur 37 0 flagge fan Nederlân Earedifyzje
2021/22 SC Cambuur 30 0 flagge fan Nederlân Earedifyzje
Totaal 5 0

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]