Dirk Roosenburg
| Dirk Roosenburg | ||
| arsjitekt | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 6 juny 1887 | |
| berteplak | De Haach | |
| stoarn | 22 oktober 1962 | |
| stjerplak | De Haach | |
| wurk | ||
| bekendste wurk(en) | Lorentz- en Stevinslûzen | |
Dirk Roosenburg (De Haach, 6 juny 1887 – dêre 22 oktober 1962) wien in Nederlânsk arsjitekt en ûntwerper. Ien fan syn ferneamdste ûntwerpen binne dy fan 'e Lorentz- en Stevinslûzen yn 'e Ofslútdyk.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn heit Dirk Leonard wie in dokter, syn mem Selinde kaam út 'e ûndernimmersfamylje Fentener van Vlissingen. Dirk Roosenburg wie de tredde soan en hy hie fjouwer bruorren en twa susters. Hy is hikke en tein yn De Haach en gie nei de Hogereburgschool, dêr't goede prestaasjes makke yn geometry en tekenjen.[1]
Roosenburg studearre fan 1905 oant 1911 oan 'e Technyske Universiteit yn Delft. Dêrnei studearre er in jier lang oan 'e École des Beaux-Arts yn Parys. Hy krige in baan by Jan Stuyt foar it Ryksgebouwetsjinst. Letter waard er learling en tekener fan Berlage. fan 1919 ôf wurke er tegearre mei A.H. op ten Noort en L.S.P. Scheffer by buro TABROS, en yn 1921 kocht er him út it bedriuw en set mei syn eigen buro útein. Hy fêstige him yn it atelier fan skilder Arie Martinus Lugt oan 'e Kerkhoflaan yn De Haach. Op dy lokaasje boude er ek syn eigen hûs.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919, doe't de KLM stifte waard, ûntwurp Roosenburg it oarspronklike KLM-logo. It ûntwerp bestie út in oranje-wyt-blau-flagge mei in swarte seiskant en mei dêr de letters "KLM" yn. Wjukken oan 'e lofter- en rjochterkant en in keninklike kroan bopp-oan makken it ûntwerp folslein. Tusken 1919 en 1939 ûntwurp er ferskate yndutriële gebouwen foar Philips yn Eindhoven. Yn 1929 makke er in monumint yn it Westbroekpark yn De Haach ta neitins fan Pieter Westbroek, direkteur fan de Haachske plantsoenetsjinst en ûntwerper fan it part dat syn namme hat. It is in bank fan stien, bakstien, hout en beton.[2] Op fersykjen fan syn jongereinfreon Albert Plesman ûntwurp er it haadkantoar fan de KLM yn De Haach. De earste sydfleugel waard yn 1940 foltôge, nei de kriich waard de bou fan 1946 ôf wer oppakt. Yn 1969 waard it gebou oernommen troch it ministearje fan Ferkear en Wettersteat.[3]
Doe't er hast sechtich jier âld wie, sette Roosenburg útein mei in gearwurking mei twa meiwurkers: Verhave en Luyt. Letter sleat De Jong him ek by dy gearwurking oan as kompanjon. Roosenburg wie de ûntwerper fan it haadkantoar fan de KLM, dat yn syn oanwêzigens iepene waard troch prins Bernhard. It buro waard letter feroare ta LIAG Architecten en Bouwadviseurs, dêr't syn pakesizzer, D.A. Roosenburg, nei in fúzje kompanjon waard. Yn 1949 waard it stedhûs fan Flissingen boud dat troch Roosenburg ûntwurpen waard. Roosenburg dy't it haadkantoar fan Philips ûntwurp, waard wolris de hûsarsjitekt fan KLM, Philips en Stork neamd, en hy wie ek de ûntwerper fan ferskate projekten foar de nasjonale oerheid. Roosenburg wie in tiidgenoat fan Willem Dudok, Jacobus Johannes Pieter Oud en Gerrit Rietveld.Hy wie de ûntwerper fan de Lorentz- en Stevinslûzen en it dûanekantoar fan de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Ek ûntwurp er de Velsertunnel. In soad fan syn gebouwen binne útroppen ta ryksmonumint.[4][5][6][7]
Untwerpen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1917: Stân op de Jierbeurs Utert.
- 1918: Stânbyld fan de bruorren De Witt, Doardt.
- 1921: Eigen hûs oan de Kerhoflaan yn De Haach.
- 1923: Philips Natlab yn Eindhoven.
- 1927: Hûs Windekind oan de Nieuwe Parklaan yn De Haach
- 1930: it Gemaal Lely yn Medemblik.
- 1930: slûzen fan it Twintekanaal.
- 1931: de Witte Dame yn Eindhoven.
- 1931: haadkantoar fan de Oranje Nassauminen yn Hearlen.
- 1931: Het Wooldhuis, De Zandloper en Waailust. Boargemasterswente en tsjinstwente yn Flissingen.
- 1932: Stevinslûzen en Lorentzslûzen (mei dûanekantoar).
- 1933: Slûs yn Eefde
- 1935: it Nederlânsk Paviljoen op de Wrâldútstalling fan 1935 yn Brussel.
- 1935: Lofthavengebou Welschap by Eindhoven
- 1936: op it fersykjen fan syn jongereinfreon Albert Plesman, ûntwurp er it KLM-haadkantoar oan de Plesmanweg yn De Haach.
- 1939: Apollo House yn Amsterdam
- 1939: de gemalen Smeenge, Vissering en Buma yn it Suderleech
- 1939: nij kantoar fan de Heemaf, bynamme "Lokomotyf", yn Hengelo
- 1940: KLM-haadkantoar
- 1956: de gemalen H. J. Lovink en H. Wortman
- 1957: Fentilaasjegebou fan de Velsertunnel
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dirk Rosenburg boaske Anna Petronella Luyt. Hja hiene 6 bern: Dirk Paris (berne 1912), Jan Govert (berne 1914), Jacob Martijn (Teun, berne 1916), Janneke Caroline (berne 1919), Selinde Pietertje (berne 1920) en Willem Herman (berne 1923). Syn soan Teun waard byldhouwer. Roosenburg is de pake fan Rem Koolhaas. In oare pakesizzer, Dirk Roosenburg is ek arsjitekt.
- Apollo House
Amsterdam - Gemaal Lely
Medemblik - haadkantoar Oranje-Nassau
Hearlen - KLM-gebou
De Haach - Hûs Windekind
De Haach - Lorentzslûzen
Koarnwertersân
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|