Dina (bibelsk persoan)

Ut Wikipedy
Dina wurdt skaakt (James Tissot)

Dina (Hebriuwsk: דִּינָה) wie yn it Alde Testamint in dochter fan Jakob en syn earste frou Léa.

It bibelsk ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't har folk de tinten opslein hiene by de stêd Sichem, gyng Dina, de dochter fan Jakob en Léa, ris nei de stêd om dêr oare fammen te moetsjen. Sichem, in soan fan de foarst Hemor, seach Dina, naam har mei en sliepte mei har. Sichem mocht Dina graach lije en de twa koene it neffens it bibelferhaal goed meiïnoar fine. Op fersyk fan Sichem gyngen Hemor en Sichem nei Jakob om mei him te praten oer in houlik en hy stelde út dat de twa folken famyljebannen meiïnoar oangyngen, sa't it lân ek mei Jakob's folk dield wurde koe.

Simeön en Levy nimme wraak op Hemor en Sichem.

Sichem hie der alles foar oer om Dina as frou te krijen, hoe heech de breidskat ek wêze mocht. Mar de soannen fan Jakob wiene poer fanwegen de ûntearing fan Dina en hja hiene hiele oare plannen. Hja seine tsjin Sichem en Hemor dat it net mooglik wie harren suster te jaan, om't Sichem net besnien wie oan. Soks koe allinnich as alle Chiwwityske manlju harren ek besnije litte soene. En ek dat wie Sichem goed, want hy wie sljocht mei Dina. Sichem en syn heit gyngen werom en lieten doe alle manlju fan de stêd by de poarte komme en hja leine út ûnder hokker betingst beide folken ta ien folk wurde koene en hokker foardielen dat meibrocht.

It wraaksuchtige plan fan Jakob's soannen slagge en alle manlike ynwenners fan de stêd lieten harren besnije. Op de dei dat de koarts troch it besnijen it fûlst wie, teagen Simeön en Levy, de folle broers fan Dina, mei harren swurd de stêd yn. Dêr deaden hja alle manlju en ek Hemor en syn soan Sichem waarden fermoarde, wylst hja Dina út Sichem's hûs hellen. De hiele stêd waard plondere en hja roofden alles wat los en fêst wie, sels de froulju en de bern waarden meinommen.

Jakob wie djip ûngelokkich doe't hy hearde wat syn soannen útheefd hiene: Jimme ha my by de Kanaäniten en de Perizziten op in minne namme brocht en as hja harren ferienigje en my oanfalle, dan kin ik myn folk net mear ferdigenje. Dêrnei briek Jakob de tinten op om nei Bet-El te tsjen.[1]

Op syn stjerbêd ferflokte hy Simeön en Levy om wat hja dien hiene: Wat hja beprate, wol ik neat fan witte. Yn har gearkomste sil myn persoan net behelle wurde, want yn har grime ha se manlju deaslein... Flok oer har grime, want dy is fûleindich, oer har grimmitichheid, want dy is wreed. Ik sil har ûnder Jakob ferdiele, ûnder Israel har ferstruie...[2]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genesis 34
  2. Genesis 49