Doje Pieters van Zeeburgh

Ut Wikipedy

Doje Pieters van Zeeburgh (Uskwert, 1 july 1779Warffum, 12 april 1820) wie in Nederlânsk boargemaster fan de gemeente Warffum.

Van Zeeburgh wie in soan fan Pieter Dojes en Barber Harms. Hy wie maire fan de Grinslânske gemeente Warffum fan 1808 ôf oan.

Van Zeeburgh boaske yn Warffum op 21 juny 1807 mei Alagonda van Bolhuis (1784-1816), dochter fan mr. Jan van Bolhuis. Harren bernsbern Jan Bolhuis van Zeeburgh (1836-1880) wie in bekend histoarikus.