Springe nei ynhâld

Dieuwertje Blok

Ut Wikipedy
Dieuwertje Blok
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Dieuwertje Blok (2001)
Dieuwertje Blok (2001)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeDieuwer Sarah Blok
nasjonaliteit Nederlânsk
berne8 augustus 1957
berteplakNederhorst den Berg
stoarn2 maart 2025
stjerplakAerdenhout
etnisiteit Nederlânsk
Joadsk
wurkpaad
wurksum asOmropster, presintatrise,
Aktrise
mediumTelefyzje
wurksum byNTR,
KRO
bekend fanSinterklaassjoernaal,
SchoolTV
jierren aktyf1978-2025

Dieuwer Sarah (Dieuwertje) Blok (Nederhorst den Berg, 8 augustus 1957 - Aerdenhout, 2 maart 2025) wie in Nederlânske presintatrise en aktrise. Hja wie oan har memmekant fan Joadsk komôf.

Dieuwertje wie in dochter fan histoarikus Dick Blok, en beppesizzer fan keunstneres Stella Fontaine (skûlnamme fan Saartje Gazan-Canes). Se hie twa susters: jazzsjongeres Francine Blok en radio- en telefyzjemakster Tessel Blok. Har heit wie in skoft wethâlder foar de PvdA yn Nederhorst den Berg.

Nei har mavodiploma helle te hawwen, ferfolge se de middelbere skoalle op de havo.

Nei't se earst in jier by platemaatskippij "VIP Records" wurke hie, waard se fotoredakteur op de fotoredaksje fan it KRO-programmablêd "TV Studio". Yn 1980 waard se omropster foar de KRO. Se presintearre "Sport op Maandag" en "KRO's Middageditie". Nei in iepenhertich artikel yn "Vrij Nederland", dêr't se yn oer harsels skreau en ferklearre ateïst te wêzen, stapte se yn 1985 oer nei de VARA. Dêr presintearre se "Filmnieuws" en "Zomertijd". Yn 1989 naam Blok tegearre mei Bas Westerweel de presintaasje fan it "SchoolTV Weekjournaal" op har. Datselde jier stapte Blok oer nei de kommersjele omrop RTL-Véronique (eardere namme fan RTL 4). Se presintearre dêr "De 5 Uur Show", De "Prime Time Show" en har eigen talkshow "Dieuwertje". Doe't har talkshow yn 1990 abrupt fan it skerm helle waard, spande se in rjochtsaak oan tsjin RTL 4.

Yn 1994 kearde Blok werom by de KRO, dêr't se oant yn 2001 "Ontbijt TV" presintearre en in searje KRO-programma's makke ûnder de titel "Er is meer tussen Hemel en Aarde". Dieuwertje Blok boaske yn 2000 mei radio- en telefyzjepresintator Peter de Bie. Ut in earder houlik hie sy in soan en in dochter. Se presintearre fan 2001 oant en mei 2023 it "Sinterklaasjournaal", en sûnt 2002 presintearre se ek de lanlike yntocht fan Sinteklaas.

Yn 2024 waard by har hûdkanker op har noas konstatearre, har noas fanwegen dizze sykte amputearre wurde, wêrtroch't se har wurk foarearst dellizze moast. Ein jannewaris waard lykwols dúdlik dat dizze sykte ûngenêslik wie. Se naam dêrop definityf ôfskied fan har radio- en telefyzjewurk.
Dieuwertje Blok ferstoar op 2 maart 2025, yn 'e âldens fan 67 jier, oan de gefolgen fan hûdkanker.

Yn septimber 2022 makke Blok har skriuwersdebút mei it boek Dragelijke lichtheid, dat in ûntdekkingstocht nei it ferline fan har mem Hendrina "Henny" Gazan en har tiidgenoaten is.

Op 3 desimber 2024 waard Blok beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. By de útrikking waard de ferbinende krêft fan Blok priizge.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL