Springe nei ynhâld

Konverginsje en diverginsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Diverginsje)
Diverginsje en konverginsje

Yn de optika is der sprake fan konverginsje as de strielen (fotonen) yn in ljochtbondel nei elkoar ta komme. In konvergearjende ljochtbondel komt by inoar op ien punt, it brânpunt, en giet fan dêrút troch as in divergearjende bondel. Mei linzen kin de mitte dêr't ljochtbondels mei konvergearje oanpast wurde.

Fan diverginsje is sprake as ljochtbondels út in ljochtboarne útinoar gean. It brânpunt fan in diverginte ljochtbondel leit dan ek efter de ljochtboarne ("firtueel" brânpunt). Mei help fan linzen kin in diverginte ljochtbondel minder divergint, lykrinnend of konvergint makke wurde.

Yn besibbe fjilden dy't ek te krijen hawwe mei bondels, lykas elektroane- en ioane-optika, dieltsjesferhastigers en oare tapassingen fan dieltsjebondels, wurde de termen konverginsje en diverginsje yn oerienkommende betsjuttingen brûkt.