Springe nei ynhâld

Doctor Strange (film út 2016)

Ut Wikipedy
Doctor Strange
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Scott Derrickson
produsint Kevin Feige
senario Jon Spaihts
Scott Derrickson
C. Robert Cargill
basearre op Doctor Strange fan
    Stan Lee en Steve Ditko
kamerarezjy Ben Davis
muzyk Michael Giacchino
filmstudio Marvel Studios
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen Benedict Cumberbatch
Tilda Swinton
byrollen Benedict Wong
Rachel McAdams
Chiwetel Ejiofor
Mads Mikkelsen
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 13 oktober 2016
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm
taal Ingelsk
spyltiid 115 minuten
budget en resultaten
budget $165–237 miljoen
opbringst $677,8 miljoen
prizen 2 × Saturn Award
1 × Empire Award
filmsearje
filmsearje Marvel Cinematic Universe
● foarich diel Captain America: Civil War
● folgjend diel Guardians of the Galaxy Vol. 2

Doctor Strange is in Amerikaanske superheldefilm út 2016 ûnder rezjy fan Scott Derrickson, mei yn 'e haadrollen Benedict Cumberbatch en Tilda Swinton. De titel betsjut "Dokter Strange", of letterliker: "Dokter Nuver". De film is basearre op 'e strips fan útjouwerij Marvel Comics oer de superheld Doctor Strange en makket diel út fan 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje. Hy folget as sadanich op Captain America: Civil War en giet foarôf oan Guardians of the Galaxy Vol. 2.

It ferhaal folget de Amerikaanske topsjirurch Stephen Strange, dy't troch eigen skuld in ferkearsûngemak kriget wêrby't syn hannen stikken reitsje. Fan gefolgen kin er net mear operearje. Yn syn wanhopige syktocht nei genêzing komt er yn kontakt mei in mystika dy't harsels "de Oerâlde" neamt. Der giet in nije wrâld foar Strange iepen as er ûntdekt dat tsjoenderij echt bestiet. Al rillegau falt it oan him ta om 'e wrâld te ferdigenjen tsjin 'e korrupte tsjoender Kaecilius en de demon Dormammu.

Fan 'e filmkritisy krige Doctor Strange oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses. Doctor Strange wûn twa Saturn Awards en in Empire Award en waard nominearre foar de Oscar yn 'e kategory bêste special effects. In direkt ferfolch op 'e film, mei as titel Doctor Strange in the Multiverse of Madness, kaam yn 2022 yn 'e bioskopen.

Yn 'e Nepaleeske haadstêd Katmandû kringe de tsjoender Kaecilius en syn oanhingers, dy't "seloaten" neamd wurde, it geheime gebouwekompleks Kamar-Taj binnen en ûnthalzje de bibletekaris. Kaecilius skuort ferskate bledsiden út in boek dat eigendom is fan 'e Oerâlde, in lang libjende tsjoenster dy't eltse learling oan Kamar-Taj ûnderrjochte hat yn 'e mystike keunsten, Kaecilius sels ynbegrepen. De Oerâlde efterfolget Kaecilius-en-dy en deadet frijwat fan 'e seloaten, mar Kaecilius sels ûntkomt.

Yn New York is Stephen Strange in heech oanskreaun steande, arrogante neurosjiruch, dy't mei syn wurk jild as wetter fertsjinnet en in dekadint libben liedt. Wannear't er op in jûn let mei syn Lamborghini Huracán ûnderweis is, feroarsaket er troch te beljen ûnder it autoriden troch eigen skuld in ferkearsûngemak, wêrby't er de hannen sa tegnjirdet dat er bliuwend senuwletsel oprint. Fan gefolgen hat er tenei yn beide hannen in tremor (trilling), wat betsjut dat er net mear operearje kin en dat syn karriêre as sjirurch foarby is.

Syn eks en kollega-sjirurch Christine Palmer besiket him te helpen om fierder te gean mei syn libben troch in oare rjochting yn te slaan, mar Strange wierret syn lulkens út op har en makket har bittere ferwiten oant sy har nocht hat en him yn syn eigen sop gearsiede lit. Strange lit de iene nei de oare eksperimintele behanneling oan syn hannen dwaan, mar allegearre om 'e nocht. Op 't langelêst heart er fan in Jonathan Pangborn, in ferlamme man dy't op mysterieuze wize wer goed rinnen leard hat. Dyselde ferwiist Strange troch nei Kamar-Taj. Yn wanhoop brûkt Strange syn lêste jild om nei Nepal te reizgjen, ree om in terapy te prebearjen dy't er earder fuorthune hawwe soe.

Nei lang sykjen yn Katmandû treft Strange in Karl Mordo, in tsjoender ûnder de Oerâlde, dy't him yntrodusearret yn Kamar-Taj. As de Oerâlde him útleit dat sy tsjoenderij ûnderrjochtet, wol Strange har earst net leauwe, mar as de tsjoenster in demonstraasje fan har krêften jout en him it astraal nivo en oare diminsjes sjen lit, lykas de Spegeldiminsje, beseft er dat it echt is en fettet er wer hoop. De Oerâlde sjocht lykwols earst net folle yn Strange. Har wjersin hat te krijen mei Strange syn arrogânsje en withoe hege ambysjes, dy't de Oerâlde har eardere learling Kaecilius yn 't sin bringe. Pas nei oankringen fan Mordo stimt se der mei tsjinnichheid mei yn om Strange as learling oan te nimmen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Strange begjint oan in jierrenlange stúdzje fan 'e mystike keunsten ûnder Mordo en de Oerâlde sels. Hy is in fêste gast yn 'e bibleteek fan Kamar-Taj, dy't no ûnder tafersjoch stiet fan master Wong. Strange leart dat de normale wurklikheid mar ien diminsje is fan ûntelbere parallelle universa. De measten dêrfan omfetsje krekt as de normale wurklikheid sawol goed as kwea, mar guon binne inkeld goed en oaren inkeld kwea. De tsjoenders fan Kamar-Taj binne dejingen dy't de Ierde beskermje moatte tsjin it kwea út oare diminsjes. Dat dogge se net inkeld mei har dieden, mar ek troch it opwekjen fan in mystyk skyld om 'e planeet hinne út trije hillichdommen wei yn Londen, Hongkong en New York (alle trije oantsjut as it Sanctum Sanctorum).

Mei trochdat er in fotografysk ûnthâld hat, giet it mei de stúdzje fan Strange dat it slydjaget. Wannear't er merkt dat in diel fan 'e boeken út 'e bibleteek foar him ferbean is om't de ynhâld ûngaadlik achte wurdt foar ien fan syn learnivo, lêst er dy boeken temûk. Dêrûnder is ek it boek dêr't Kaecilius bledsiden út skuord hat. Strange leart om 'e tiid foarút en tebek te draaien troch in magysk artefakt te brûken, it saneamde Each fan Agamotto. Dêrtroch kin er de tiid weromsette nei in punt dat de útskuorde bledsiden noch yn it boek sieten, sadat er dy ek lêze kin. As Mordo en Wong ûntdekke wat er dien hat, beskrobje se Strange foar it brekken fan natuerwetten, wêrby't se syn dwaan ferlykje mei de winsk fan Kaecilius om ivich te libjen.

Underwilens brûkt Kaecilius de stellen bledsiden om kontakt te sykjen mei de kwea-aardige demon Dormammu, dy't de tiidleaze Dûnkere Diminsje behearsket en op 'e Ierde longeret. Mei de macht dy't Dormammu him jout, slagget it Kaecilius en syn seloaten om it Sanctum Sanctorum fan Londen te ferneatigjen en sa de beskerming fan 'e Ierde te ferswakjen. Hy en syn seloaten falle dêrnei it Sanctum Sanctorum fan New York oan en deadzje de tsjoender dy't dat hillichdom as beskermhear op 'e noed hat. Strange, dy't by fersin yn it New Yorkske Sanctum bedarre is, hâldt Kaecilius-en-dy lykwols tsjin mei de help fan in magysk artefakt mei in eigen wil, de Mantel fan Levitaasje, dy't him útkiest as drager. By it gefjocht rekket er deadlik ferwûne, mar hy tilleportearret himsels nei it sikehûs dêr't er foarhinne wurke, dêr't Palmer syn libben rêdt.

Werom yn it Sanctum Sanctorum fan New York treft Strange de Oerâlde en Mordo, dy't ûnderwilens oerkommen binne út Katmandû. Op basis fan wat Kaecilius tsjin him sein hat ûnder harren gefjocht, beskuldiget Strange de Oerâlde derfan dat dy har lange libben te tankjen hat oan it feit dat se tsjin alle regels yn krêft ôftapet út 'e Dûnkere Diminsje. De rigide, regelfêste Mordo wol dat earst net leauwe, en as er der letter bewiis fan sjocht, rekket er op slach desyllúzjonearre mei syn learmasteresse. Kaecilius-en-dy komme werom foar in nije wraam op it New Yorkske Sanctum Sanctorum. By in gefjocht yn 'e Spegeldiminsje ferwûnet Kaecilius de Oerâlde fataal. Strange bringt har by Palmer yn it sikehûs, mar hja is net mear te rêden. Ear't se stjert, seit de Oerâlde tsjin Strange dat hy en Mordo gearwurkje moatte sille om Kaecilius te ferslaan.

Tegearre sette de beide tsjoenders nei it Sanctum Sanctorum fan Hongkong, dat ûnderwilens ek troch Kaecilius en syn seloaten oanfallen is. Tsjin 'e tiid dat se dêr arrivearje leit it Sanctum yn pún en is Wong, dy't lieding joech oan 'e ferdigeners, dea. Troch de ferneatiging fan 'e Sancta fan Londen en Hongkong en de ferswakking fan it Sanctum fan New York leit de wei foar Dormammu no iepen om 'e Ierde yn te nimmen, dat der ferskynt in brek yn it romte-tiidkontinuum dy't tagong jout ta de Dûnkere Diminsje. Strange brûkt lykwols it Each fan Agamotto om 'e tiid werom te draaien, sadat Wong wer ta libben komt en it Sanctum werriist.

Dêrop giet er de Dûnkere Diminsje binnen en brûkt it Each fan Agamotto om Dormammu en himsels yn in einleaze tiidlus te fangen. Hy seit tsjin Dormammu dat er kommen is om te ûnderhanneljen. Dêr hat de demon gjin earen nei, dat hy deadet Strange. Sadree't de tsjoender dea is, begjint de tiidlus op 'e nij: Strange komt de Dûnkere Diminsje binnen en seit dat er kommen is om te ûnderhanneljen. Dormammu deadet him wer en de tiidlus begjint wer fan begjin ôf oan. Nei't de demon Strange ûntelbere kearen op ûntelbere manearen deade hat sûnder dat er frijkomme kin út 'e tiidlus, wol Dormammu op 't langelêst wol omlyk. Strange easket dat de demon de Ierde foargoed gewurde lit en Kaecilius-en-dy meinimt nei syn Dûnkere Diminsje. Dormammu stimt ta en Strange beëniget de tiidlus. De brek yn it tiid-romtekontinuum giet ticht en Kaecilius-en-dy krije it ivige libben dat se sa graach hawwe woene, mar sille der net bot fan genietsje. Sa't Strange tsjin Kaecilius seit: "Hiest it hiele boek stelle moatten, want de warskôgings steane altyd nei de betsjoeningsformules ôfprinte."

Yn ôfwearze fan Strange syn reewilligens om 'e regels oan syn lears te laapjen, swart Mordo syn tsjoenderskip ôf en giet fuort. Strange bringt it Each fan Agamotto, dat in Uneinichheidsstien blykt te wêzen, werom op it plak dêr't it bewarre wurdt yn Kamar-Taj. Dêrnei set er syn stúdzje om in mastertsjoender te wurden fuort ûnder Wong. Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling tafoege is, helpt Strange de god Thor om syn heit Odin op 'e Ierde werom te finen (by wize fan priuwke foarút fan 'e film Thor: Ragnarok). Yn in sêne oan 'e ein fan 'e ôftiteling oerfalt Mordo de fan ferlamming genêzen Jonathan Pangborn, oan wa't er syn tsjoenderij ûntnaderet sadat er wer ferlamme rekket. As reden foar dy die jout er op dat der op 'e Ierde "tefolle tsjoenders" binne.

Benedict Cumberbatch.
Tilda Swinton.
Benedict Wong.
haadrollen
personaazje           akteur/aktrise
dokter Stephen Strange Benedict Cumberbatch
de Oerâlde Tilda Swinton


byrollen
personaazje akteur/aktrise
master Wong Benedict Wong
dokter Christine Palmer Rachel McAdams
master Karl Mordo Chiwetel Ejiofor
master Kaecilius Mads Mikkelsen
dokter Nicodemus West Michael Stuhlbarg
Jonathan Pangborn Benjamin Bratt
Lucian (learling fan Kaecilius) Scott Adkins
Dormammu Benedict Cumberbatch
master Hamir Topo Wresniwiro
masteresse Tina Minoru Linda Louise Duan
master Daniel Drumm Mark Anthony Brighton
learling fan Kaecilius #1 Zara Phythian
learling fan Kaecilius #2 Alaa Safi
learling fan Kaecilius #3 Katrina Durden
Thor Chris Hemsworth (cameo)
man yn bus Stan Lee (cameo)
himsels Pat Kiernan (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al sûnt 1986 wiene der plannen foar in film oer de superheld Doctor Strange fan útjouwerij Marvel Comics. Yn 1989 waard sa'n film op in hier nei makke, mar de films fan 'e belutsen filmstudio, Regency Enterprises, waarden doedestiden distribuëarre troch Warner Bros., en dat bedriuw wie doe krekt deilis mei Marvel oer de rjochten op merchandising fan oare Marvel-ferfilmings. De filmrjochten op in film oer Doctor Strange giene yn 1992 oer nei Full Moon Entertainment, yn 1994 nei Savoy Pictures en yn 1997 nei Columbia Pictures. It woe lykwols mar net slagje mei de ferfilming en tsjin 2000 hie Columbia de handoek yn 'e ring goaid. Fan 2001 ôf besocht Marvel om y.g.m. Miramax Films ta in ferfilming te kommen, mar ek dat rûn op 'e non. Yn 2005 ferkocht Miramax de filmrjochten troch oan Paramount Pictures. It plan wie doe dat Marvel Comics de film sels meitsje soe mei finansiering troch Paramount. It projekt rûn lykwols sa'n fertraging op dat it úteinlings yn 'e 2010-er jierren troch de Marvel Studios yn 'e Marvel Cinematic Universe-filmsearje opnommen wurde koe.

Doctor Strange waard regissearre troch Scott Derrickson nei in senario fan himsels, Jon Spaihts en C. Robert Cargill. As produsint wie Kevin Feige by it projekt belutsen foar de Marvel Studios. Foar de film wie in budget beskikber dat neffens ien boarne $165 miljoen bedroech, mar neffens in oarenien wol $237 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ben Davis, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Giacchino.

Haadrolspiler Benedict Cumberbatch yn novimber 2015 op 'e filmset fan Doctor Strange yn 'e Nepaleeske haadstêd Katmandû.

De opnamen foar Doctor Strange setten op 4 novimber 2015 útein en duorren oant en mei 3 april 2016. Der waard gebrûk makke fan 'e mei sin misliedende wurktitel Checkmate om foar te kommen dat de filmsets ûnder de foet rûn wurde soene troch entûsjaste fans. De measte binnendoarsênes waarden filme yn 'e Longcross Studios yn it Ingelske greefskip Surrey, ûnder de reek fan Londen. Der waarden ek sênes opnommen yn twa oare Ingelske filmstudiokompleksen: de Shepperton Studios, ek yn Surrey, en de Pinewood Studios, yn Buckinghamshire. Fierders waard der op lokaasje filme yn Hongkong, Londen, oan 'e Universiteit fan Oxford en yn 'e buert Hell's Kitchen yn New York.

De bûtendoarsênes yn Katmandû waarden ek echt yn Nepal opnommen. Regisseur Scott Derrickson hie Nepal útkeazen as setting foar in Easterske stêd dy't foar it meastepart fan it bioskooppublyk ûnbekend wêze soe. Yn 'e strips fan Marvel Comics leit Kamar-Taj yn Tibet, mar dêr koe omreden fan 'e oangeande Sineeske besetting net filme wurde en dêrnjonken woene de makkers fan 'e film ek net dat Doctor Strange ôfkard wurde soe troch de Sineeske sinsuer. Foarôfgeande oan 'e opnamen wiene ferskate plakken yn Nepal útkeazen as filmlokaasjes, dy't noch foar't de opnamen plakfine koene, ferneatige waarden by de swiere ierdbeving fan april 2015. Ynstee dat der doe foar in oar lân keazen waard, besleaten de makkers fan 'e film dat der just doe yn Nepal filme wurde moast om te helpen it stagnearre toerisme yn it lân wer oan te fiterjen. De úteinlike filmlokaasjes yn Nepal wiene û.o. de Pashupatinath-timpel en de Swayambhunath-timpel yn Katmandû en it Patan Durbar-plein yn Patan.

Foar de sêne mei it ferkearsûngemak levere Lamborghini seis Lamborghini Huracán LP 610-4's, wêrfan't ien by de opnamen (mei opset sin) stikkenriden waard. De sêne mei it ûngelok waard opnommen by Northfleet yn it Ingelske greefskip Kent, oan 'e igge fan 'e rivier de Teems.

Promoasje foar Doctor Strange op 'e San Diego Comic-Con fan 2016. F.l.n.rj.: haadrolspiler Benedict Cumberbatch, regisseur Scott Derrickson en akteurs Tilda Swinton, Rachel McAdams, Chiwetel Ejiofor, Mads Mikkelsen en Benedict Wong.

De distribúsje fan Doctor Strange waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures, de distribúsjedifyzje fan Disney, dat de memme-ûndernimming fan 'e Marvel Studios is. De film gie op 13 oktober 2016 yn Hongkong yn premiêre, wêrnei't op 20 oktober noch in formele Amerikaanske nasjonale premiêre folge yn sawol Grauman's Chinese Theatre as it El Capitan Theatre, beide yn Hollywood. Yn it Feriene Keninkryk en 33 oare lannen en territoaria kaam Doctor Strange op 25 oktober yn 'e bioskopen, mar yn 'e Feriene Steaten pas op 4 novimber.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 21 oktober 2016 by platemaatskippij Hollywood Records. Doctor Strange kaam op 14 febrewaris 2017 beskikber as digitale download en waard op 28 febrewaris fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Doctor Strange oer it algemien positive resinsjes. Sa neamde Todd McCarthy fan The Hollywood Reporter de film "in ûnderhâldende, fernimstich caste en út en troch ferbjusterjende tafoeging" oan 'e mediafranchise fan 'e Marvel Studios. Neffens Peter Debruge fan it tydskrift Variety wie Doctor Strange "de meast befredigjende film fan Marvel sûnt Spider-Man 2". Alonso Duralde, dy't skreau foar TheWrap, woe hawwe dat de film "fris en fassinearjend" wie, ek al wie it in oarsprongsferhaal dat út en troch beheind wurdt troch de narrative ferplichtings fan dat sjenre.

De Pashupatinath-timpel yn Katmandû wie in filmlokaasje foar Doctor Strange.

Yn The New York Times skreau Manohla Dargis: "[…] Doctor Strange […] is ûnderdiel fan 'e strategy fan Marvel om wrâldoerhearsking te berikken, mar it is ek fisueel sikestûkjend, sa moai en linich dat je de merknamme sels eefkes ferjitte kinne." Justin Chang fan 'e Los Angeles Times fûn dat "senarioskriuwer anneks regisseur Scott Derrickson safolle bûtenlichaamlike gewaarwurdings, romtlik-tydlike tûkelteammen en tûzelsinnige kaleidoskopyske bylden [yn de film] stoppet, dat men jin ôffreget oft hy en syn mei-skriuwers […] yn 'e kûlissen net LSD ynnamen."

Op 'e webside RogerEbert.com skreau Angelica Jade Bastién lykwols: "Nettsjinsteande al syn wûnderbaarlike wrâldbouwende en hallusinante effekten is Doctor Strange net de evolúsjonêre stap foarút foar Marvel dêr't ferlet fan is op it mêd fan ferhalefertellen. Under alle ferbetterings is it kearnferhaal [fan Doctor Strange] eat dat we al ûntelbere kearen sjoen hawwe." Yn US Weekly moast ek Mara Reinstein net folle fan 'e film hawwe. Sy karakterisearre Doctor Strange as "freugdeleas" en skreau: "Nettsjinsteande de alluere [fan Benedict Cumberbatch] kin er dizze fierstente yngewikkelde film net rêde […]". Ek fûn se dat de film "stipet op in molkweistelsel oan 3D-special effects dy't stellen binne út oare films". Yn The New York Observer rette Rex Reed syn lêzers oan: "Gean earnewêr oars hinne foar karakterisearring, dialooch, in goede ferhaalopbou, akseptabel aktearjen en in gearhingjende plot."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Doctor Strange in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 387 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] wit op keunstige wize it lykwicht te finen tusken syn healwize boarnemateriaal en de kaskreakerbeheinings fan it Marvel Cinametic Universe, en leveret dêrby in tige ûnderhâldend oarsprongsferhaal fan in superheld ôf." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Doctor Strange in goedkarringspersintaazje fan 72%, basearre op 49 resinsjes.

In Lamborghini Huracán, it type auto dêr't Stephen Strange yn riidt by syn ûngelok.

Doctor Strange brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $232,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $445,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $677,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $165 miljoen oant $237 miljoen betsjut dat in winst fan $440,8 miljoen oant $512,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. De webside Deadline Hollywood berekkene de skjinne winst foar Doctor Strange op $122,7 miljoen.

Doctor Strange waard yn 2017 nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste fisuele effekten. By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, wiene der nominaasjes foar bêste fisazjy en hierstilearring, bêste produksje-ûntwerp en bêste fisuele effekten. By de Saturn Awards waard Doctor Strange nominearre foar prizen yn 10 kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste akteur (Benedict Cumberbatch), bêste filmsenario, bêste produksje-ûntwerp, bêste filmmuzyk, bêste kostúmûntwerp, bêste fisazjy en bêste special effects. De film wûn 2 Saturns, foar bêste stripferfilming en bêste byrol fan in aktrise (Tilda Swinton as de Oerâlde).

By de Satellite Awards waard Doctor Strange nominearre foar 2 prizen, yn 'e kategoryen bêste kostúmûntwerp en bêste fisuele effekten. Fierders wûn de film in Annie Award foar bêste animearre effekten yn in live-actionfilm en in Empire Award foar bêste fisuele effekten. Doctor Strange waard ek nominearre foar 4 oare Empire Awards, de Screen Actors Guild Award foar bêste groep stuntlju, de Nebula Award foar bêste dramatyske presintaasje, de People's Choice Award foar favorite jierseinkaskreaker, 6 Critics' Choice Awards en 3 Teen Choice Awards.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Marvel Cinematic Universe (filmsearje)
  M.C.U. Phase 1   Iron Man (2008) • The Incredible Hulk (2008) • Iron Man 2 (2010) • Thor (2011) • Captain America: The First Avenger (2011) • The Avengers (2012)
  M.C.U. Phase 2 Iron Man 3 (2013) • Thor: The Dark World (2013) • Captain America: The Winter Soldier (2014) • Guardians of the Galaxy (2014) • Avengers: Age of Ultron (2015) • Ant-Man (2015)
  M.C.U. Phase 3 Captain America: Civil War (2016) • Doctor Strange (2016) • Guardians of the Galaxy Vol. 2 (2017) • Spider-Man: Homecoming (2017) • Thor: Ragnarok (2017) • Black Panther (2018) • Avengers: Infinity War (2018) • Ant-Man and the Wasp (2018) • Captain Marvel (2019) • Avengers: Endgame (2019) • Spider-Man: Far from Home (2019)
  M.C.U. Phase 4 Black Widow (2021) • Shang-Chi and the Legend of the Ten Rings (2021) • Eternals (2021) • Spider-Man: No Way Home (2021) • Doctor Strange in the Multiverse of Madness (2022) • Thor: Love and Thunder (2022) • Black Panther: Wakanda Forever (2022)
  M.C.U. Phase 5 Antman and the Wasp: Quantumania (2023) • Guardians of the Galaxy Vol. 3 (2023) • The Marvels (2023) • Deadpool & Wolverine (2024) • Captain America: New World Order (2024) • Thunderbolts (2025)
  M.C.U. Phase 6 The Fantastic Four: First Steps (2025) • Avengers: Doomsday (2026) • Spider-Man: Brand New Day (2026) • Avengers: Secret Wars (2027)