Springe nei ynhâld

Die Aufzeichnungen des Malte Laurids Brigge

Ut Wikipedy

Die Aufzeichnungen des Malte Laurids Brigge is de titel fan in roman yn deiboekfoarm fan Rainer Maria Rilke, útjûn yn 1910. De roman, dêr't Rilke yn 1904 yn Rome mei begûn, reflektearret ûnder oare de earste yndrukken fan 'e auteur fan in ferbliuw yn Parys yn 1902/03. It wurk, dat tusken 1908 en 1910 yn Parys dien makke waard, waard yn 1910 publisearre en bleau Rilke syn ienige roman.

It boek is semi-autobiografysk en is skreaun yn in ekspresjonistyske styl, mei eksistinsjalistyske tema's. It konsept ûnstie en waard skreaun wylst Rilke yn Parys wenne, benammen ynspirearre troch Sigbjørn Obstfelder syn En Præsts Dagbog ('In pryster syn deiboek') en Jens Peter Jacobsen syn Niels Lyhne.

It boek waard opnommen yn 'e ZEIT-bibleteek fan 100 boeken en ek yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]