Dockinga Kolleezje
Dockinga Kolleezje | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
type org. | skoalle | |
wurkmêd | middelber ûnderwiis | |
fêstige yn | Dokkum, Skiermûntseach | |
oprjochte | 1991 | |
offisjele webside | ||
www.dockinga.nl |
It Dockinga Kolleezje (Nederlânsk en offisjeel: Dockinga College) is in middelbere skoalle yn 'e Fryske stêd Dokkum, dêr't VMBO- (BB, KB, GL en TL), LWOO- en HAVO- en VWO-ûnderwiis jûn wurdt. De skoallemienskip waard yn 1991 oprjochte.[1] It tal learlingen bedraacht likernôch 1.600 en der wurkje omtrint 200 minsken (learaars en ûnderstypjende stêf). De Ynspekteur Boelensskoalle, de eigen middelbere skoallen fan it eilân Skiermûntseach, gie yn 2021 yn it Dockinga Kolleezje op en is sûnt in njonkenfêstiging.
Algemien
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Dockinga Kolleezje is in kristlike skoallemienskip foar fuortset ûnderwiis yn Noardeast-Fryslân, dy't yn 1991 oprjochte waard. De skoalle biedt alle foarmen fan ûnderwiis oan: gymnasium, atheneum, havo, vmbo-teoretysk, vmbo-beropsrjochte en learweiûnderstypjend ûnderwiis (lwoo). Mei mear as 1.600 learlingen en sa’n 200 meiwurkers is it mei ôfstân de grutste middelbere skoalle fan Dokkum en spilet it in wichtige regiofunksje – benammen foar it vwo. In protte learlingen komme út omlizzende doarpen.
It Dockinga Kolleezje hat trije skoallokaasjes yn Dokkum: de vmbo-VAKskoalle, vmbo-gt, en havo/vwo. Dy skoallen wurde stipe troch it bestjoersburo. Fierder hat de skoalle ek in nevenfêstiging op Skiermûntseach, de Ynspekteur Boelensskoalle (IBS), ferneamd nei Krine Boelens. Dy skoalle is yn 2021 fúzjearre mei it Dockinga, omdat de IBS te lyts wurden wie om selsstannich troch te gean.[2]
Oant 2019 hie it Dockinga Kolleezje ek in lokaasje yn Ferwert, dêr’t foaral vmbo-ûnderwiis jûn waard. Nei lange oerlis mei earst de gemeente Ferwerderadiel en letter de gemeente Noardeast-Fryslân is dizze lokaasje úteinlik sletten. Hoewol’t der yn it begjin tasein waard dat der in nije lokaasje yn Ferwert komme soe, hat it flink ôfnommen tal learlingen derfoar soarge dat de skoalle op 1 augustus 2019 definityf de doarren sleat.[3]
De skoalle is ûntstien út in fúzje fan ferskate lytsere, selsstannige skoallen, dy't faak noch op harren oarspronklike lokaasje sitte. Dêrtroch binne der ûnderling soms grutte ferskillen. It fielt wolris wat as 'los sân', mar dat slút oan by de Fryske kultuer: "Frysk en frij", mei romte foar eigenheid. Dat is in bewuste kar fan de skoalle.
It Dockinga Kolleezje docht ek mei oan it Frysk Jongerein Parlemint, in evenemint dat alle jierren holden wurdt en jongerein it bestjoer fan de provinsje Fryslân neispylje. Dockinga is ien fan de tsien skoallen yn Fryslân dy’t dêr oan meidogge.
It Dockinga Kolleezje falt ûnder it bestjoer fan Fierder Underwiis, dêr’t ek CSG Liudger en it Lauwers Kolleezje ûnder falle. Der is ien mienskiplik Kolleezje fan Bestjoer, en tsjinsten lykas HR, ICT en finansjes binne gearfoege yn de sintrale stipe-ôfdieling: Fierder Underwiis Sintraal (FOS). FOS wurket foar alle trije skoalmienskippen. Binnen de alve skoallen fan Fierder Underwiis wurde alle foarmen fan fuortset ûnderwiis oanbean: praktykûnderwiis, vmbo, mavo, havo en vwo.
Underwiisynspeksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de ûnderwiisynspeksje prestearret it Dockinga oer de hiele liny goed, útsein op it mêd fan kwaliteitssoarch, dêr’t noch ferbettering mooglik is. De ynspeksje merkt op dat de skoalle net foarop rint by ûnderwiisfernijingen lykas it stimulearjen fan selsstannich learen. Tagelyk lizze de learresultaten boppe it lanlik trochsneed, benammen op it vmbo, havo en vwo.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |