Tongaanske toskdo
| Tongaanske toskdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Didunculus placopedetes | ||||||||||||
| Steadman, 2006 | ||||||||||||
| status: | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Tongaanske toskdo (wittenskiplike namme: Didunculus placopedetes) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e do-eftigen (Columbiformes), de famylje fan 'e dofûgels (Columbidae) en it skaai fan 'e toskdowen (Didunculus). Dit bist wie endemysk op 'e súdlike eilannen fan Tonga, yn 'e Stille Súdsee, mar stoar yn 'e prehistoarje út.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tongaanske toskdo waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 2006 troch de Amerikaanske paleöntolooch David Steadman, op basis fan subfossilen dy't opdobbe wiene by argeologyske opgravings yn Tonga. De fûgel waard yn it skaai fan 'e toskdowen (Didunculus) pleatst. De iennichste neie sibbe is, ynsafier bekend, de krityk bedrige toskdo (Didunculus strigirostris), dy't foarkomt yn Samoä.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tongaanske tosdo wie in stânfûgel, dy't endemysk wie op 'e súdlike eilannen fan Tonga, yn 'e Stille Súdsee. It gie dêrby spesifyk om 'e eilannen Tongatapu, Lifuka, Ha‘ano, ‘Uiha en Ha‘afeva.

Uterlike skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tongaarske toskdo moat der fierhinne itselde útsjoen hawwe as syn libbene sibbe, de toskdo (Didunculus strigirostris), mar in slachje grutter. Hy hie in totale lichemslingte fan 31–38 sm en in gewicht fan likernôch 400 g. De sturt wie koart en de snaffel bûgde licht nei ûnderen ta.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tinken is dat de Tongaanske toskdo fierhinne op 'e grûn libbe. It wie in herbivoar mei in menu dat foar it meastepart bestie út 'e fruchten fan 'e Tahitysumak (Rhus taitensis). Dêrnjonken friet er ek sieden fan 'e Samoäkreefteklau (Heliconia laufao), muskaatnuten fan muskaatbeammen (Myristica), knollen fan yamplanten (Dioscorea) en beien fan ferskate plantesoarten. De wichtichste natuerlike fijân fan 'e Tongaanske toskdo wie nei alle gedachten de Australyske goudûle (T. j. delicatula), in ûndersoarte fan 'e eastlike goudûle (Tyto javanica).
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tongaanske toskdo ferdwûn in ûnbeskaat skoft neidat Tonga om 1200 f.Kr. hinne yn it ramt fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren foar it earst kolonisearre wie troch de minske. It tinken is dat it útstjerren te witen wie oan oerbejaging, habitatferlies en de ynfloed fan 'e troch de minske op 'e eilannen yntrodusearre eksoaten, lykas de Polynezyske rôt (Rattus exulans).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
