Springe nei ynhâld

Dirk Fontein de Jong

Ut Wikipedy
Dirk Fontein de Jong

Dirk Fontein de Jong (Ikkerwâld, 14 july 1836 - Moarrewâld, 29 jannewaris 1898) wie boer, lid fan Provinsjale Steaten fan 1871 oant 29 jannewaris 1898 en lid fan Deputearre Steaten fan 8 novimber 1881 oant 29 jannewaris 1898. Yn de krisisperioade fan 1882 - 1895 wie De Jong foarsitter fan de Fryske Mij fan Lânbou.

Dirk Fontein de Jong wie in soan fan de minniste predikant Arnoldus de Jong, dy't fan 1827 - 1854 yn Dantumawâld stie en Anna de Jong-Fontein. Fontein de Jong wie sûkereifabrikant en hie twa drûgerijen yn Dantumawâld en ien yn Moarrewâld. Hy wie liberaal riedslid en lid fan it provinsjaal bestjoer, deputearre en haadbestjoerslid fan de Fryske Maatskippij fan Lânbou.

Op lânboukundich mêd makke er namme; hy wie lid fan de Oarder fan de Nederlânske Liuw en oprjochter fan de 'Onderlinge Dantumadeel'. Dirk Fontein de Jong naam yn 1872 it inisjatyf ta oprjochting fan de Onderlinge Brandwaarborgmaatschappij Dantumadeel.

Hy waard beneamd as sekretaris/boekhâlder, dat er oant 1897 die. Yn 1864 krige hy sitting yn de kommisje, dy't as doel hie om de Jantsjeyn te rjochtsjen. Yn 1878 waard er bestjoerslid fan it Noarder Reidfjild ûnder Broek ûnder Ikkerwâld en wie yn dat jier sekretaris fan de wetterskippen Tusken Lytsen en de Fennen en Hoogfenne ûnder Ikkerwâld, wylst hy sitting krige yn de kommisje, dy't as taak hie it wetterskip De Borken op te rjochtsjen. Fierders wie hy foarsitter fan it bestjoer fan de naai- en breiskoalle yn Broek ûnder Ikkerwâld, dy't yn 1872 oprjochte waard en ponghâlder fan de naai- en breiskoalle yn Moarrewâld.

Yn 1881 waard de sparbank fan 'it Nut' orjochte as fuortsetting fan de sparkassen yn de ferskate doarpen. Dirk Fontein de Jong hie mei Arnoldus Prakken it behear fan de sparbank yn Moarrewâld. Op 29 jannewaris 1898 ferstoar Dirk de Jong hommels, hy waard 61 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: