Springe nei ynhâld

Doctor Strange in the Multiverse of Madness

Ut Wikipedy
Doctor Strange in
the Multiverse of Madness
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Sam Raimi
produsint Kevin Feige
senario Michael Waldron
basearre op Doctor Strange fan
    Stan Lee en Steve Ditko
kamerarezjy John Mathieson
muzyk Danny Elfman
filmstudio Marvel Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Benedict Cumberbatch
Elizabeth Olsen
Xochitl Gomez
byrollen Rachel McAdams
Benedict Wong
Chiwetel Ejiofor
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 2 maaie 2022
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk (ek wat Spaansk)
spyltiid 126 minuten
budget en resultaten
budget $350,6 miljoen
opbringst $955,8 miljoen
prizen 1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Spider-Man: No Way Home
● folgjend diel Thor: Love and Thunder

Doctor Strange in the Multiverse of Madness is in Amerikaanske superheldefilm út 2022 ûnder rezjy fan Sam Raimi, mei yn 'e haadrollen Benedict Cumberbatch, Elizabeth Olsen en Xochitl Gomez. De titel betsjut "Dokter Strange yn it Multyversum fan Gekte". It wie de twadde film oer de superheld Doctor Strange út 'e strips fan útjouwerij Marvel Comics. As sadanich is it in direkt ferfolch op 'e film Doctor Strange út 2016. Doctor Strange in the Multiverse of Madness makket diel út fan 'e bredere Marvel Cinematic Universe-filmsearje. Hy folget as sadanich op Spider-Man: No Way Home en giet foarôf oan Thor: Love and Thunder. De ferhaalline fan Wanda Maximoff yn Doctor Strange in the Multiverse of Madness is in direkt ferfolch op 'e minysearje WandaVision út 2021.

It ferhaal folget dokter Stephen Strange wannear't er it famke America Chavez besiket te helpen dat troch it hiele multyversum efterfolge wurdt troch demoanen. Hy giet nei Wanda Maximoff alias Scarlet Witch om help, mar dan docht bliken dat sy dejinge is dy't de demoanen stjoerd hat. Wanda wol tsjin eltse priis it fermogen fan America bemasterje om fan it iene universum nei it oare te springen, sadat se de bern weromkrije kin dy't se yn dit universum nea hân hat, mar dêr't se eltse nacht fan dreamt. It wurdt foar Strange en syn maat, de alderheechste tsjoender Wong, in poepetoer om 'e Skarlekkene Hekse tsjin te kearen. Doctor Strange in the Multiverse of Madness wie ien fan 'e djoerste films aller tiden, wat foar in diel kaam om't de produksje gâns fertraging oprûn troch de koroanapandemy. Fan 'e filmkritisy krige de film oer it algemien positive resinsjes en yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses.

It teenagefamke America Chavez en in ferzje fan Stephen Strange út in parallel universum wurde opjage troch in demon op in plak tusken de universa yn, dêr't se besykje it Boek fan Vishanti te berikken. Dat slagget lykwols net en Strange rekket dea wylst America by fersin in iepening kreëarret nei de normale reäliteit, dêr't sy en it stoflik omskot fan Strange trochhinne sûgd wurde.

Dokter Stephen Strange wurdt op syn bêd yn New York wekker út in dream oer America en de oare ferzje fan himsels, dy't er foar in gewoane nachtmerje hâldt. Hy klaait him oan en giet nei de trouwerij fan syn eks Christine Palmer. Wannear't sy him letter op 'e brulloft freget oft er gelokkich is, liicht er troch "ja" te antwurdzjen. De brulloft wurdt rou fersteurd as deunby in (oare) demon begjint hús te hâlden. Strange giet derop ta, en tegearre mei syn freon, de alderheechste tsjoender Wong, rêdt er America, dy't er weromken út syn dream. Sy fertelt him dat sy it fermogen hat om it multyversum te trochkrusen troch fan it iene parallelle universum oer te stappen nei it oare. It probleem is dat se gjin behearsking oer dat fermogen hat en it allinnich brûke kin as se deabenaud is. Se wurdt no al in hiel skoft efterfolge troch demoanen dy't har besykje finzen te nimmen. Wannear't Strange har útdaget om har ferhaal te bewizen, liedt se him en Wong nei it lyk ta fan 'e oare ferzje fan himsels.

Strange en Wong beseffe dat de demoanen net út eigen wil efter America oan sitte, mar troch immen stjoerd wurde. Mei't se de runen op 'e hûd fan 'e demoanen werom kenne as hekserij, giet Strange te rie by de iennichste hekse dy't er ken, it eardere lid fan 'e Avengers Wanda Maximoff, alias Scarlet Witch, de "Skarlekkene Hekse". Wanda besiket him ôf te poeierjen, mar ferpraat har, sadat Strange beseft dat sy dejinge is dy't de demoanen efter America oan stjoerd hat.

Wanda jout it toanielspyljen dan oer en bekent dat sy dêr yndie foar ferantwurdlik is. Nei't se de hân lein hat op it Darkhold, in grimoire mei boasaardige tsjoenen, is Wanda fan it rjochte paad rekke. Se mient no dat it stellen fan it fermogen fan America om oer te stekken nei parallelle universa de iennichste manear is om weriene te wurden mei har bern Billy en Tommy, dy't se skepen hie yn har tiid yn Westview (sjoch de minysearje WandaVision). Strange besiket mei har te redendielen troch derop te wizen dat Wanda America deadzje moat om har fermogen oer te nimmen, mar dat fynt Wanda in akseptabele priis. As er derop wiist dat se, as se ienris oerstutsen is nei in oar universum, ek mei de dêr libjende ferzje fan harsels ôfweve moat foar't se wer mem fan "har" soannen wurde kin, wegeret Wanda dêr fierder op yn te gean.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wanda easket dat Strange en Wong America oan har útleverje sille, mar dat wegerje se. Dêrop falt Wanda it bolwurk fan 'e tsjoenders oan, de Kamar-Taj yn Nepal, en deadet dêrby gâns tsjoenders. Yn deadsneed transportearret America harsels en Strange nei in oar universum, wylst Wong efterbliuwt as finzene fan Wanda. Sara, ien fan 'e oerlibjende tsjoensters, wit it Darkhold te feneatigjen, al kostet har dat har libben. Wanda martelet de oare oerlibjende tsjoenders om Wong ta meiwurking te twingen oant er tajout. Hy fertelt har dat it Darkhold mar in kopy wie fan 'e teksten dy't yn 'e muorren kurven binne fan 'e timpel fan it kwea op 'e top fan 'e Wundagore, in hege berch yn 'e Himalaya. Wanda nimt him mei dêrhinne en wint troch de teksten yn 'e timpel it fermogen om te "dreamwanneljen", d.w.s. om it lichem in oare ferzje fan harsels yn in parallel universum troch geastlike besetting oer te nimmen.

Yn it universum dêr't se telâne kommen binne, sykje Strange en America help by de pleatlike tsjoenders. It docht bliken dat de alderheechste tsjoender dêre nimmen oars is as Karl Mordo, dy't yn 'e normale reäliteit in swarde fijân fan Strange wie. Om't yn it parallel universum alles oars is as dat er wend is, fertrout Strange Mordo, mar dyselde ferriedt him en nimt him en America finzen. Se wurde fêstholden yn in laboratoarium dêr't ûndersyk dien wurdt nei lju út oare universa. De lieding is dêr yn 'e hannen fan 'e pleatslike ferzje fan Christine Palmer. Strange wurdt foar in rjochtbank brocht dy't bestiet út pleatslike superhelden dy't oer syn lot beslisse sille: Mordo, Peggy Carter, Blackagar Boltagon, Maria Rambeau, Reed Richards en Charles Xavier. Dyselden lizze út dat de Strange út harren universum troch domdrystens en it brekken fan 'e regels in "ynkringing" feroarsake hat, wêrby't in hiel parallel universum ferneatige is en eltsenien dy't dêr libbe de dea fûn hat. Hy hat dêrfoar de deastraf krigen, en de konsensus liket te wêzen dat de ferzje fan Strange dy't se no finzen hâlde, gjin hier better is en ek de deastraf fertsjinnet.

Ear't de rjochtbank ta in stimming komme kin, beset Wanda al "dreamwanneljend" it lichem fan 'e ferzje fan harsels yn it universum dêr't Strange him befynt. Op 'e siik nei America kringt se it laboratoarium binnen. Carter, Rambeau, Boltagon, Richards en Xavier besykje har tsjin te kearen, mar moatte dat ien foar ien mei de dea bekeapje. Underwilens wit Strange oan Mordo te ûntkommen en lit Palmer America frij om mei har út te naaien. Trijeresom flechtsje se foar Wanda en witte se it plak tusken de universa te berikken dêr't it Boek fan Vishanti leit, de goede tsjinfuotter fan it Darkhold en it iennichste dat Strange helpe kin om Wanda te ferslaan. Mar Wanda folget harren nei it plak tusken de universa en baarnt it Boek fan Vishanti ta jiske ear't Strange it tsjin har brûke kin. Dêrnei nimt se America finzen en brûkt har krêften om Strange en Palmer te ferbaljen nei in universum dat heal ferneatige is by in botsing mei in oar universum, feroarsake troch in "ynkringing".

Strange en Palmer sykje de ferzje fan Strange yn dat universum op, mar dy blykt troch it gebrûk fan it Darkhold fan dat universum sljochtsinnich wurden te wêzen en derop út te wêzen om 'e ferzjes fan himsels yn alle oare universa te fermoardzjen. Strange ferslacht en deadet dy ferzje fan himsels en brûkt dan it pleatslike Darkhold om yn 'e normale reäliteit te dreamwanneljen yn it stoflik omskot fan 'e ferzje fan himsels dy't dêr mei America bedarre wie. It animearjen fan in lyk bringt him yn konflikt mei de geasten fan 'e ferflokten, mar mei help fan Palmer wit er dyselden te oerwinnen en foar syn karke te spannen. Mei Wong, dy't ûnderwilens ûntsnapt wie, falt er dêrnei Wanda oan yn 'e timpel op 'e Wundagore, dêr't se fan doel is om America te offerjen om har krêften te stellen.

De dreamwanneljende Strange en Wong rêde America, en Strange fiteret har oan om fertrouwen te hawwen yn har fermogens, om't hy derfan oertsjûge is dat se dy altyd al behearske. America besiket Wanda te ferslaan, mar faalt. Dêrop seit se dat se har persiis har sin jaan sil en transportearret se har nei it universum dêr't Wanda earder de pleatslike ferzje fan harsels brûkt hie om America finzen te nimmen. Wannear't Wanda sjocht hoe bang oft Billy en Tommy foar har binne en hoe't se om harren echte mem raze, kringt einlings en te'n lêsten de ferkeardens en sinleazens fan har plannen ta har troch. Se jout it oer en America lit har weromkeare nei de normale reäliteit, dêr't Wanda har krêften brûkt om 'e timpel op 'e Wundagore boppe-op harsels ynstoarte te litten nei't Wong himsels en America nei Kamar-Taj teleportearre hat. As it Darkhold dat er brûkte om te 'dreamwanneljen' ta jiske fuortbaarnt, beseft Strange dat Wanda mei-iens ek alle ferzjes fan it gefaarlike grimoire yn alle universa ferneatige hat. America hellet him werom nei de normale reäliteit en bringt Palmer thús yn har eigen universum.

Letter wurdt yn Kamar-Taj de skea reparearre dy't Wanda mei har oanfal feroarsake hat. Underwilens is America by de tsjoenders yn 'e lear gien om sels in tsjoenster te wurden. Strange bewissiget Wong derfan dat er neat skipe hat fan syn gebrûk fan it Darkhold, mar letter docht bliken dat er in trêde each op syn foarholle ûntwikkele hat, krekt sa't de ferzje fan himsels yn it heal ferneatige universum hie. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling tafoege is, wurdt Strange op 'e strjitte oansprutsen troch in tsjoenster (dy't bûten de film om identifisearre is as Clea). Sy fertelt him dat syn dieden foar in 'ynkringing' soarge hawwe en freget him oft er helpe wol de skea goed te meitsjen. Dat wol er wol en hy folget har de Dûnkere Diminsje yn.

Benedict Cumberbatch.
Elizabeth Olsen.
Xochitl Gomez.
haadrollen
personaazje                                        akteur/aktrise
dokter Stephen Strange Benedict Cumberbatch
Wanda Maximoff / Scarlet Witch Elizabeth Olsen
America Chavez Xochitl Gomez


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Christine Palmer Rachel McAdams
master Wong Benedict Wong
Karl Mordo Chiwetel Ejiofor
professor Charles Xavier Patrick Stewart
Peggy Carter / Captain Carter Hayley Atwell
Maria Rambeau / Captain Marvel Lashana Lynch
Blackagar Boltagon / Black Bolt Anson Mount
Reed Richards / lid fan 'e Fantastic Four John Krasinski
Billy Julian Hilliard
Tommy Jett Klyne
dokter Nicodemus West Michael Stuhlbarg
master Hamir Topo Wresniwiro
masteresse Sara Sheila Atim
Rintrah Adam Hugill (stim)
Ultron-androïden Ross Marquand (stim)
Clea Charlize Theron (cameo)
Pizza Poppa Bruce Campbell

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regisseur Scott Derrickson makke yn oktober 2016, fuort nei de premiêre fan syn film Doctor Strange, bekend dat er mei gragens in ferfolch meitsje woe. Yn april 2017 waard dat ferfolch, dat Doctor Strange in the Multiverse of Madness wurde soe, offisjeel oankundige troch de Marvel Studios. Mar yn jannewaris 2020 giene Marvel en Derrickson útinoar omreden fan wat "in kreätyf skeel" neamd waard. As ferfanger foar Derrickson waard regisseur Sam Raimi oanlutsen, dy't wurke op basis fan in senario fan Michael Waldron. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de Marvel Studios.

Foar de film wie in budget beskikber fan $350,6 miljoen, wêrmei't it ien fan 'e djoerste films aller tiden wie. Foar in diel waard dat feroarsake troch alle fertragings dy't de opnamen oprûnen troch de lockdowns yn it ramt fan 'e koroanapandemy. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Mathieson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Danny Elfman.

Regisseur Sam Raimi.

De opnamen foar Doctor Strange in the Multiverse of Madness setten yn novimber 2020 útein en duorren oant yn april 2021. Eins hie it filmjen al yn maaie 2020 begjinne sillen, mar fanwegen de lockdowns en oare beheinende maatregels yn it ramt fan 'e koroanapandemy rûn it spul in healjier fertraging op. In nije lockdown makke dat it wurk fan ein desimber 2020 oant febrewaris 2021 stil kaam te lizzen. Haadrolspiler Benedict Cumberbatch moast op in stuit fjirtjin dagen yn karantêne nei't er yn kontakt kommen wie mei in lid fan 'e filmcrew dy't neitiid in positive útslach krige by in koroanatest.

Om foar te kommen dat de filmsets bestoarme wurde soene troch oerentûsjaste fans, waard gebrûk makke fan 'e mei opset sin misliedende wurktitel Stellar Vortex. De measte binnendoarsênes yn 'e film waarden opnommen yn 'e Longcross Studios yn it Ingelske greefskip Surrey, ûnder de reek fan Londen. Der waard op lokaasje filme yn it Broomfield Hill Car Park yn Richmond Park en yn 'e Frijmitseldershal yn Londen. De sêne wêryn't Strange Wanda foar it earst opsiket en se inoar moetsje yn in apelhôf, waard opnommen by Burrow Hill Cider Farm yn it greefskip Somerset. Oare filmlokaasjes wiene Los Angeles en Nepal.

De distribúsje fan Doctor Strange in the Multiverse of Madness waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan Disney, dat de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios is. De film gie op 2 maaie 2022 yn it Dolby Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 6 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn in stikmannich oare lannen, wêrûnder Dútslân, Itaalje, Sweden, it Feriene Keninkryk en Súd-Koreä, wie de film doe al ien of twa dagen foar it gewoane bioskooppublyk te sjen.

Haadrolspilers Benedict Cumberbatch en Elizabeth Olsen by de oankundiging fan Doctor Strange in the Multiverse of Madnes op 'e San Diego Comic-Con fan 2019.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 4 maaie 2022 by platemaatskippijen Hollywood Records en Marvel Music. Doctor Strange in the Multiverse of Madness wie fan 22 juny 2022 ôf te sjen fia streamingtsjinst Disney+, en waard op 26 july fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Doctor Strange in the Multiverse of Madness oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Leah Greenblatt fan Entertainment Weekly de rezjy fan Sam Raimi en neamde se de film "alderferskuorrendste ferfrissend" yn ferhâlding ta de 27 eardere dielen fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. Yn it tydskrift Variety ornearre Owen Gleiberman dat Doctor Strange in the Multiverse of Madness tefolle special effects befette en út en troch "in bytsje in martelgong" waard. Mar hy hie in protte nocht oan 'e rezjy fan Raimi yn ferskate sênes. Ek Pete Hammond fan 'e webside Deadline Hollywood hie lof foar Raimi, waans rezjy hy karakterisearre as "súksesfol fermaaklik".

Yn The Hollywood Reporter wie John Defore fan miening dat de fans fan Raimi teloarsteld wêze koene oer de slach om Kamar-Taj. Mar hy fûn ek dat Raimi yn ferskate oer sênes syn karakteristike rezjystyl sjen liet. Justin Chang fan 'e Los Angeles Times omskreau Doctor Strange in the Multiverse of Madness as "in ôfwikseljend healwiis en grizelich ferhaal dat út en troch eefkes skoft hâldt om in floedweach fan fertriet út te stoarten". Behalven foar de rezjy fan Raimi hie hy ek lof foar it aktearjen fan haadrolspilers Benedict Cumberbatch en Elizabeth Olsen en foar de moaie bylden yn 'e film.

Yn 'e Britske krante The Guardian parte Peter Bradshaw oan Doctor Strange in the Multiverse of Madness 3 fan 5 stjerren ta. Neffens him waard "de dramatyske impact fan ien inkele reäliteit belune troch it bestean fan ûntelbere reäliteiten", mar hy fûn dat de film goed mei syn ûnderwerpmateriaal omgie troch tapassing fan "lichthertigens en wille". David Ehrlich fan IndieWire fûn dat it personaazje fan Doctor Strange "fertinne" wie troch de foarfallen yn Spider-Man: No Way Home. En it begjin fan Doctor Strange in the Multiverse of Madness seach er as "in flau ferhaaltsje fan minsken dy't mei special effects goaie nei oare special effects, wylst se seure oer lykfol hokker nij ding no wer it fuortbestean fan alles bedriget." De rezjy fan Raimi wie neffens him "net genôch om 'e film geweldich te meitsjen, mar wol om it ta in echte Raimi-film te meitsjen".

De Frijmitseldershal yn Londen wie ien fan 'e opname-lokaasjes foar Doctor Strange in the Multiverse of Madness.

Brian Tallerico fan 'e webside RogerEbert.com joech Doctor Strange in the Multiverse of Madness mar 2 fan 4 stjerren. Hy fûn dat de film "oaninoar naaid [wie] út stikjes fan oare films, stripalbums en tillefyzjesearjes en ta libben wekke [wie] mei de elektrisiteit fan in Marvel-budget". Dêrom spriek er fan in "Frankenstein-film". Alonso Duralde fan TheWrap ferliek Doctor Strange in the Multiverse of Madness mei in oare film út 2022 oer parallelle universa, it Oscar-winnende Everything Everywhere All at Once, en fûn dat dy lêste film op alle mêden folle better wie: "[dy] drystmoedich fernijende ûnôfhinklike film ûntploft hast fan humor en moed en persoanlikheid – dat foar it meastepart mist yn it lêste aventoer út it Marvel Cinematic Universe".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Doctor Strange in the Multiverse of Madness in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 460 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] boddet ûnder it gewicht fan it úttynjende Marvel Cinematic Universe, mar de karakteristike rezjy fan Sam Raimi leit in betsjoening fan fermaak oer it bioskooppublyk." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Doctor Strange in the Multiverse of Madness in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 65 resinsjes.

Doctor Strange in the Multiverse of Madness draait yn 'e bioskoop AMC Newport Centre 11 yn Jersey City (Nij-Jersey).

Doctor Strange in the Multiverse of Madness brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $411,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $544,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $955,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $350,6 miljoen betsjut dat in winst fan $605,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Doctor Strange in the Multiverse of Madness de op trije nei meast opbringende film fan 2022, nei Avatar: The Way of Water, Top Gun: Maverick en Jurassic World: Dominion. It tydskrift Forbes rûsde de skjinne winst foar Doctor Strange in the Multiverse of Madness op $127,3 miljoen.

Doctor Strange in the Multiverse of Madness waard by de Saturn Awards nominearre foar prizen yn 4 kategoryen, wêrûnder bêste superheldefilm, bêste byrol fan in akteur (Benedict Wong) en bêste special effects. De film wûn de Saturn Award foar bêste filmmuzyk. Doctor Strange in the Multiverse of Madness wûn fierders ek de MTV Movie Award foar bêste smjunt (Elizabeth Olsen) en de People's Choice Awards foar bêste film fan 2022, bêste aktrise fan 2022 en bêste aksjefilmstjer fan 2022 (beide kearen Elizabeth Olsen). Teffens waard de film foar de titelmuzyk nominearre foar de Grammy Award foar bêste arranzjemint, ynstrumintele muzyk of a cappella.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: the_Multiverse_of_Madness References, op dizze side.


 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Deadpool & Wolverine (2024) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2025)
  M.C.U. Phase 6 The Fantastic Four: First Steps (2025) • Avengers: Doomsday (2026) • Spider-Man: Brand New Day (2026) • Avengers: Secret Wars (2027)