Dizewâld

In dizewâld is in fochtich tropysk of subtropysk leafwâld dat yn in berchtme of op 'e skeanten fan in berch groeit, oer it algemien op in hichte fan tusken de 1.500 en 3.000 m boppe seenivo.
Dizewâlden wurde karakterisearre troch in oanhâldend, gauris foarkommend of seizoenaal wolketek, dat onaris op 'e hichte fan it blêdetek hinget en ek wol oantsjut wurdt as dize. De dize ûntstiet trochdat waarme lucht út leger leine gebieten opstiget om foarby de bergen te kommen. It komt dan yn oanrekking mei de hegere, kâldere lucht, wat liedt ta kondinsaasje fan it wetter yn 'e waarme lucht. De kondinsearre wetterdripkes foarmje de dize.
Tropyske dizewâlden komme foar yn Midden- en Súd-Amearika, it Karibysk Gebiet, West- en East-Afrika, Madagaskar, de súdpunt fan it Yndysk subkontinint, Sry Lanka, it suden fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje, Malakka, de Yndyske Arsjipel, de Filipinen en Nij-Guineä. Subtropyske dizewâlden komme foar yn û.o. Noard-Amearika, Súd- en Súdeast-Aazje, noardeastlik Austraalje, Nij-Seelân, Japan en op 'e Azoaren.
Troch de wiete omstannichheden en it gebrek oan direkt sinneljocht komt der yn dizewâlden faak in protte moas foar, sawol op 'e wâldflier as op 'e stammen fan 'e beammen. Ek fierders kenne dizewâlden troch de hege fochtichheidsgraad in hiel eigen floara, lykas fearplanten, bromelia's en orgideeën.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
