Diet Huberpriis
De Diet Huberpriis is in priis foar de bêste Fryske yllustrator. De priis is neamd nei de (berneboeke)skriuwster en yllustrator Diet Huber (1924-2008), bekend fan ûnder oare de faak werprinte Tutte mei de linten (1955). De priis waard yn 2022 foar it earst útrikt.[1]
De Diet Huberpriis wurdt takend oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm útjûn Frysk berneboek. It giet om yllustraasjes fan boeken foar bern oant en mei 12 jier dy't yn de trije jier foarôfgeand oan de priisútrikking útjûn binne. De earste trije sjueryleden wiene assistint-konservator fan Museum Belvédère Susan van den Berg, byldzjende keunstekspert Margaretha Cats en berne- en jeugdboekeskriuwer Dolf Verroen.
De priis, besteande út in bedrach fan € 2000 en in sertifikaat, wurdt ien kear yn de trije jier útrikt en is makke troch Stichting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dat dêrfoar in anonime donaasje krige.
De earste winner wie Mirjam van Houten foar ’’By beppe útfanhûs’’. De sjuery neamde de yllustraasjes net allinne moai fan foarm en kleur, mar lieten mear sjen as de tekst. ‘’It boek is krekt sa’t Diet Huber it sels ek ha woe: ûnferfangber en autentyk, unyk.’’[2]
Priiswinners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2022 – Mirjam van Houten
- By beppe útfanhûs
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|