Doarpstsjerke (Eelde)

Ut Wikipedy
Doarpstsjerke

Dorpskerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Eelde
adres Haadwei 74
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 14e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 14491 (tsjerke) [1]
offisjele webside
Side Doarpstsjerke Eelde

De Doarpstsjerke fan Eelde yn de provinsje Drinte is in tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Eelde-Paterswolde. De PKN-gemeente Eelde-Paterswolde is yn 2005 ûnstien troch in fúzje fan de herfoarme gemeente fan Eelde mei de grifformearde tsjerke fan Paterswolde.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard yn 1139 foar it earst neamd en wie yn de roomske tiid oan Us-Leaffrou en de hillige Gangulfus wijd. De hjoeddeiske goatyske tsjerke waard yn de 14e-iuw boud, mar yn de noardlike en westlike gevel binne noch muorredielen fan dowestien út de romaanske tiid oanwêzich.

De Doarpstsjerke hat in eastlike oriïntaasje en in rjochthoekich skip fan 8,5 by 28 meter. Oan de eastlike kant folget in smeller, trijesidich sletten koer.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It beskildere plafond fan it koer

Bysûnder is de beskildering fan de houten ferwulft fan it koer mei allegoryen fan libben en dea en freugde en rou. De beskildering waard yn 1715 oanbrocht, mooglik troch Herman Collenius. Op de râne binne famyljewapens fan de bewenners fan ferskillende havezate's út de omkriten te sjen.

Yn de tsjerke steane fjouwer hearebanken. De hearebank yn it koer is fan de bewenners fan de havezate Oosterbroek. Under it oargel steane oan de kanten fan it middenpaad twa 18e-iuwske banken fan de bewenners fan Lemferdinge. Unbekend is foar wa't de fjirde hearebank west hat.

De tsjerke besit de âldste preekstoel fan Drinte, dy't út 1621 datearret. It doopfont datearret fan 1980 en is makke troch Leo van de Bos. Op it deksel stie in do as symboal fan de Hillige Geast.

By de restauraasje fan 1973 binne de banken foar it tsjerkefolk ferfongen troch stuollen. Oer de flier lizze ferskillende âlde sarken, de âldste datearret fan 1545. By in restauraasje yn 2000 waard ûnder de witerskalk in wijingskrús werom fûn.[2]

Yn it tuorke hinget in klok út 1948, dy't getten waard om de klok út 1805 te ferfangen dy't troch de Dútsers foardere waard.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel stamt út 1907 en waard troch L. van Dam & Soannen út Ljouwert boud. Tsjin it ein fan de jierren 1960 renovearre de firma L. Verschueren út Heythuysen it oargel, werby't de disposysje feroare. It oargel krige doe ek in selsstannich pedaal. Yn 1983 waard it oargel troch Mense Ruiter yn oarspronklike steat rekonstruearre en restaurearre. Yn 2008 fûn de lêste restauraasje plak troch Mense Ruiter. De oargelkas krige yn 2013 in nije farvelaach yn de oarspronklike kleuren.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: