Springe nei ynhâld

Direct-to-video

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Direkt op fideo)

Direct-to-video (Ingelsk foar "direkt-op-fideo") is in term út 'e filmyndustry dy't dernei ferwiist as in film net yn 'e bioskopen draait, mar dy stap oerslacht en fuortendaliks op fideo útbrocht wurdt. Synonimen binne straight-to-video (mei deselde betsjutting) en direct-to-dvd of straight-to-dvd (om't dvd in foarm fan fideo is).

Filmstudio's kinne ferskate redens hawwe om in film net yn 'e bioskopen út te bringen. Sa kin der in te lyts budget wêze om in marketingkampanje te beteljen dy't it publyk nei de bioskoop bringe moat; sûnder sa'n kampanje hat men wol de kosten fan bioskoopfertoanings, mar net de baten. Ek kin it wêze dat ornearre wurdt dat de film gewoan net fan in goed genôge kwaliteit is om yn 'e bioskopen te draaien, dat der yn 't foar al in soad negative resinsjes komme, of dat de film op in oare wize kontroversjeel (wurden) is. Oare redens kinne wêze dat der gjin stipe is fan in grut tillefyzjenetwurk (benammen wichtich yn 'e Feriene Steaten), dat de film inkeld ynteressant is foar in lyts part fan it filmpublyk, of dat der gewoan hielendal gjin belangstelling foar bestiet. Dêrby moat ek yn 'e rekken holden wurde dat filmstudio's mar in beheind tal bioskoopreleases yn 't jier fersoargje kinne, en dat se dêr de meast ûnthjittende films foar útsykje.

Direct-to-video-films binne faak kwalitatyf minne ferfolgen of prequels fan grutte bioskoopfilms. Sadwaande wurdt der oer soksoarte films faak wat delbûgend praten. Mar direct-to-video-films foarmje ek in winstjaande merk foar lytsere filmstudio's en makkers fan ûnôfhinklike films. It is net ûngewoan dat in direct-to-video-film, benammen as der in bekende filmstjer oan meiwurke hat, wrâldwiid in opbringst generearret fan mear as $50 miljoen.

In bekend type film dat men faak direct-to-video útbringt, wurdt foarme troch ferfolgen op ferneamde tekenfilms. Foarbylden binne The Lion King II: Simba's Pride en The Lion King III: Hakuna Matata, de ferfolgen op The Lion King, en The Return of Jafar en Aladdin and the King of Thieves, de ferfolgen op Aladdin. In oar soarte film dat fan 'e 1980-er jierren ôf hiel faak as direct-to-video útbrocht wurdt, wurdt foarme troch pornofilms (hoewol't dy fan 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren ek wol fia betelwebsiden op it ynternet ferspraat wurde). Pornofilms waarden yn it Gouden Tiidrek fan de Pornografy, yn 'e 1970-er jierren, oer it algemien as bioskoopfilms publisearre, mar oan 'e ein fan dat desennium, doe't de fideotechnology yntrodusearre waard, begûn dat te feroarjen. Direct-to-video is ideaal foar pornofilms om't it publyk sokke films dochs leaver yn 'e privacy fan it eigen hûs besjocht, wylst it tagelyk de filmmakkers by steat stelt om mei ekstreem lege budgetten te wurkjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.