Springe nei ynhâld

Dirk Hannema

Ut Wikipedy
Dirk Hannema
Dirk Hannema (1921)
Dirk Hannema (1921)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dirk Hannema
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 septimber 1895
berteplak Batavia
stoarn 7 july 1984
stjerplak Wijhe
etnisiteit Frysk
Flagge fan Flaanderen Flaamsk
wurkpaad
aktyf as Keunstsammeler
reden
  bekendheid
Earder Direkteur museum Museum Boijmans

Dirk Hannema (Batavia Nederlânsk Ynje, 16 septimber 1895 - Wijhe, 7 july 1984) wie direkteur fan it Museum Boijmans yn Rotterdam en oprjochter fan de Stifting Hannema-de Stuers Fundatie, dêr't letter Museum de Fundatie út fuortkaam.

Hannema transformearre it Museum Boijmans fan in yn in âld gebou fêstige beheinde kolleksje ta in modern en fraai húsfeste museum mei in kwalitatyf heechsteande kolleksje en in ynternasjonale reputaasje.

Yn'e Twadde Wrâldkriich rekke er yn opspraak troch hieltyd nauwere bannen mei de besetter oan te knoopjen. Nei de kriich waard er ynternearre en feroardiele. Hy rekke syn wurk as direkteur fan it museum Boijmans kwyt. Dêrnei begûn er mei it opbouwen fan in eigen kolleksje dy't úteinlik ûnderbrocht waard yn it bûten Nijenhuis by Wijhe en yn it Museum de Fundatie yn Swol.

Dirk Hannema waard berne yn Batavia as telch út it geslacht Hannema en soan fan Dirk Hannema en jonkfrouwe Hermine Elise de Stuers. De Hannema’s stamme ôf fan in geslacht fan begoedige Fryske keaplju. Yn de Foarstrjitte yn Harns stiet noch hieltyd it Hannemahûs. De heit fan Hannema, Dirk sr., begûn syn karriêre yn Nederlânsk-Ynje en klom op ta direkteur fan it makelerskantoar Dunlop en Kalf yn Batavia.

Mem kaam út in Flaamske aadlike famylje út Nieuwkerken mei in lange keunstsinnige tradysje. Ien fan de bekendste telgen út it geslacht De Stuers is de ryksamtner en letter Twadde Keamerlid Victor de Stuers, in gesachhawwende figuer yn de Nederlânske keunstwrâld oan de ein fan de 19e en begjin 20ste iuw. Hy wie as freon fan arsjitekt Pierre Cuypers en as hege amtner nau belutsen by de bou fan it Ryksmuseum Amsterdam. Charles de Stuers, in neef fan Hermine, waard konservator fan it printekabinet fan it Ryksmuseum.

Dirk hie in sterke bân mei syn keunstsinnige mem en minder mei syn heit, dy't net folle op hie mei keunst. Dirk jr. beskreau syn heit as "in man mei sûn ferstân". Yn 1900 repatriearre de húshâlding nei Nederlân en waard yn De Haach in kreas hearehûs belutsen. Mem ûntfong keunstners oan hûs. Meubels waarden kocht by "Arts en Crafts" en nei it ferstjerren fan de âlden giene dizze meubels streekrjocht nei it Gemeentemuseum yn De Haach.

Mem folge mei in oare froulju út de Haachske society kursussen estetika by de ferneamde keunstkenner Henk Bremmer en lêzingen by de Teosofyske Feriening. Sy kaam ek geregeld op de tee by in oare bekende keunstkenner Abraham Bredius, dy't yn De Haach yn syn eigen museum wenne.

Yn dizze omkriten waard de jonge Dirk Hannema al betiid yn oanrekking mei keunst, foaral de byldzjende keunst. Syn earste oankeap foar 40 gûne wie fuort raak. In suterich skilderijke bliek nei skjinmeitsjen in Jongkind, in 19e iuwske master. It skilderij wie in meartal wurdich fan it oankeapbedrach. Hannema sloech oan it sammeljen. Yn 'e âldens fan 24 jier die er syn earste grutte oankeap, dêrta by steat steld troch in muoike. Hy kocht foar 1000 gûne de “Pierrot Musicien” fan Gino Severini, dy’t er letter oan Museum Boijmans skinke soe, lykas in protte oare troch him oankochte keunstwurken.

Direkteur Boijmans

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Schielandhûs Rotterdam

Hannema krige yn 1920, in oanstelling as wittenskiplik meiwurker by it Museum Boijmans dat doe noch húsfeste wie yn it Schielandhûs yn Rotterdam. It museum hie mar twa wittenskiplik meiwurkers, direkteur Frederik Schmidt Degener en Hannema. Doe't Schmidt Degener yn 1921 direkteur waard fan it Ryksmuseum yn Amsterdam naam Hannema it iepen kommen plak yn. Wylst Schmidt Degener in man wie mei in brede kulturele belangstelling dy't him ek útstrekte ta muzyk en literatuer, wie Hannema eins allinne ynteressearre yn byldzjende keunst.

Mei ien oant dan ta ûnbekende ynset knope hy kontakten oan mei begoedige Rotterdammers. Benammen by havenbaronnen wist Hannema in protte foarinoar te krijen. Troch syn ynspanning kaam de keunstkolleksje fan Adriaan Jacob Nieuwenhuis yn 1923 nei Boijmans.

It ûnfeilbere each

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei bekende keunstkenners as Bredius, Vogelsang en Bremmer hearde Hannema by de groep fan wat Vogelsang neamde de "ûntfanklikken", in groep fan keunsteksperts dy’t har net liede lieten troch wittenskiplike kennis, mar troch it "yntuïtive sjen" mei it "ûnfeilbere each" (Max Pam).

Beoardieling fan keunstwurken wie by harren mear basearre op in gefoel foar kwaliteit en skientme as op in krityske analyze, in wittenskiplik fundearre, skerp formulearre argumintaasje Dêrmei krige Hannema yn de rûnten fan fermogenden in posysje fan adviseur, sûnder waans oardiel gjin inkeld keunstwurk oanskaft waard. Dit jilde benammen foar de tige begoede Daniël George van Beuningen en foar Willem van der Vorm, respektyflik direkteur / mei-eigener fan de Steenkolen Handels Vereeniging Rotterdam en de Holland-Amerika Lijn.

Keunsthannelers as Jacques Goudstikker yn Amsterdam tipten Hannema as him in bysûnder keunstwurk op'e merk oantsjinne. Hannema joech dêrnei al of net in posityf advys. Dêrnei namen de keunsthannelers pas kontakt op mei de potinsjele keapers. Op dizze wize kamen foar de Twadde Wrâldkriich wichtige wurken yn it besit fan begoedige Rotterdammers, lykas stikken fan Jan van Eyck, Jeroen Bosch en Johannes Vermeer. Van Beuningen en Van der Vorm stiene dêrnei in soad wurken yn brûklien ôf oan it museum Boijmans. Nei de kriich waard sels it hiele besit fan Van Beuningen oan it museum Boijmans fermakke wêrnei't it museum fan 1958 ôf it Museum Boijmans Van Beuningen hjitte soe.

It nije museum yn Rotterdam Dijkzicht

Troch alle oankeapen skinkingen, brûklienen en legaten ein jierren tweintich, begjin jierren tritich, waard it âlde Schielandhûs te lyts. Yn de earste helte fan de jierren tritich ûntwerpten en bouden arsjitekt Ad van der Steur en Hannema in nij museum yn in foar dy tiid moderne saaklike styl.

It gebou waard iepene yn 1935 mei in grutte tentoanstelling, wijd oan de keunstner dêr't Hannema in spesjale foarkar foar hie, Johannes Vermeer. Dizze útstalling en de folgjende oer Jeroen Bosch en de Noard-Brabânske primitiven lutsen foar dy tiid grutte oantallen besikers en ynternasjonale oandacht. Hannema waard yn 1939 foar syn fertsjinsten beleanne mei in earedoktoraat fan de Ryksuniversiteit yn Utert.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Twadde Wrâldkriich útbruts, bleau Hannema op syn post, krekt as hast alle oare museumdirekteuren. Syn earste soarch wie it feilich ûnder dak bringen fan syn keunstkolleksje op bomfrije skûlplakken yn ôfhandige oarden, dêr't er al yn 1939 mei begûn wie. Yn'e besetting kaam er ta in kommisje dy't him bûgde oer it keunstbesit fan it keninklik hûs. Hy wist dêrmei foar te kommen dat keunstskatten út it keninklik besit nei Dútslân ferhuzen of dat paleizen in oare bestimming as museum krigen.

Yn syn eigen museum organisearre er oanhâldend lytsere tentoanstellingen mei wurkjen fan lokale keunstners, net allinnich om harren yn drege tiden wurk en ôfsetmooglikheden te jaan, mar benammen ek om foar te kommen dat it nije museumkompleks troch de Wehrmacht ynnaam waard as kazerne of sikehûs.

Hannema droech syn foarkar foar de troch de Dútsers propagearre Nije Oarder iepenlik út yn wurd en skrift. Hy waard lid fan de troch de Dútsers ynstelde "Nederlandsche Kultuurkring", dy't al rap dêrnei omset waard yn de Nederlânske Kultuerried, de organisaasje die de maatskiplike gilden fan keunstners oerkoepele. Ta dizze sammele gilden, byinoar brocht yn de Kultuerkeamer, moasten alle keunstners ferplichte tapast wurde, Joaden wiene fan lidmaatskip útsletten.

De Kultuerkeamer rjochte oan it autoritêre liederskipsbegjinsel, wêrby't de lieder fan in gilde bepale mocht wa't wol en wa't gjin lid wurde koe en hokker belied fierd waard. Hannema skikte him, as oanhinger fan de Nije Oarder, maklik yn dizze begjinsels. Hy waard de heechste adviseur foar musea, diel útmeitsjend fan it troch de Dútsers ynstelde Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten.

Doe’t begjin 1943 Anton Mussert, as lieder fan de iennichste tastiene politike partij, de NSB, de opdracht krige in soarte fan regearing te foarmjen mei "deputearre" foar ûnderskate beliedsterreinen, naam Dirk Hannema de posysje fan deputearre foar it Museumwêzen. Yn’e praktyk die bliken dat de foegen fan dy deputearre tige beheind wiene.

Ynternearring en feroardieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de befrijing wurdt Hannema fuortendaliks as kollaborateur oppakt en acht moanne finzen set yn Hoek fan Hollân. Yn it ramt fan de Bysûndere Rjochtspleging fierde Hannema yn 1947 yn syn proses ta ferdigening oan dat er de funksje fan deputearre oannommen hie om it ferdwinen fan de Nederlânske keunstskatten tefoaren te kommen. Yndied kin fêststeld wurde dat der amper keunstskatten út Nederlânske musea nei Dútslân ferdwûn binne. Ek, sa ferdigene er him, hie er fan syn funksje as deputearre gebrûk makke om de tewurkstelling fan keunstners yn Dútslân foar te kommen. Ek soe er foar in meardere Joadske keunstners yn de bres sprongen wêze.

Troch it Tribunaal fan Rotterdam waard fêststeld dat Hannema tsjin de belangen fan it Nederlânske folk hannele hie. Troch it Tribunaal fan Rotterdam waard fêststeld dat Hannema tsjin de belangen fan it Nederlânske folk hannele hie. Dochs krige er nei acht moannen foarriedige detinsje gjin fierdere straf mear oplein. De Nederlânske museumwrâld trune derop oan dat Hannema gjin direkteur mear wurde soe fan Boijmans of hokker museum dan ek. Hy kearde dan ek net werom as museumdirekteur.

De affêre van Meegeren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Emmaüsgangers (Han van Meegeren)

Njonken dizze bekritisearre rol trof Hannema ek oare krityk. Sa hie er as adviseur meiwurke oan de ferkeap fan in tal keunstwurken oan de Dútsers út de troch Van Beuningen ferwurven Koenigskolleksje. Mei dy opbringst koe Van Beuningen in skilderij fan Van Eyck keapje. As rjochtfeardiging dêrfoar fierde Hannema oan dat dit wichtige wurk oars grif yn Dútske hannen fallen wêze soe. D.G. van Beuningen, dy't sels aktyf by dizze fer- en oankeap belutsen wie, hat dizze lêzing nei de kriich befêstige.

Ek de "affêre Van Meegeren" brocht it oansjen fan Hannema as keunstkenner definityf skea ta. Han van Meegeren wie in keunstskilder dy't deryn slagge om yn de trant fan bekende 17e-iuwske skilders as Vermeer, Frans Hals en Pieter de Hooch skilderijen te meitsjen en se mei harren namme te sinjearjen. Dy skilderijen liken, mei troch in yngenieus tapast ferâlderingsproses, sadanich op it wurk fan de neamde skilders dat ferneamde keunstkenners as Bredius en Hannema, dy't ôfgiene op harren yntuysje yn stee fan de wittenskip, se foar echt oanseagen. Hannema bejubele de echtheid fan de "De Emmaüsgangers", dat troch Vermeer skildere wêze soe. Hy beweegde koalehanneler Willem van der Vorm derta om dit skilderij foar 540.000 gûne te keapjen en oan it museum yn brûklien te jaan. Dêrnei folgen noch fjouwer skilderijen, ek saneamd fan Vermeer, dy't op advys fan Hannema foar in protte jild nei Nederlânske eigeners en musea giene. Ek Hermann Göring en syn saakkundigen trapen yn de fal fan van Meegeren en tochten yn de kriich in Vermeer kocht te hawwen.

Le Moulin de blute-fin (Vincent van Gogh)

Doe't nei de kriich Van Meegeren arrestearre waard op fertinking keunstskatten oan de Dútsers ferkocht te hawwen, bekende hy de ferfalskingen. Hjirnei waard er feroardiele, net foar kollaboraasje, mar foar ferfalsking. As gefolch dêrfan krige er in sekere publike sympaty as "de man dy't Göring yn it each nommen hie". Al gau nei syn feroardieling kaam van Meegeren yn 1947 te ferstjerren.

Hannema hie as gefolch fan dizze affêre noch mear skea trochdat er him net oertsjûgje liet, nettsjinsteande it wittenskiplike ûndersyk. Benammen "De Emmaüsgangers" wie neffens him in echte Vermeer, nettsjinsteande it grutte poarsje bewiis fan it tsjindiel en nettsjinsteande van Meegerens bekentenis.

Hannema waard as keunstkenner dan ek net langer serieus nommen, hielendal net doe't er yn de jierren sechtich en santich opnij bewearde inkelde skilderijen fan Vermeer ûntdutsen te hawwen. De opiny oer Hannema waard wat bysteld yn 2010, doe't it skilderij "Le Moulin de blute-fin" dat er yn 1975 yn Parys kocht hie foar 6500 franc en werkend hie as in van Gogh, nei wittenskiplik ûndersyk troch it Van Gogh Museum yndied oan van Gogh taskreaun waard.

Dirk Hannema (1963)

As keunstsamler bleau syn betsjutting altyd algemien erkend. Oan de al sammele wurken foege er nei de Twadde Wrâldkriich mei help fan it famyljefermogen noch withoefolle keunstwurken ta. De kolleksje datearret fan de lette midsiuwen oant hjoed en is eklektysk gearstald. It wichtichste kritearium dat er by syn oankeapen hantearre wie "fisuele aardichheid". De keunstwurken waarden ûnderbrocht yn de "Stifting Hannema-de Stuers Fundatie". Mei dizze stifing brocht er de kolleksje ynearsten ûnder yn kastiel Weldam by Goor. Nei syn ferstjêren op 7 july 1984 yn de âldens fan 88 jier, ferhúze de sammeling nei it bûten Nijenhuis by Wijhe dêr't Dirk Hannema sûnt 1958 wenne hie. De kolleksje bestie doe út 4500 keunstwurken. De stifting is ien fan de grûnlizzers fan Museum de Fundatie, wêr ek it bûten Nijenhuis ûnderdiel fan is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: