Dimash Qudaibergen
Dimash Qudaibergen | ||
![]() | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Dinmuchammed Qanatuly Qudajbergen | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 24 maaie 1994 | |
berteplak | Aqtöbe | |
wurkpaad | ||
sjenre | popmuzyk, opera, klassyk, folksmuzyk | |
jierren aktyf | 2010- | |
offisjele webside | ||
en.dimashnews.com |
Dinmuchammed Qanatuly Qudajbergen (Kazachsk: Дінмұхаммед Қанатұлы Құдайберген, Aqtöbe, 24 maaie 1994), ek bekend ûnder de namme Dimash Qudaibergen (Russysk: Димаш Кудайберген; transliterearre: Dimasj Kûdaibergen) of Dimash, is in sjonger út Kazachstan. Syn stim kin yn totaal sân oktaven en in heale toan helje.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dimasj Qudajbergen waard op 24 maaie 1994 yn Aqtöbe yn it westen fan Kazachstan berne. Syn heit en mem Qanat Ajtbajev en Svetlana Ajtbajeva binne alletwa sjonger fan berop. Hy waard by syn pake en beppe grutbrocht en adoptearre ek syn pake's foarnamme as efternamme. Yn syn jongerein besocht er de muzykskoalle, dêr't er piano en dombra spyljen learde. Ek die er oan ferskillende sjongwedstriden yn binnen- en bûtenlân mei.
Yn 2015 mocht Qudajbergen Kazachstan fertsjintwurdigje op in festival foar jong talint as ûnderdiel fan 'e Slavjanski Bazaar yn Vitebsk en waard dêr yn 'e skiednis fan 'e kompetysje de earste winner út Kazachstan. By de slutingsseremoanje mocht er it Kazachske liet "Daididau" sjonge. Syn winst op it festival brocht him mear bekendheid yn Kazachstan en dêrfandinne mocht er syn heitelân op it ABU TV Song Festival 2015 fertsjintwurdigje, dêr't er op 'e nij "Daididau" sjonge mocht.
Sina
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2017 waard Dimasj Qudajbergen útnoege om mei te dwaan oan it Sineeske programma Singer 2017 dat troch Hunan TV organisearre wurdt. Hy wist de earste ronde te winnen mei optredens fan SOS d'un terrien en détresse en Opera 2 fan 'e Oekraynske sjonger Vitas. Dêrmei krige er ynternasjonale bekendheid en syn bydragen op Youtube waarden miljoenen kear besocht. Hy einige lang om let as twadde yn it programma, efter Sandy Lam út Hongkong. By de Top Chinese Music Awards 2017 wûn Qudajbergen yn 'e kategory Populêrste Aziatyske Sjonger.
Dimasj Qudajbergen joech op 27 juny 2017 syn earste solofoarstelling yn 'e Astana Arena. De foarstelling foar in publyk fan 30.000 minsken duorre likernôch fjouwer oeren en Loreen, Sophie Ellis-Bextor, Kristina Orbakaite en Terry Lin wiene de support-acts op it konsert.
Ruslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch syn grutte sukses yn Sina frege de Slavjanski Bazaar him foar it jubileumfestival, dêr't er "Adagio" fan Lara Fabian song. It earste televyzje-optreden yn Ruslân fûn noch itselde jier plak doe't er optrede mocht op it New Wave festival. Dêr kaam er yn kontakt mei de komponist en pianist Igor Krûtoj, ien fan 'e oprjochters fan it festival, dy't syn Russyske mentor waard. Troch Krûtoj krige Qudajbergen mear optredens by de Russyske televyzje en dy skreau ek in pear nûmers foar him. Ien dêrfan, Ljûbov ustavsjich lebedej, waard útroppen ta ien fan 'e bêste lieten fan 2018 by it televyzjeprogramma Pesnja goda. Ek fersoarge Qudajbergen ferskillende kearen gastoptreden by bûtenlânske konserten fan Krûtoj.
Yn 2019 wûn Qudajbergen twa prizen op it Russyske Nasjonale Muzykprizen Viktoria foar de kategoriën Untdekking fan it jier en Bêste klassike sjonger.
Feriene Steaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Qudajbergen waard yn 2019 bekend yn 'e Feriene Steaten mei it televyzjeprogramma World's Best. Hy wie dêr ien fan 'e favoriten foar it earste plak, mar Qudajbergen naam it beslút om yn 'e heale finale út it programma te stappen om 't er twa oare heale finalisten, dy't noch bern wiene, it poadium jaan woe. Dat feroarsake argewaasje by de sjury, benammen by RuPaulo, dy't it respektleas neamde.
Talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Qudajbergen hat al yn in soad talen songen. Hy sprekt lykwols sels twa talen: Kazachsk en Russysk. Dêrnjonken leart er yn syn frije tiid Sineesk en Ingelsk.
Oar wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Qudajbergen wurke as model foar ferskillende moadelabels en foar lifestyle- en moadetydskriften. Hy stie op 'e covers fan Men's Health, Southern Metropolis, Starbox, Easy, L’Officiel Hommes, Ivyplume, Chic, Chic Teen en Elle. Ek wie hy yn fotosearjes fan oare tydskriften te sjen lykas Elle Shop en Cosmopolitan.
Dimash hat ek yn ferskillende Sineeske en Russyske televyzjeproduksjes as akteur spile.
![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dimash Qudaibergen fan Wikimedia Commons. |