Dick Ket
| Dick Ket | ||
| Selsportret, 1925 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 10 oktober 1902 | |
| berteplak | De Helder | |
| stoarn | 15 septimber 1940 | |
| stjerplak | Bennekom | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | keunstskilder | |
| streaming | ympresjonisme, magysk realisme | |
| offisjele webside | ||
| RKD-profyl | ||

Dirk Hendrik (Dick) Ket (1902-1940) wie in Nederlânske keunstskilder [1] bekend om syn stillibbens en selsportretten.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dick Ket waard yn 1902 berne yn De Helder, mar fanwegen it wurk fan syn heit - in militêr apotekersassistint - feroare de famylje Ket in tal kearen fan wenplak.
Yn De Haach begûn Ket oan de middelbere skoalle (HBS), mar hy studearre ôf yn Hoarn yn 1921. Wylst er yn Ede wenne, folge er keunstlessen oan de tekenskoalle Kunstoefening yn Arnhim. Syn klasgenoat en freon wie Johan Mekkink.[2]
Yn it earstoan skildere Ket lânskippen en stillibbens yn in ympresjonistyske styl, mei brede kwaststreken en in paletmes. Om 1930 hinne, wylst er by syn âlden wenne yn it hûs dat er sels ûntwurpen hie yn Bennekom, hie er krijen mei ôfnimmende sûnens. Yn dy snuorje at er syn styl feroare, fan ympressionistysk nei in mear magysk-realistyske styl. Sels omskreau er syn styl as 'nij realistysk'.
Ket skildere elk foarwerp tige sekuer. Hoewol't er nea in kubist west hat, hie er wol in beskate ynteresse en foarkar foar it kubisme. Ket wie soms dagen dwaande mei it skikken fan foarwerpen om ta in goede komposysje te kommen.
Ket foltôge likernôch 140 skilderijen, dêr't fjirtich selsportretten by wiene. As gefolch fan syn technyske eksperiminten mei ferskillende gearstallings en additiven foar it glêzuermedium binne guon fan syn skilderijen nei seis desennia noch hieltyd net folslein drûch. Yn syn selsportretten binne de progressive symptomen fan syn lichaamlike efterútgong dúdlik sichtber.
Musea dy't wurken fan Dick Ket yn harren kolleksje hawwe, binne ûnder oare it Ryksmuseum Amsterdam, it Museum Arnhem en it Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam.
Sykte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Syn libbensfyzje falt ôf te lieden út syn brieven, dy't tusken 1930 en syn dea (hertstilstân) yn 1940 syn iennichste kontakt mei de bûtenwrâld foarmen. Troch sykte wie Ket oan hûs bûn. Sa't bliken docht út syn skilderijen hie er syanoaze en tromstokfingers. In dokter konstatearre nei syn berte dekstrokardy en ek in gebrek oan in hertklep. [3] Hy wie gauris benaud, hie beklemming op it boarst, [3] en tanimmende wurgens. Ek hie er ferskate fobyen, as klaustrofoby, strjitte-eangst en frjemdlinge-eangst. Dat isolearre bestean is ek de reden dat guon foarwerpen faak foarkomme yn syn stillibbens, lykas in wyt komke, geraniums, in houten hynderke en reklameposters. Dy foarwerpen wiene foarhannen yn syn âldershûs.
Ket ferstoar hommels yn de âldens fan 37 jier.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stillibben mei boeken (1925)
- Stillibben mei fioele (1932)
- Stillibben mei broadsjes (1935)
- Stillibben mei aaien (1935)
- Portret fan Nel Schilt
- Selsportret (1932)
- Dûbelportret mei heit (1939)
Tiidline
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- P. M. J. Jacobs: Beeldend Nederland : biografisch handboek : Tilburch : Stichting Studiecentrum voor beeldende kunst, 1993 : Bd. 1, s. 599.
- P. M. J. Jacobs: Beeldend Nederland : biografisch handboek : Tilburch : Stichting Studiecentrum voor beeldende kunst, 2000 : Bd. 3, s. 409–410.
- Pieter A. Scheen: Lexicon Nederlandse beeldende kunstenaars, 1969–1970, Bd. 1, S. 592.
- J. Brand, K. Broos [red.], Magisch Realisten en tijdgenoten in de verzameling van het Gemeentemuseum Arnhem, Swolle/Arnhim 1992, s. 112–135.
- C.Blotkamp, Y.Koopmans [e.a.], Magie en Zakelijkheid – realistische schilderkunst in Nederland 1925–1945, Swolle/Arnhim, s. 185–191.
- A. Ottevanger, Dick Ket over zijn leven, ideeën en kunst, Swolle 1994.
- A. Ottevanger, Wat je gaat geven (...), is duidelijk een verrijking naar alle kanten, Jong Holland (2002) 3, s. 24–27.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dick Ket fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
