Doch it foar dyn doarp

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Doch it foar dyn doarp wie in telefyzjerige fan Omrop Fryslân. It programma begûn yn de maaitiid fan 2011. Trettjin of fjirtjin doarpen striden om de titel kreatyfste TF-doarp fan Fryslân. Omrop Fryslân joech yn de maaitiid en simmer in healoere rjochtstreekske telefyzje oan doarpen. Fan tiisdei oant en mei sneon stie eltse wike de kamera yn in oar doarp yn Fryslân. Minsken út it doarp koene mei dit healoere fan alles dwaan: fioelspylje, hûnesjo, sjongkoar, frikandelhappe, toanielstik, kabaret, aktualiteiterubryk of pakes en beppes oan it wurd. Wa’t soks it kreatyfste die wûn in jildpriis fan tsientûzen euro dy't beskikber steld waard troch it Oranje Fonds.

Neist it telefyzjekonsept krigen pleatslike advertearders tsjin geunstige kondysjes de kans om te advertearen op telefyzje.
Foar de reportaazjes wie in spesjale Doch it foar dyn Doarp-truck mei oplizzer dy’t it sintrale middelpunt by de TF-opnames wie. Dêrnei waarden de stickers ferfongen troch 'Simmer yn Fryslân'- stickers en waard de bus brûkt troch OF by simmerske eveneminten. Doch it foar dyn Doarp waard produsearre troch Geert van Tuinen Producties.

Dielnimmende doarpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2011

  • Droegeham (winner)
  • Aldeboarn
  • Aldeholtpea
  • Bantegea
  • Fryske Peallen
  • Garyp
  • Holwert
  • Kollum
  • Kûbaard
  • Minnertsgea
  • Reduzum
  • Wergea
  • Wytmarsum

2012

  • Ald- en Nijhoarne
  • Aldebiltsyl
  • Akkrum - Nes
  • Boerum
  • Eastersee
  • Gerkeskleaster - Strobos
  • De Gordyk (winner)
  • Hantum - Hantumerútbuorren
  • Koudum
  • Lippenhuzen
  • Nij Beets
  • Sumar
  • De Westereen
  • Wurdum - Swichum